In printerij of drukkerij is in wurkstee foar typografyske wurk, benammen it printsjen mei in drukparse.
Skiednis fan de boekdrukkeunst | |
---|---|
Blokdruk | 200 f.Kr. |
Losse letters | 1040 |
Drukparse | 1453 |
Ets | ± 1515 |
Mezzotint | 1642 |
Akwatint | 1772 |
Litografy | 1796 |
Gromolitografy | 1837 |
Rotaasjeparse | 1843 |
Stinsel | 1869 |
Leadsetten | 1884 |
Mimeograaf | 1886 |
Kopiearapparaat | 1907 |
Seefdruk | 1910 |
Matrizedruk | 1923 |
Kserografy | 1938 |
Fotosetwurk | 1949 |
Inket(snjit)printer | 1951 |
Kleurstofsublimaasjedruk | 1957 |
Matriks(nulle)printer | 1968 |
Laser(ljocht)printer | 1969 |
Termoprinter | ± 1972 |
3D-printer | 1984 |
Digitale printer | 1993 |
Yn in drukkerij kinne ien of mear drukparsen stean, fan in minyparske foar etiketten of besitekaartsjes oant in tsientallen meters lang mearkleure-parse.
Al foar de útfining fan de boekdrukkeunst yn Dútslân wie it fermannichfâldigjen fan yllustraasjes en tekst mei help fan in út hout sniene drukfoarm bekend. Yn de fyftjinde iuw kaam it printsjen fan leaden letters yn swang. It âldste type drukparse is de degelparse. Papier wurdt mei help fan in plaat (degel’) op de inke drukfoarm printe, dêr’t in ôfdruk troch ûntstiet. Yn de rin fan de iuwen is de degel modernisearre. Letter waarden silinderparsen en rotaasjeparsen makke dêr’t de produksjefaasje ûnbidich grutte troch waard.
Yn de tweintichste iuw kaam it offsetprosedee yn swang. Tsjintwurdich komt benammen de digitale printtechnyk op wêrby’t it bestân streekrjocht fan in kompjûter nei in (grutte) printer stjoerd wurdt en sa ôfprinte. Dêrnjonken binne der parsen foar folydruk, djipdruk, seefdruk en tampondruk.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Drukkerij, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.