Mûzen En Rotten Fan De Alde Wrâld

De mûzen en rotten fan de Alde Wrâld (wittenskiplike namme: Murinae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia) en de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae), dêr't û.o.

de hûsmûs, de brune rôt en de swarte rôt ta hearre. Dizze ûnderfamylje bestiet út mar leafst 519 soarten, en is dêrmei grutter as alle sûchdierefamyljes útsein de mûseftigen (dêr't er ta heart) en dy fan de wrotmûseftigen, en ek is er grutter as alle sûchdiereskiften útsein dy fan 'e kjifdieren (dêr't er ta heart) en dy fan de flearmûzen.

Mûzen en rotten fan de Alde Wrâld
In hûsmûs.
In hûsmûs.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift: mûzen en jerboä's (Myomorpha)
boppefamylje: mûzen en rotten (Muroidea)
famylje: mûseftigen (Muridae)
ûnderfamylje: mûzen en rotten fan de Alde Wrâld (Murinae)
Illiger, 1811
Mûzen En Rotten Fan De Alde Wrâld
Tekening fan 'e wytpoatbeamrôt, in útstoarne soarte.

De mûzen en rotten fan de Alde Wrâld binne lânseigen yn Jeraazje, Afrika en Austraalje, mar komme tsjintwurdich as eksoaten ek foar op alle oare grutte lânmassa's útsein Antarktika. Op plakken dêr't se fan natuere net foarkamen, foarmje se yn 'e regel in slimmen pleach dy't grutte skea tabringe kin oan 'e lânseigen fauna, yn 't bysûnder op isolearre eilannen, lykas yn de Stille Súdsee.

