Wyt-Ruslân

Wyt-Ruslân of Belarus is in lân yn East-Jeropa.

Рэспубліка Беларусь
Flagge fan Wyt-Ruslân Wapen fan Wyt-Ruslân
Flagge Wapen
Lokaasje fan Wyt-Ruslân
Offisjele taal Wyt-Russysk, Russysk
Haadstêd Minsk
Steatsfoarm Republyk
Presidint Aleksandr Lûkasjenko
Gebiet
% wetter
207.600 km²
0­%
Ynwenners (2018) 9.492.000
Munt Roebel (BYN)
Tiidsône UTC +3
Nasjonale feestdei 3 july
Lânkoade BLR
Ynternet .by
Tillefoan 375

De haadstêd is Minsk en de presidint fan de republyk is sûnt 1994 Aleksandr Lûkasjenko. Sûnt Lûkasjenko yn july 1994 presidint waard, is Wyt-Ruslân hieltyd mear in diktatoriale steat wurden. Wyt-Ruslân wurdt ek wol de lêste diktatuer fan Jeropa neamd. It regear beheint de frijheid fan mieningsutering, parsefrijheid, en de frijheid fan religy.

Geografy

Lizzing

Wyt-Ruslân wurdt begrinzge troch:

Lânskip

Wyt-Ruslân 
Strusta Mar yn de provinsje Fitebsk.

Wyt-Ruslân is in oerwegend flak lân en ûnderdiel fan it East-Jeropeeske Leechlân. It lânskip waard yn de iistiid foarme en karakterisearre troch talrike rivieren, kanalen, marren en wiidweidige foar in part sompige bosken.

Yn it suden lizze de Pripjatsompen, ien fan Jeropa's grutste Fean- en Sompegebieten. De toeristyske trekpleisters fan it lân binne, útsein de haadstêd Minsk, fral de protte oer it hiele lân fersprate marren.

Wyt-Ruslân hat in oerflak fan 207.600 km². It leechste punt leit by rivier de Memel, 90 meter boppe seenivo. It heechste punt leit by de Dzyarzhynskaya Hara, 346 meter boppe seenivo.

Klimaat

It klimaat sit wat tusken in lânklimaat en seeklimaat yn, de winters binne kâld mei mylde simmers.

Skiednis

Nei sân desennia as republyk fan de Sowjetuny wurdt Wyt-Ruslân ûnôfhinklik yn 1991. Nei de ûnôfhinklikens holdt it syn politike en ekonomyske bining mei Ruslân, mear noch as mei oare eardere Sowjet steaten. Wyt-Ruslân en Ruslân tekenen op 8 desimber 1999 in ferdrach mei as doel mear politike en ekonomyske yntegraasje. Hoewol't Wyt-Ruslân in ramtferdrach ratifisearre hat mei as doel it útfieren fan it akkoard, hat ymplemintaasje nea plakfûn.

Demografy

It ynwennertal wurdt yn 2018 op 9.492.000 rûsd. De etnyske gearstalling yn 2009 wie as folget: 83,7% Wyt-Russen, 8,3% Russen, 3,1% Poalen, 1,7% Oekraïniërs en 3,2% hie in oare etnyske komôf. 48,3% fan alle ynwenners hat it Eastersk-Ortodokse leauwen, de oare 10,6% binne Protestânsk, Roomsk, Joadsk of Moslim (2011). De twa grutste talen binne Wyt-Russysk en Russysk.

Ekonomy

BYP per persoan is $18.931 (2017). Gearstalling fan BYP per sektor is 8,3% lânbou, 40,6% yndustry en 51,1 tsjinsten.

Kultuer

Kultuergoed

Under dy monuminten binne 4 dy't op 'e wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO steane: Wâld fan Białowieża, Kastiel Mir, Kastiel Nesvizh en Geodetyske bôge fan Struve.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Wyt-Ruslân GeografyWyt-Ruslân SkiednisWyt-Ruslân DemografyWyt-Ruslân EkonomyWyt-Ruslân KultuerWyt-Ruslân1994Aleksandr LûkasjenkoJeropaMinskReligy

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Kristoffel KolumbusMaría del Carmen CarricartTeksasRhylee RichardsMolekulêre biologyLuna CorazónSaya SongFeankeninginneEnsyklopedyDreves UitterdijkHludaneSuze Boschma-BerkhoutRôze leppelbekDomtsjerke fan MantuaFriezenAldfryskAfrikaanske pappegaaidoLietFrouNasjonaal Park YellowstoneNoardfryskWilliam ShakespeareSint-Frederikustsjerke (Steggerda)FryslânMaltaEdelgasHantsjemierOflûken (seksualiteit)26 febrewarisFerstoarSkrikkeljier fan tongersdei ôfServjeMickey MouseLytse leppelbekSilyAustraalje (lân)Frysk Ynternasjonaal Kontakt1902Album (muzyk)Artefakt (archeology)Hellendoorn (gemeente)Gamal Abdel NasserNederlân2020David GilmourNational Basketball AssociationDomtsjerke fan GrossetoMuzykJenny PoussinGeslachtsmienskipAlgerije20 aprilOlivia del RioAnno GalamaGielCJ MilesDútslânWesterske wrâldVoodoo (pornografysk akteur)Edsger Wybe DijkstraSkiednis fan FryslânNon-profitMinsklike seksuele aktiviteitFingerjenKleurGrut-BrittanjeAngelica BellaBeagle (skip)Tiffany Towers (pornografysk aktrise)🡆 More