Winaam

Winaam is in doarp yn 'e gemeente Harns.

Winaam leit noardeastlik fan Mullum en Harns, noardwestlik fan Hjerbeam, westlik fan Frjentsjer, súdwestlik fan Pitersbierrum en Seisbierrum en súdwestlik fan de Waadsee. De doarpskearn fan Winaam leit om de Buorren, noardlik en eastlik fan de Andréastsjerke. De buorskippen Roptasyl (diel), Lytse Buorren en Foarryp hearre ek by Winaam.

Winaam
Winaam
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Winaam Fryslân
Gemeente Winaam Harns
Sifers
Ynwennertal 485 (1 jannewaris 2023)
Oerflak 5,30 km², wêrfan
- lân: 5,23 km²
- wetter 0,07 km²
Befolkingsticht. 90 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 11' N 5° 27' E
Offisjele webside
webstee fan Winaam
Kaart
Winaam (Fryslân)
Winaam
Kaart
Winaam
Himrik fan Winaam (grien) yn 'e gemeente Harns

Op 1 jannewaris 2023 hie Winaam 485 ynwenners.

Skiednis

Winaam ûntstie op ien fan 'e terpen yn in mear as twa kilometer lange noardeastlike rige fan terpen. De âldste fermelding fan it doarp datearret út 1275, doe't it al as Wynaldum neamd waard. In soad is der net mear oan 'e Nederlânsktalige namme feroare. Yn 1543 waard de Fryske fariant fan it doarp Vynaem neamd, yn 1579 Winaem en wat letter Wynaam.

It grutte kompleks fan terpen kin de "Fryske Hegeburch" west ha, dêr't yn 'e Beowulf oer skreaun wurdt. Oant de 16e iuw wienen der noch resten fan ferskânsingen oanwêzich.

Winaam 
Andréastsjerke

Foar de reformaasje wie de tsjerke oan de apostel Andréas wijd. Troch âlderdom stoarte de âlde sealtektoer yn 'e nacht fan 24 op 25 juny 1684 yn. De preekstoel út 1729 is opfallend troch it sierlike houtfykwurk.

Oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 lei Winaam yn sawol de gritenij as de gemeente Barradiel. Sûnt 1984 leit it doarp yn 'e gemeente Harns.

Archeologysk ûndersyk

De fynst fan in grutte fibula (mantelspjelde) yn 'e terp Tsjitsma wie de oanset foar in grut archeologysk ûndersyk yn 1991 en 1992, dêr't út bliken die dat Winaam al yn de midsiuwen in wichtige delsetting wie. Guon skiedkundigen tinke dat Winaam it sintrum wie fan it gebiet dêr't de Fryske kening Audulf om-ende-by 600 hearske. Yn in archeologysk stipepunt yn 'e âlde konsistoarje is dy skiednis yn byld brocht.

De tsjutting fan de ûndersyksresultaten is anno 2010 lykwols noch lang net klear. Winaam foarme de oanlieding ta archeologysk (terp)ûndersyk yn it gebiet fan Súd-Hollân oant Grinslân ta, it saneamde Frisia-projekt.

Yn it doarp is in lyts museum mei terpfynsten, in lytse bibleteek en ynformaasje oer de omkriten.

Mienskip

Winaam 
Winamer Kat troch Andre van der Linden
Winaam 
Doarpshûs De Bijekoer

Fjouwerris yn 't jier jout de feriening doarpsbelang de krante It Fuottenein út. It doarpshûs De Bijekoer waard nei ynset fan 'e Stifting Doarpshûs Winaam en gearwurking fan de ferskate ferienings yn 1982 iepene.

De bynamme foar de bewenners is Winamer katten. Yn 'e Buorren stiet it keunstwurk 'Winamer kat'. Sûnt 2018 is it mooglik om in 2,6 kilometer katterûte te rinnen lâns û.o. nutskasten, dy't mei Winamer katten beskildere binne.

Tsjerke

Winaam 
Buorren

Skoalle

Winaam hie sûnt 1882 in skoalle. De E.P. de Boerskoalle fan Winaam fusearre yn 2014 fanwegen te min bern mei de skoalle fan Mullum.

Ferienings

Winaam 
Buorren

Befolkingsferrin

Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2013 2015
Ynwenners 475 658 635 517 500 449 380 463 462
Jier 2020
Ynwenners 462
Winaam 
't Slotsje

Berne

Sjoch ek

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Winaam 
Harns
Winaam 
Stêd:
Harns
Doarpen en útbuorrens:
MullumWinaam
Buorskippen en wiken:
AlmenumDe BlynseEasterparkFoarrypIeslumbuorrenKeningsbuertLudumRoptasyl (foar in part)Ungaboer
wizigje

Tags:

Winaam SkiednisWinaam MienskipWinaam Sjoch ekWinaam Keppeling om utensWinaamAndréastsjerke (Winaam)DoarpFoarrypFrjentsjerGemeente (bestjoer)Harns (gemeente)Harns (stêd)HjerbeamLytse Buorren (Winaam)MullumPitersbierrumRoptasylSeisbierrum

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Persia MonirLeppelbekkenRae Lil BlackNasjonaalsosjalismeSaya SongAustraalje (lân)Evelyn LinMaksiminus Traks6 maartISBNNoardfryskOlst-WijheCarmen HayesHavana GingerRocky MountainsRoplettersDavid GilmourSarah YoungKatedraal fan OtrantoOrale seksTatrawrotmûsAlbum (muzyk)2017MarianetrôchMuzykHaadsideDe BoarnYnterprovinsjaal Oerlis1925Feriene SteatenWeblochHeather LeeNij-GuineäSean LawlessMegan VaughnFrysk Ynternasjonaal KontaktDútskGrinslânWoansdei1868Vina SkyKleanPornofilmSêfte pornografyAnita GyöngyBlues17 oktober12 oktoberLytse leppelbekMasturbaasjeFryske FrijheidDútslânTynePornoaktriseGielMoriah MillsAfganistanAubrey KateMisjonarishâldingMediaWikiJade KushRia RodrigezPavel Doerov20 aprilSyprusLatynYnternet1896Delotta BrownNederlânske gemeenteJ.R. Carrington🡆 More