Agatha Mary Clarissa Christie, (Torquay (Devon), 15 septimber 1890 - Wallingford (Oxfordshire), 12 jannewaris 1976), wie in Ingelske detektive skriuwster.
Sy skreau ek romans ûnder de namme Mary Westmacott.
Agatha Christie is ien fan de meast wrâldferneamde detektive skriuwster en fan har binne nei William Shakespeare de measte boeken ferkocht. Der binne mear as in miljard Ingelske boeken fan har ferkocht en ek in miljard fan boeken dy't oerset binne yn sa'n 45 oare talen.
Har toanielstik The Mousetrap hâldt it rekôr fan it langst rinnende toanielstik yn Londen. It iepene yn it Ambassadors Theatre op 25 novimber 1952 en yn 2005 rint it noch nei mear as 20.000 foarstellings.
Christie publisearre mear as 80 boeken en toanielstikken. In protte fan dy boeken giene oer fan har bekende speurders, Hercule Poirot of Miss Marple. De measte fan har boeken en koarte ferhalen binne ferfilme, guon hiel wat kearen (Murder on the Orient Express, Death on the Nile, 4.50 from Paddington). De BBC hat tillefyzjesearjes en radioferzjes makke oer de measte fan de Poirot- en Marpleferhalen.
|
|
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Agatha Christie fan Wiki Commons. |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Agatha Christie, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.