Akke Radsma

Akke Cornelia Radsma (Stiens, 23 maart 1922 – De Pein, 4 desimber 2008) wie in Fryske toanielspylster en foardraachster.

Hja begûn by it Kritetoaniel ûnder lieding fan Lammert Popma. Akke Cornelia Radsma-Douma waard benammen bekend mei ‘Oer de hage’: in rige satiryske ferhaaltsjes fan Paulus Akkerman dy’t ein sechtiger en begjin santiger jierren op sneontemoarn útstjoerd waarden op de RONO. Hja ferhellet dêryn benammen oer de plattelânsfroulju en oer har man Piter, dy’t der sadwaande kleurd op kaam te stean. Sa gie se mei Piter nei de Sjinees. Piter mislik fan it iten en hja: "Do silst it opite Piter, wy hawwe der grou foar betelle!"
De foardrachten waarden yn 2004 op de dûbel-CD “Oer de Hage” útbrocht. In earder ferskynde LP fan har wie “Op 'e Nij”. Mei har eigen man Jan Radsma die se mei oan de revu fan Roel Oostra. Ek spile se mei yn it kabaret De Spinnekop, en spile yn iepenloftspullen. Boppedat wie se anneks mei it opnij spyljen fan winterjûnenochten.

Akke Radsma hat oant april 1997 op it toaniel stien.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

1922200823 maart4 desimberDe PeinStiensToanielspylster

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Bart Jan SpruytCowgirlhâldingBethany BenzLiteratuerNederlânAcademy of Country Music AwardList fan Nederlânske gemeentenVienna BlackKleanJaylene RioFryslânGrypskerkBasketbalPresidint fan de Feriene SteatenVanessa SkyEastlike fjildmûsAdina JewelJohnny CashSeefdrukBo SinnDútskPausAnale seksSasha Beart19 maartPierre WoodmanSeksuele penetraasjeKrúswurdpuzel1925Rôze leppelbekWelsum (Olst-Wijhe)Edsger Wybe DijkstraRonald ReaganMenno BandstraAleksander PûsjkinUnbemanne fleanmasineNeakenfotografyHelen DuvalCriss StrokesJeropaEnsyklopedyDuomo San RufinoProvinsjes fan NederlânMegan SalinasKatedraal fan UdineIranNaughty America4 maartKatedraal fan TorcelloGrammy AwardToplessKânselierFebrewarisMoanne (tiid)EjakulaasjeNon-profitHantsjemierNoardfryskFrysk Ynternasjonaal KontaktBaskyskWikidataWylpreagerfûgelsMiranda WerkmanHelpHânboekAdolf Hitler🡆 More