Martha Van Wichen-Schol

Martha van Wichen-Schol (West-Skylge, 22 maart 1946 – Nederhorst den Berg?, 15 april 2004) wie in Frysk wurdboekgearstaller en dichteresse, dy't ferantwurdlik wie it ta stân kommen fan 'e earste wurdlist fan it Skylgersk (ek wol Westersk neamd), it Fryske dialekt dat sprutsen wurdt op it westlike part fan it Waadeilân Skylge.

Martha van Wichen-Schol
Martha Van Wichen-Schol skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Martha van Wichen-Schol
nasjonaliteit Martha Van Wichen-Schol Nederlânsk
berne 22 maart 1946
berteplak West (Skylge)
stoarn 15 april 2004
stjerplak Nederhorst den Berg? (N.H.)
etnisiteit Martha Van Wichen-Schol Frysk
wurk
taal Skylgersk, Nederlânsk
sjenre poëzij, wurdlist
perioade 2e helte 20e iuw
bekendste
  wurk(en)
Woddenboek fan et Westers
jierren aktyf 1955 – no
offisjele webside
gjint

Skriuwen

Van Wichen-Schol wie hikke en tein yn West, mar wenne al jierren yn Nederhorst den Berg, yn it Goai, doe't se yn 1980 op eigen manneboet in wurdlist fan har memmetaal, it Skylgersk, begûn gear te stallen. Datselde jiers noch stjoerde hja de kladferzje fan 'e letter A nei de Fryske Akademy yn Ljouwert, dêr't men tige bliid wie mei har inisjatyf. Under begelieding fan K.F. van der Veen, fan 'e Akademy, en mei help fan 'e Aasterske taalaktivist Cornelis Roggen, sette Van Wichen-Schol doe har projekt fuort. Dêrby gie se ek geregeldwei te rie by har mem, Geertse Schol-Boem, dy't út klearebare leafhawwerij al jierrenlang typysk Skylgerske wurden en útdrukkings opskreaun hie.

Nei't Van Wichen-Schol yn 1983, sa'n trije en in heal jier nei't se mei it wurk úteinset wie, har wurdlist Nederlânsk-Skylgersk kompleet hie, waard dy op 'e Fryske Akademy troch meiwurkster Alie Kuperus yn 'e kompjûter set. Doe waard mei help fan wurdboekskriuwer Gosse Blom in omdraaide list Skylgersk-Nederlânsk oanmakke en tafoege. Yn 1986 koe it Woddenboek fan et Westers einlings publisearre wurde. Njonken har krewearjen foar in Skylgersk wurdboek wie Van Wichen-Schol ek lang aktyf as dichteresse, wêrby't hja it pseudonym Nienke hantearre.

Wurk

  • 1955 - Jaapke en Tineke (ûnder de skûlnamme Nienke)
  • 1981 – Dir Is Mar Ien Schylge (gedicht, yn: Terschelling... Rijmt en Dicht)
  • 1981 – Fremde Worden (gedicht, yn: Terschelling... Rijmt en Dicht)
  • 1986 – Woddenboek fan et Westers
  • 1989 - Poëtische tocht door Nederhorst den Berg
  • 1998 – Jog Mi Dyn Hân (gedicht, yn: Bûsboekje 1999)

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  • Martha van Wichen-Schol yn it digitaal argyf fan Tresoar.
  • Wichen-Schol, Martha van, Woddenboek fan et Westers, Ljouwert, 1986 (Fryske Akademy), sûnder ISBN.

Tags:

15 april1946200422 maartDichteresseFryske dialektenFryslânNederhorst den BergSkylgeSkylgerskWaadeilannenWest-SkylgeWurdboek

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Lâningte1924De OesdripSimon MarisCarles PuigdemontLeppeltsje-leppeltsjeSrylankaanske pappegaaidoGriiskrúnpappegaaidoHaadsideHûnefangerJulie SkyhighSilkeborg (gemeente)Kommando geanAnneke DoumaGrutte Priis Formule 1 fan Spanje 2007Sint-Agathatsjerke (Aldegea)Grutte Priis Formule 1 fan Jeropa 2000Omgong fan Itaalje 1987MaksintiusJohann Jacob EngelUniversiteit fan OklahomaRosa CaraccioloSjinkie KnegtWalter BenjaminHegere BoargerskoalleEreksjeMáxima ZorreguietaGenèveRay LiottaFrysktalige WikipedyFegetarismeSlowakijeNederlânskIUCNKeatsenSleepautoCarolus LinnaeusGewoane kjifstikelbaarchGrutte BrekkenChe GuevaraTreron florisSoarteVina SkyJoaris mei it BurdPenisAsia (pornografysk aktrise)hoannebiterijHeather LeeList fan hûnerassenPornhubHTMLLúksemboarchskAfrikaRestaurantSaya SongUtert (stêd)DKWKampen (gemeente)GNU/FDLGreveslot DiezBrent EverettRosamund PikeRichard SchuilGralda🡆 More