De Ried fan de Fryske Beweging (RfdFB) is in belange-organisaasje foar minsken dy't wiis binne mei Fryslân en har ynsette wolle foar mear romte foar it Frysk en de Fryske kultuer.
De Ried is in ûnôfhinklike frijwilligersorganisaasje. De Ried fan de Fryske Beweging is in stifting, dêr't in tal organisaasjes en goed 500 stipers (donateurs) by oansletten binne.
De stifting Ried fan de Fryske Beweging is oprjochte yn 1945 mei as doel om as Fryske bewegers nei it regear en de legere oerheden ta mei ien mûle te sprekken. Nei de oarloch libbe der in gefoel dat de ûnderskate bewegingsselskippen ('It Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse', It Kristlik Frysk Selskip, it Roomsk Frysk Boun en it Frysk Boun om Utens) har krêften bondelje moasten troch mei-inoar ûnder ien koepel gear te wurkjen en sa nei bûten ta mei ien mûle te sprekken. Ien fan de kearndoelen wie/is om de Fryske taal steviger wetlik te ferankerjen. It Nederlânske regear hie oant dy tiid foar it Frysk amper wat juridysk regele. De konstruksje fan in ried joech oan minsken de mooglikheid om har yndirekt, fia selskippen, of direkt te organisearjen. Njonken de oansletten selskippen koene minsken ek direkt stiper wurde fan de Ried. Ut de stipers koene bestjoersleden keazen wurde dy’t mei de fertsjintwurdigers fan de selskippen it riedsbestjoer foarmje. De lêste jierren is it tal oansletten selskippen útwreide sadat ûndersteande selskippen yn de Ried fertsjintwurdige binne.
De fertsjintwurdige selskippen binne:
Fierder hat de Ried inkele hûnderten stipers.
Yn de earste 50 jier lei de klam op it regeljen fan de formele rjochten fan it Frysk. In pear fan de rjochten dy't troch it krewearjen fan de Ried no op papier steane, binne:
Healwei de jierren 90 begûn de Ried him mear ta te lizzen op it befoarderjen fan it brûken fan it Frysk yn ynformele fermiddens. Dat stribjen is werom te finen yn tal fan projekten fan de Ried:
Aktuele Projekten
Eardere projekten fan de Ried
De hjoeddeiske Ried is te ferlykjen mei in konsuminte-organisaasje foar de Fryske taal en kultuer. Hy spant him yn foar minsken dy’t wat mear wolle mei it Frysk. De Ried ûnderhâldt kontakten mei oerheden, offisjele ynstânsjes, bedriuwen, ferienings en partikulieren. Alhoewol’t der yn de measte gefallen fan it krewearjen fan de Ried net altyd wat yn de krante werom te finen is, binne de measten it der wol oer iens dat de status fan it Frysk de lêste desennia heger wurden is.
De Ried spant him yn foar it Frysk, om't de leden en stipers leauwe dat in minderheidstaal him it bêste ferlykje lit mei in bedrige diersoarte. Wol sa’n bist oerlibje, dan moat him safolle romte jûn wurde dat er himsels fuortplantsje (of: ûntjaan) kin. Sa kin in minderheidstaal allinnich oerlibje as er njonken thús ek yn oare fermiddens brûkt wurdt, omdat er allinnich op dy wize nijsgjirrich (en nuttich) genôch is om leard te wurden.
De Ried wol de minsken – troch har bewust te meitsjen fan de wearde en rykdom fan har taal – bringe ta it mear regulier brûken dêrfan yn alderhanne situaasjes. In doel is dat de gewoane man oan it Frysk moat. De RfdFB wurket gear mei Tûmba. Tûmba is in organisaasje dy’t diskriminaasje tsjingiet. Op de hiemside fan de Ried stiet in antydiskriminaasjeformulier. Dat kin ynfolle wurde om in klacht oan Tûmba troch te jaan. Tûmba hannelet yn gearwurking mei de Ried de klachten ôf).
De Ried hat ferskillende wurkgroepen. Dy hawwe in eigen taak. Wurkgroep Y(nternasjonale)K(kontakte)K(lup): De doelstelling is om ynformaasje út te wikseljen en mei ferlykbere kulturele minderheden yn Europa kontakt te ûnderhâlden, om elkoar te helpen en te stypjen by it opsetten en útfieren fan plannen ta it yn stân hâlden fan de taal en kultuer en it fuortsterkjen fan de materiële betingsten dêrfoar.
Wurkgroep PR: Dizze wurkgroep is dwaande om in freonlik klimaat te skeppen foar de tinkbylden en projekten fan de Ried en fan oare organisaasjes dy't de posysje fan Fryslân en it Frysk fersterkje wolle. Hannelingseftergrûn dêrby is om net al te folle (ûnnedige) wjeraksel op te roppen.
Politike wurkgroep: Doelstelling is mear omtinken foar de Fryske taal en kultuer yn de lanlike en de regionale polityk te berikken. Derneist hâldt de RfdFB in tal eigen websiden/hiemside/thússide by. Dêr wurdt melding op makke fan nijs oer it Frysk of de Fryske kultuer. Ek wurdt op de websiden útlein wêr’t de Ried foar stiet. De Ried is aktyf op Hyves, Facebook, Myspace en Twitter. De Ried besiket troch sokke nije mediums kontakt te krijen mei de jongerein. Omdat de Ried him ynset foar it behâld en de útbou fan de Fryske kultuer wurde ek streektalen lykas it Biltsk en it Stellingwerfsk stipe.
Septimber 2011 is it 60 jier lyn dat kneppelfreed plak fûn. De Ried fan de Fryske Beweging grypt dit oan om sechtich dagen lang feest te fieren. It feest hat de namme fan kneppeljen nei keppeljen. De Ried fan de Fryske beweging wol boppedat de betinking yn in breder mondiaal ramt sette: hoe komt it mei de rykdom oan talen op ’e wrâld. Moatte wy, wrâldboargers, it útstjerren fan de rykdom oan talen gewurde litte, of komme wy yn aksje.
Sjoerd van der Schaaf, Skiednis fan de Fryske Beweging. Ljouwert 1977.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Ried fan de Fryske Beweging, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.