Plak Slikenboarch

Slikenboarch (Stellingwerfsk: Sliekenborg) is it lytste doarp yn de gemeente Weststellingwerf.

It leit yn de súdwestpunt fan de gemeente op it plak dêr't Tsjonger en Linde by elkoar komme. It doarp leit yn de Grutte Feanpolder op de grins fan Oerisel en Fryslân. Ien hûs dat by Slikenboarch liket te hearren, falt ûnder Oerisel en dus De Kúnder.

Slikenboarch
Plak Slikenboarch
Polityk
Lân Plak Slikenboarch Nederlân
Provinsje Plak Slikenboarch Fryslân
Gemeente Plak Slikenboarch Weststellingwerf
Sifers
Ynwennertal 40 (1 jannewaris 2023)
Oerflak 1,70 km², wêrfan:
- lân: 1,64 km²
- wetter: 0,07 km²
Befolkingsticht. 23 ynw. / km²
Oar
Postkoade 8489
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 48' N 5° 50' E
Lokaasje Slikenboarch (grien) yn de gemeente Weststellingwerf
Lokaasje Slikenboarch (grien) yn de gemeente Weststellingwerf
Kaart
Slikenboarch (Fryslân)
Slikenboarch

Slikenboarch hat 40 (1 jannewaris 2023) ynwenners.

Skiednis

Yn de midsiuwen lei yn 'e himrik fan Spangea al in fear foar minsken dy't nei De Kúnder woenen. De rjochten fan it fear wiene fan it Skoatter konvint. Dêr moat doe in fersterke pleats of boarch mei de namme Slikenboarch stien ha.

Plak Slikenboarch 
Kaart mei û.o. de Slikenboargerskâns (rjochts yn it midden)

Yn de Tachtichjierrige Kriich lei der in fersterking op it plak dêr't de Linde en de Tsjonger gearrinne. Yn it rampjier 1672 moast de skâns, dy't it hiele lettere doarpke omfieme en de súdwestlike oanfierrûte fan Fryslân rjochting Ljouwert foarme, de optsjenjende troepen fan de biskop fan Munster keare. De skâns waard yn 1702 sljochte om de grûn te brûken foar de oanlis fan de nije Steatendyk tusken Skoattersyl en Slikenboarch om dy hoeke better te beskermjen tsjin it wetter. De skâns waard yn de Schotanusatlas út 1716 al net mear oanjûn.

Nei de reformaasje bleau in relatyf grut part fan 'e lokale befolking fan 'e Westhoeke katolyk. Yn 'e 18e iuw gyngen ûnder druk in tal katoliken oer op it protestantisme, mar der bleau oant yn 'e 20e iuw in grutte katolike minderheid bestean.

Earder wie der in by it doarp, mar yn 'e himrik fan De Kúnder, ek in flapfrêge, dêr't tol betelle wurde moast. Yn 'e rin fan 'e 20e iuw waard dy brêge ferfongen troch in fêste brêge.

Mei't Slikenboarch yn 1987 de doarpsstatus krige, is Slikenboarch gjin buorskip mear fan Spangea.

Mienskip

It doarp hat mei oare doarpen yn 'e Grutte Feanpolder in mienskiplike feriening foar Pleatslik Belang.

Skoalle

Yn Slikenboarch stie oant 1934 de skoalle fan Spangea. Nei't dy sletten waard fanwegen te min bern geane de bern fan it doarp nei de skoalle yn De Kúnder.

Befolkingsferrin

Jier 1840 2015 2020
Ynwenners 68 42 39

Boarnen: 1840: Plaatsengids; 2015 en 2020: Alle Cijfers.

Strjitten

Lindedyk, Slikenboarch.

Sjoch ek

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Plak Slikenboarch 
Weststellingwerf
Plak Slikenboarch 
Doarpen en útbuorrens:
AldeholtpeaAldeholtwâldeAldetrineAldlemmerBlesdikeDe BlesseBoylEasterstreekFinkegeaDe HoeveDe LangelilleMunnikebuorrenNijeholtpeaNijeholtwâldeNijetrineNijlemmer • NoardwâldePepergeaSânhuzenSkerpenseelSlikenboarchSonnegeaSpangeaSteggerdaTeridzertWolvegea
Buorskippen:
BoekelteDe GrêftRysberkampenSkoattersyl (foar in part)
wizigje

Tags:

Plak Slikenboarch SkiednisPlak Slikenboarch MienskipPlak Slikenboarch StrjittenPlak Slikenboarch Sjoch ekPlak Slikenboarch Keppeling om utensPlak SlikenboarchDe KúnderFryslânGrutte FeanpolderLindeOeriselStellingwerfskTsjongerWeststellingwerf

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

YndoneezjeIerdeNoetseleGielsnaffelleppelbekSietske PoepjesNasjonale feestdeiRedbadCody BryantSophie HilbrandMaya Bijou26 febrewarisCountry Music Association AwardOlst-WijheJureka del MarHunter BryceDanyel CheeksMoanne (tiid)Marcel HirscherKatedraal fan CaltagironeBiskopSint-Frederikustsjerke (Steggerda)Jan Hepkes WoudaGryptsjerkJade JantzenHaaienTsjaadNynke HeegPilekaaneftigenKening-keizerDreves UitterdijkJohnny SinsPeter Bosz6 novimberMinsklike seksuele aktiviteitPavel DoerovCharles III fan it Feriene KeninkrykNoelle EastonSûpengrottenbrijISO 3166HollânSkaal fan RichterDomtsjerke fan OrvietoKatedraal fan UdineFideoTiffany Towers (pornografysk aktrise)MiddelseksMenno BandstraTeksasDe DoelleazenRocco SiffrediÇatalhöyükRôze leppelbekAcademy of Country Music AwardNij-GuineäSeksboartersguod873 f.Kr.Ynternet2004Domtsjerke fan Massa MarittimaNASAInes Ridere1992SilyAngelica BellaTsjechoslowakijeAustraalje (lân)🡆 More