Wisława Szymborska, Maria Wisława Anna Szymborska (Bnin (Kórnik), 2 july 1923 – Krakau, 1 febrewaris 2012) wie in Poalske dichteresse.
Sy sette al útein mei dichtsjen doe't hja noch mar fjouwer jier wie. Sy wûn de Nobelpriis foar de Literatuer yn 1996. It wurk fan de 'Mozart fan de poëzy', sa't sy wol neamd is, wurdt skaaimerke troch in leafdefol sjen nei deistige saken. De gedichten fan Szymborska wurdt faak omskreaun as 'boartlik', 'iroanysk', 'paradoksaal' en 'ferrassend'. Foar de bondel Dwukropek krige hja yn 2006 de publyksferzje fan de Poalske Nike-literatuerpriis.
John Albert Jansen makke in dokumintêre oer Szymborska foar de útstjoering fan Het uur van de wolf fan 14 juny 2011.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Wisława Szymborska, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.