Sûndareuzerotten

De Sûndareuzerotten (wittenskiplike namme: Sundamys) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e mûzen en jerboä's (Myomorpha), de boppefamylje fan 'e mûzen en rotten (Muroidea), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en de ûnderfamylje fan 'e mûzen en rotten fan 'e Alde Wrâld (Murinae).

Sûndareuzerotten
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift: mûzen en jerboä's (Myomorpha)
boppefamylje: mûzen en rotten (Muroidea)
famylje: mûseftigen (Muridae)
ûnderfamylje mûzen en rotten fan de
   Alde Wrâld
(Murinae)
skaai: Sûndareuzerotten (Sundamys)
Musser & Newcomb, 1983

Der binne trije soarten yn dit skaai, wêrfan't ien fierder opdield wurde kin yn twa fan uterlik frij sterk ferskillende ûndersoarten. Sûndareuzerotten komme foar yn it westlike part fan 'e Yndyske Arsjipel, op Borneo, Sumatra, Palawan, it westen fan Java en ferskate lytsere eilannen, en ek op it skiereilân Malakka, dat diel útmakket fan it fêstelân fan Súdeast-Aazje. Dizze bisten wiene histoarysk oan it skaai fan 'e echte rotten (Rattus) tafoege, dêr't de brune rôt en de swarte rôt ek ta hearre, mar Sûndareuzerotten binne folle grutter. Yn 'e 1980-er jierren binne se neffens nije ynsichten yn in selsstannich skaai pleatst.

Skaai-opbou

  • skaai Sûndareuzerotten (Sundamys)
    • bartelsrôt of Bartels' rôt (Sundamys maxi) (westlik Java)
    • müllerrôt of Müllers rôt (Sundamys muelleri) (Malakka, Sumatra, Borneo, Palawan en omlizzende eilannen)
      • grutte müllerrôt of grutte Müllers rôt (Sundamys muelleri validus) (Malakka)
      • lytse müllerrôt of lytse Müllers rôt (Sundamys muelleri muelleri) (Sumatra, Borneo, Palawan)
    • Sûndaberchreuzerôt (Sundamys infraluteus) (Borneo en Sumatra)

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

BoppefamyljeFamylje (taksonomy)KjifdierenKlasse (taksonomy)MûseftigenMûzen en jerboä'sMûzen en rottenMûzen en rotten fan 'e Alde WrâldSkaai (taksonomy)SkiftSûchdierenWittenskiplike nammeÛnderfamyljeÛnderskift

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Hillichdom fan Us-Leaffrouwe fan de Roazekrâns fan Pompei1928LiteratuerMarilyn CrystalOlst-WijheMediafranchiseWikipedy1901Nij-GuineäJob CohenKylee StruttVina SkyVoodoo (pornografysk akteur)Anno GalamaRhylee RichardsRôze leppelbekGielAugust Taylor22 aprilNasjonale feestdeiFilipinenSalomonseilannen2004RottekopWilliam Shakespeare1576NeakenensLeppelbekkenPhoenix (Arizona)PornografyEvelyn LinDútslânWoansdeiAdolf HitlerTriem (ynformatika)1863BetlehimGrut-BrittanjeList fan Frysktalige tydskriften5 jannewarisDreves UitterdijkRegearIran12 oktoberHjerringslynderBaskyskFellatioAnouk WipprechtEdsger Wybe DijkstraSandy MilzCody BryantArtefakt (archeology)Domtsjerke fan MessinaGamal Abdel NasserErika Bella1925KeningsleppelbekJade KushBlauSasha BeartWelsum (Olst-Wijhe)NeakenmodelSuze Boschma-BerkhoutArjen TerpstraHelen DuvalLuna CorazónMahina ZaltanaDomtsjerke fan Massa Marittima🡆 More