Underfamylje-opbou

  • ûnderfamylje mûzen en rotten fan de Alde Wrâld (Murinae)
    • incertae sedis (yndieling ûnwis)
      • skaai Banahawbeammûs (Musseromys): 1 soarte
      • skaai moasrotten (Mirzamys): 2 soarten
    • yndieling Aethomys
      • skaai boskrotten (Aethomys): 11 soarten
    • yndieling Apodemus
      • skaai boskmûzen (Apodemus): 21 soarten
      • skaai Rhagamys: 1 soarte †
      • skaai Rjûkjûaanske stikelrotten (Tokudaia): 3 soarten
    • yndieling Arvicanthis
      • skaai Afrikaanske skreeftoskrotten (Mylomys): 2 soarten
      • skaai Etiopyske gersmûzen (Desmomys): 2 soarten
      • skaai fjouwerstreekte mûzen (Rhabdomys): 2 soarten
      • skaai net-streekte gersmûzen (Arvicanthis): 7 soarten
      • skaai skreeftoskige somprotten (Pelomys): 5 soarten
      • skaai streekte gersmûzen (Lemniscomys): 11 soarten
    • yndieling Chrotomys
      • skaai echte pipermûsrotten (Rhynchomys): 4 soarten
      • skaai Filipynske mûzen (Apomys): 17 soarten
      • skaai Lûzonske pipermûsrotten (Soricomys): 3 soarten
      • skaai Lûzonske streekte rotten (Chrotomys): 5 soarten
      • skaai Mount Isarog-pipermûsrotten (Archboldomys): 2 soarten
    • yndieling Colomys
      • skaai Afrikaanske wetterrotten (Colomys): 1 soarte
      • skaai Etiopyske wettermûzen (Nilopegamys): 1 soarte
      • skaai stjonkmûzen (Zelotomys): 2 soarten
    • yndieling Crunomys
      • skaai Filipynske en Selebespipermûsrotten (Crunomys): 4 soarten
      • skaai sommerselebesrotten (Sommeromys): 1 soarte
    • yndieling Dacnomys
      • skaai feabeamrotten of Fea's beamrotten (Chiromyscus): 1 soarte
      • skaai gruttoskige reuzerotten (Dacnomys): 1 soarte
      • skaai langsturtige reuzerotten (Leopoldamys): 6 soarten
      • skaai Mindoarorotten (Anonymomys): 1 soarte
      • skaai paulinakalkstienrotten (Saxatilomys): 1 soarte
      • skaai Seylonrotten (Srilankamys): 1 soarte
      • skaai Tonkinrotten (Tonkinomys): 1 soarte
      • skaai wytbúkrotten (Niviventer): 18 soarten
    • yndieling Dasymys
      • skaai rûchhierrige somprotten (Dasymys): 14 soarten
    • yndieling Echiothrix
      • skaai Selebesstikelrotten (Echiothrix): 2 soarten
    • yndieling Golunda
      • skaai Yndyske boskrotten (Golunda): 1 soarte
    • yndieling Hadromys
      • skaai Manipoereeske boskrotten (Hadromys): 3 soarten
    • yndieling Halmaheramys
      • skaai Halmaheraanske stikelrotten (Halmaheramys): 1 soarte
    • yndieling Hybomys
      • skaai bultnoasmûzen (Hybomys): 6 soarten
      • skaai defûarotten (Dephomys): 2 soarten
      • skaai doelrotten (Stochomys): 1 soarte
    • yndieling Hydromys
      • skaai Nijguineeske beverrotten (Baiyankamys): 2 soarten (foarhinne ûnderdiel fan 'e Australyske beverrotten)
      • skaai Australyske beverrotten (Hydromys): 4 soarten
      • skaai berchbeverrotten (Parahydromys): 1 soarte
      • skaai moncktonbeverrotten (Crossomys): 1 soarte
      • skaai Nijguineeske dwerchbeverrotten (Microhydromys): 2 soarten
      • skaai Nijguineeske wetterrotten (Paraleptomys): 2 soarten
    • yndieling Hyorhinomys
    • yndieling Lorentzimys
      • skaai Nijguineeske springmûzen (Lorentzimys): 1 soarte
    • yndieling Malacomys
      • skaai grutearsomprotten (Malacomys): 3 soarten
    • yndieling Maxomys
      • skaai radjarotten (Maxomys): 17 soarten
    • yndieling Melasmothrix
      • skaai grutte Selebespipermûsrotten (Tateomys): 2 soarten
      • skaai lytse Selebespipermûsrotten (Melasmothrix): 1 soarte
    • yndieling Micromys
      • skaai dwerchbeammûzen (Haeromys): 3 soarten
      • skaai dwerchmûzen (Micromys): 2 soarten
      • skaai langsturtklimmûzen (Vandeleuria): 3 soarten
      • skaai pinsielsturtbeammûzen (Chiropodomys): 6 soarten
      • skaai pinsielsturtrotten (Hapalomys): 2 soarten
      • skaai vernayklimmûzen (Vernaya): 1 soarte
    • yndieling Millardia
      • skaai Aziatyske sêfthierrige rotten (Millardia): 4 soarten
      • skaai blanfordmûzen (Madromys): 1 soarte
      • skaai Yndyske rotten (Cremnomys): 2 soarten
      • skaai Manipoereeske mûzen (Diomys): 1 soarte
    • yndieling Mus
      • skaai echte mûzen (Mus): 41 soarten
      • skaai streekrêchmûzen (Muriculus): 1 soarte
    • yndieling Oenomys
      • skaai Afrikaanske strewellerotten (Grammomys): 13 soarten
      • skaai akasiarotten (Thallomys): 4 soarten
      • skaai Kanaryske reuzerotten (Canariomys): 2 soarten †
      • skaai lavamûzen (Malpaisomys): 1 soarte †
      • skaai Middenafrikaanske strewellerotten (Thamnomys): 3 soarten
      • skaai Mount Oku-rotten (Lamottemys): 1 soarten
      • skaai readnoasrotten (Oenomys): 2 soarten
    • yndieling Otomyines
      • skaai fluitsjende rotten (Parotomys): 2 soarten
      • skaai Karoorotten (Myotomys): 2 soarten
      • skaai poelrotten of skreeftoskrotten (Otomys): 19 soarten
    • yndieling Phloeomys
      • skaai dizerotten (Crateromys): 4 soarten
      • skaai Lûzonske en Mindanaooske wâldrotten (Batomys): 5 soarten
      • skaai Lûzonske rotten (Carpomys): 2 soarten
      • skaai ranksturtdizerotten (Phloeomys): 2 soarten
    • yndieling Pithecheir
      • skaai apepoatige rotten (Pithecheir): 2 soarten
      • skaai grize beamrotten (Lenothrix): 1 soarte
      • skaai lytsearbeamrotten (Pithecheirops): 1 soarte
      • skaai margaretarotten (Margaretamys): 3 soarten
      • skaai Selebessêfthierrotten (Eropeplus): 1 soarte
      • skaai trijetyntoskige rotten (Lenomys): 1 soarte
    • yndieling Pogonomys
      • skaai beammûzen fan de Alde Wrâld (Chiruromys): 3 soarten
      • skaai boarstelmûzen (Coccymys): 4 soarten
      • skaai buhlerboarstelmûzen (Coryphomys): 1 soarte †
      • skaai Floareshoalerotten (Spelaeomys): 1 soarte †
      • skaai grutte mozayksturtrotten (Mammelomys): 2 soarten
      • skaai grypsturtrotten (Pogonomys): 6 soarten
      • skaai heechlânboarstelmûzen (Abeomelomys): 1 soarte
      • skaai iikhoarntoskrotten (Anisomys): 1 soarte
      • skaai Nijguineesk rotten (Macruromys): 2 soarten
      • skaai Nijguineeske wytsturtrotten (Xenuromys): 1 soarte
      • skaai reuzebeamrotten (Mallomys): 7 soarten
      • skaai rummlermozayksturtrotten (Pogonomelomys): 2 soarten
      • skaai wytearrotten (Hyomys): 2 soarten
    • yndieling Pseudomys
      • skaai Australyske mûzen (Pseudomys): 23 of 24 soarten (ôfhinklik fan 'e fraach oft de Kimberleymûs as in aparte soarte beskôge wurdt)
      • skaai Australyske springmûzen (Notomys): 10 soarten
      • skaai Australyske twiichnêstrotten (Leporillus): 2 soarten
      • skaai beamrotten (Mesembriomys): 2 soarten
      • skaai breedtoskrotten (Mastacomys): 1 soarte
      • skaai forrestmûzen (Leggadina): 2 soarten
      • skaai grousturtrotten (Zyzomys): 5 soarten
      • skaai kninerotten (Conilurus): 2 soarten
    • yndieling Rattus
      • skaai boarstelrotten (Bandicota): 3 soarten
      • skaai echte rotten (Rattus): 66 soarten
      • skaai Filipynske berchrotten (Limnomys): 2 soarten
      • skaai Filipynske wâldrotten (Bullimus): 3 soarten
      • skaai Floareslangsnútrotten (Paulamys): 1 soarte
      • skaai Floaresreuzerotten (Papagomys): 2 soarten
      • skaai heuvelrotten (Bunomys): 7 soarten
      • skaai koartsturtige boarstelrotten (Nesokia): 2 soarten
      • skaai Komodorotten (Komodomys): 1 soarte
      • skaai langpoatrotten (Tarsomys): 2 soarten
      • skaai Lûzonske breedtoskrotten (Abditomys): 1 soarte
      • skaai Lûzonske koartnoasrotten (Tryphomys): 1 soarte
      • skaai Palawanrotten (Palawanomys): 1 soarte
      • skaai Rjûkjûaanske langsturtige reuzerotten (Diplothrix): 1 soarte
      • skaai Searamrotten (Nesoromys): 1 soarte
      • skaai Selebesreuzerotten (Paruromys): 1 soarte
      • skaai Selebesrotten (Taeromys): 7 soarten
      • skaai sodybeamrotten (Kadarsanomys): 1 soarte
      • skaai Sûndareuzerotten (Sundamys): 3 soarten
      • skaai wyttoskrotten (Berylmys): 4 soarten
    • yndieling Stenocephalomys
      • skaai Afrikaanske boskmûzen (Hylomyscus): 13 soarten
      • skaai Afrikaanske grize rotten (Heimyscus): 1 soarte
      • skaai Afrikaanske sêfthierrotten (Praomys): 17 soarten
      • skaai Etiopyske smelkoprotten (Stenocephalemys): 4 soarten
      • skaai rju-oermûzen (Myomyscus): 4 soarten
      • skaai rju-oerrotten (Mastomys): 8 soarten
    • yndieling Uromys
      • skaai bananerotten (Melomys): 23 soarten
      • skaai echte mozayksturtrotten (Paramelomys): 9 soarten
      • skaai kealsturtrotten (Solomys): 5 soarten
      • skaai readbúkmozayksturtrotten (Protochromys): 1 soarte
      • skaai reuzekealsturtrotten (Uromys): 10 soarten
    • yndieling Xeromys
      • skaai Nijguineeske echte wettermûzen (Leptomys): 5 soarten
      • skaai Nijguineeske ûnechte wettermûzen (Pseudohydromys): 12 soarten
      • skaai ûnechte wetterrotten (Xeromys): 1 soarte

