Sonnegea

Sonnegea (Stellingwerfsk: Sunnege) is in doarp yn de gemeente Weststellingwerf, krekt súdwest fan Wolvegea.

It doarp foarmet mei it twillingdoarp Aldetrine in lang lintdoarp.

Sonnegea
Sonnegea
Polityk
Lân Sonnegea Nederlân
Provinsje Sonnegea Fryslân
Gemeente Sonnegea Weststellingwerf
Sifers
Ynwennertal 240 (1 jannewaris 2023)
Befolkingsticht. 5,99 km², wêrfan:
- lân: 5,93 km²
- wetter: 0,06 km²
Stêdekloft 41 ynw. / km²
Oar
Postkoade 8578
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 52' N 5° 57' E
Offisjele webside
Side sonnegea-Aldetrine
Kaart
Sonnegea (Fryslân)
Sonnegea

Sonnegea hat 240 (1 jannewaris 2023) ynwenners.

Skiednis

Sonnegea 
Tsjerke fan Sonnegea
Jacob Stellingwerf (1722)

Wis is dat der yn de 15e iuw al in tsjerkje stie. Oft der doe ek al in klokkestoel wie is net bekend. De tsjerke waard yn 1722 tekene troch Jacob Stellingwerf en nei alle gedachten yn de twadde helte fan de 18e iuw ôfbrutsen.

Jacob Noteman út Ljouwert hie yn 1644 in nije klok getten. Dy klok waard yn de Twadde Wrâldkriich troch de Dútsers foardere en omraand. Nei de oarloch sammele de befolking jild yn foar it jitten fan in nije klok. Oant 1989 stie op it tsjerkhôf in izeren klokkestoel út 1912, dy't doe in houten klokkestoel út 1858 ferfong. Yn 1989 waard de hjoeddeiske houten klokkestoel boud. Ek waard doe in nije klok getten.

Mienskip

It doarpssintrum is yn 'e mande mei Aldetrine en underbrocht yn de eardere herfoarme tsjerke fan Aldetrine. Sonnegea-Aldetrine hat in histoaryske wurkgroep.

Skoalle

De mienskiplike skoalle mei Aldetrine hjit De Lantscheene, dat lângrins of doarpsgrins betsjut. De iepenbiere skoalle stiet yn Aldetrine. Yn 2023 makke de gemeente bekend dat fanwegen brek oan bern de skoalle sletten wurdt.

Ferienings

It doarp hat in maneezje mei de namme "Caprilli". Om de twa jier wurdt de grutte Stuyvesant-Kuiertocht holden.

  • Toanielferiening 'Samen Een'
  • Jagersferiening

Befolkingsferrin

Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1973 2007 2013 2021
Ynwenners 210 335 312 296 284 249 243 236 245
Sonnegea 
Pleats oan de Sonnegeawei

Berne

Strjitten

Publikaasje

  • Jan Boonstra, Henk Spijker, Grietje Postma: "Sonnega-Oldetrijne"

Sjoch ek

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Skiednis is ôfkomstich fan in publikaasjeboerd by de klokkestoel fan Sonnegea (2023)

Sonnegea 
Weststellingwerf
Sonnegea 
Doarpen en útbuorrens:
AldeholtpeaAldeholtwâldeAldetrineAldlemmerBlesdikeDe BlesseBoylEasterstreekFinkegeaDe HoeveDe LangelilleMunnikebuorrenNijeholtpeaNijeholtwâldeNijetrineNijlemmer • NoardwâldePepergeaSânhuzenSkerpenseelSlikenboarchSonnegeaSpangeaSteggerdaTeridzertWolvegea
Buorskippen:
BoekelteDe GrêftRysberkampenSkoattersyl (foar in part)
wizigje

Tags:

Sonnegea SkiednisSonnegea MienskipSonnegea StrjittenSonnegea PublikaasjeSonnegea Sjoch ekSonnegea Keppeling om utensSonnegeaAldetrineStellingwerfskTwillingdoarpWeststellingwerfWolvegea

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

185923 aprilLiet2011WoansdeiUleboerdAlain DeloinMoanne (tiid)Jan Hepkes WoudaNew York Stock Exchange12 oktoberGeslachtsmienskipFen Fryske GrounHaadsideKatee OwenRedbadSeimunds pappegaaidoArwen GoldHaaienWelsum (Olst-Wijhe)2020KommunismeKya TropicWikidataNon-profitJulie SkyhighNational Basketball AssociationErika BellaMahina ZaltanaOrale seksGemeenten fan NederlânLuna CorazónMilitêrAubrey KateSêfte pornografyMaya BijouSaya Song1766Megan VaughnMickey MouseNij-GuineäCherokee d'AssDavid GilmourWebsteeTroudRock 'n rollGrinslânTsjaadSeksuele opwiningHjerringslynderSandy MilzMiljardêrGrut-BrittanjeJohn de MolKarma RosenbergShrima MalatiMoslimDelotta BrownNederlânske gemeenteOlivia del RioShalina DevineVina Sky2008MaltaPornhubEastenrykRegearHunter Bryce1564Westland Wyvern🡆 More