De Blesse

De Blesse is in doarp súdlik fan Wolvegea yn de gemeente Weststellingwerf        

De Blesse
Mûne De Mars
Mûne De Mars
Emblemen
De Blesse
Polityk
Lân De Blesse Nederlân
Provinsje De Blesse Fryslân
Gemeente De Blesse Weststellingwerf
Sifers
Ynwennertal 810 (1 jannewaris 2023)
Oerflak 2,25 km², wêrfan:
- lân: 2,21 km²
- wetter: 0,04 km²
Befolkingsticht. 364 ynw. / km²
Oar
Postkoade 8397
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 51' N 6° 2' E
Lokaasje De Blesse (grien) yn de gemeente Weststellingwerf
Lokaasje De Blesse (grien) yn de gemeente Weststellingwerf
Offisjele webside
Side De Blesse-Pepergea
Kaart
De Blesse (Fryslân)
De Blesse

It doarp hat 810 (1 jannewaris 2023) ynwenners.

Namme

Guon wolle der op oan dat de namme fan it rivierke Bles(se) komt, dat op syn bar de namme ûntliende oan Hugo van de Bles, dy't yn de 15e iuw op de pleats De Oude Bles tichteby De Eese wenne. Der binne ek guon dy't de namme yn ferbân bringe mei de betsjutting fan "plasse" of "sompe" .

De Blesse streamde út it Noardwâldskefean wei ûnder Finkegea en Steggerda lâns de râne fan it lângoed De Eese nei Knienebargen by De Blesse. It lêste part rûn bylâns de Ryksstrjitwei om op it lêst yn 'e Linde út te mûnjen. In part fan it âlde streamke waard eartiids útgroeven en bekend as de Blesser Feart.

Skiednis

De Blesse 
Herfoarme kapel

De Blesse is net in âld doarp. Foar de 19e iuw stienen dêr mar in pear pleatsen, dy't doe ûnder Blesdike en foar in part ûnder Pepergea foelen. Nei it oanlizzen fan de ryksstrjitwei (Stienwikerwei) fan Ljouwert nei Swol yn 1828 groeide de buorskip. Yn 1834 waard de nôtmûne De Mars boud en der waarden sels twaris yn 't jier kij- en hynstemerken holden, de iene op pinkstertiisdei en de twadde op de earste tiisdei fan oktober. Oan de eastkant fan de wei ûntstie in kearn, dy't letter De Blesse of Blessebuert neamd waard. Tsjerklik bleau it doarp ûnder it memmedoarp fallen, al krige it yn 1880 oan de Stienwikerwei wol in ienfâldige kapel.

Noardlik fan De Blesse hie steedhâlder Willem Loadewyk yn 1583 by de Linde de Blessebrêgeskâns as ûnderdiel fan de Fryske Wetterliny oanlein. Munsterske troepen fernielden dy skâns yn it rampjier 1672-1673. Yn de 17e iuw hie it rivierke de Linde allinnich mar in oerset, in brêge kaam der pas yn 1668. De skâns is nei argeologysk ûndersyk yn 'e jierren 2009-2010 rekonstruearre. Dêrby waard ek in diel fan de âlde, meänderjende Linde wer útgroeven.

De Blesse 
Tinkstien

Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waard der by de brêge oer de Linde in pear kear swier fochten. By it bombardearjen fan de trein út It Hearrenfean troch in Britske jager op 6 maart 1944 ferstoar in frou yn 'e âldens fan 21 jier. By in oare alliearde loftoanfal op 7 april 1945 op in Dútske motorrider ferstoar letter ien fan de by dat bombardemint ferwûne jonges. Beide slachtoffers binne op it begraafplak fan Wolvegea begroeven. Ta neitins hat de Feriening Histoarje Weststellingwerf op 4 maaie 2005 in tinkstien by de tagong nei it Swarte Weike lein.

Mei it jimmeroan drokker wurdende ferkear op de Stienwikerwei waard yn de jierren 1980 oan de eastlike kant fan it doarp parallel mei it spoar de autosneldyk A32 oanlein.

Mienskip

It multyfunksjonele sintrum fan De Blesse hjit 't Centrum. De Blesse en Pepergea dogge in soad mienskiplik. Sa ha de doarpen tegearre in doarpsferiening Pleatslik Belang De Blesse-Pepergea, dy't op 10 desimber 1864 oprjochte waard, en ek in mienskiplike feestkommisje en flagge. De fiertaal is meast Stellingwerfsk.

Tsjerke

Skoalle

Befolkingsferrin

Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2009
Ynwenners 160 322 335 335 448 721 710 825
Jier 2015 2020
Ynwenners 786 800

Ferienings

It besjen wurdich

De Blesse 
Blessebrêgeskâns

Strjitten

Boppewei, Domeinewei, Ikeleane, Ingelskesteech, Eskdoarnstrjitte, Franke Deddenstrjitte, Hagedoarnstrjitte, Kninebergen, Markewei, Master Baasstrjitte, Hagedoarnstrjitte, Nijstrjitte, Spoarleane, Stienwikerwei.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

De Blesse 
Weststellingwerf
De Blesse 
Doarpen en útbuorrens:
AldeholtpeaAldeholtwâldeAldetrineAldlemmerBlesdikeDe BlesseBoylEasterstreekFinkegeaDe HoeveDe LangelilleMunnikebuorrenNijeholtpeaNijeholtwâldeNijetrineNijlemmer • NoardwâldePepergeaSânhuzenSkerpenseelSlikenboarchSonnegeaSpangeaSteggerdaTeridzertWolvegea
Buorskippen:
BoekelteDe GrêftRysberkampenSkoattersyl (foar in part)
wizigje

Tags:

De Blesse NammeDe Blesse SkiednisDe Blesse MienskipDe Blesse It besjen wurdichDe Blesse StrjittenDe Blesse Sjoch ekDe BlesseWeststellingwerfWolvegea

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

1968Criss StrokesToplessHavana GingerPet (holdeksel)2008Vanessa SkyHûntsjeshâlding2023DútslânYnternetHollânSeimunds pappegaaidoVanda VitusFebrewarisSêfte pornografyCarmen HayesMisjonarishâldingNew York Stock ExchangeSandy MilzHludaneBruce VentureEkonomySensual JaneKunnilingusLewis CarrollErika BellaNederlânShae Summers1990Katedraal fan NapelsNoardfryskJan Hepkes WoudaRae Lil BlackGeslachtsmienskipMolekulêre biologyHylpenHelen DuvalMiamiWoansdei873 f.Kr.Joyce OliveiraFeriene KeninkrykISO 3166-1Krúswurdpuzel30 jannewarisArtefakt (archeology)StikelbaarchEuroTripAubrey KateBo SinnTriem (ynformatika)Marilyn CrystalErflikheidslear9e iuw f.Kr.Jeropa1557Gemeenten fan Nederlân18965 jannewarisPornoaktriseCarles PuigdemontLondenRosa CaraccioloTyneDomeinnammeMenno BandstraAVN AwardSeksboartersguodCowgirlhâldingKira EggersFrysk Ynternasjonaal Kontakt🡆 More