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

Brune rôtFamylje (taksonomy)FlearmûzenHûsmûsKjifdierenKlasse (taksonomy)MûseftigenSkiftSoarteSwarte rôtSûchdierenWittenskiplike nammeWrotmûseftigenÛnderfamylje

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

KleanJenny PoussinAlexa FlexyFebrewarisHimelfeartsdeiFryske talenRaffarinadeSasha BeartAle S. van ZandbergenMilitêr transportfleantúchKeiran LeeDaisy SummersHaadsideMiljardêrPakistanAfganistan2012KânselierLewis CarrollKrisjnaWilliam ShakespeareFaasjeAmerican Music AwardEdsger Wybe DijkstraUleboerdMaya BijouVoodoo (pornografysk akteur)Domtsjerke fan SienaSûkerbôleDomtsjerke fan ParmaCowgirlhâldingVina SkyDomeinnammeGemeenten fan NederlânÇatalhöyükSint-Frederikustsjerke (Steggerda)1925SeefdrukAugust TaylorNoardfryskRegearAnale seksSeimunds pappegaaidoHeather LeeNederlânHantsjemier22 julyPearsSuze Boschma-BerkhoutBeagle (skip)Luna CorazónNon-profitSietske PoepjesMarika FruscioLeppelbekJoyce OliveiraInterstellar (film)1932BaskyskFingerjenHylpenJean-Yves LecastelMenno BandstraMia LelaniWeblochCarles PuigdemontNasjonaalsosjalisme🡆 More