Echte Mûzen

De echte mûzen (wittenskiplike namme: Mus) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en de ûnderfamylje fan de mûzen en rotten fan de Alde Wrâld (Murinae).

Ta dit skaai hearre 41 soarten mûzen, wêrfan't de bekendste en meast fersprate sûnder mis de hûsmûs (Mus musculus) is. In protte soarten kjifdieren dêr't men by it hearren fan it wurd "mûs" ek faak oan tinkt, lykas de fjildmûs, de boskmûs en de dwerchmûs, hearre lykwols net ta dit skaai.

Echte mûzen
In hûsmûs.
In hûsmûs.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift: mûzen en jerboä's (Myomorpha)
boppefamylje: mûzen en rotten (Muroidea)
famylje: mûseftigen (Muridae)
ûnderfamylje: mûzen en rotten fan de Alde Wrâld (Murinae)
skaai: echte mûzen (Mus)
Linnaeus, 1758

Mûzen binne yn 'e regel lytse bistkes mei in lange keale of hast keale sturt, lytse rûne earen en in spjochtich snútsje. Se wurde faak beskôge as skealik ûngedierte, mei't se lânbougewaaksen en rispingen oanfrette kinne en troch harren parasiten en kjitte sykten ferspriede kinne. Oan de oare kant wurde mûzen ek holden as hûsdieren en as proefdieren yn laboratoaria. Behalven troch de hûskat, dêr't se in sprekwurdlik minne relaasje mei hawwe, wurdt der ek in soad op harren jage troch oare kateftigen, party hûneftigen en fierders troch foksen, rôffûgels, slangen en sels guon lidpoatigen. Fanwegen harren opmerklike fermogen ta oanpassing oan hast elts soarte fan biotoop en klimaat, binne mûzen guon fan 'e súksesfolste sûchdieren dy't ea bestien hawwe.

Soarten

Echte Mûzen 
Domestisearre mûzen.
  • skaai echte mûzen (Mus)
    • ûnderskaai Afrikaanske mûzen (Nannomys)
      • Afrikaanske dwerchmûs (Mus minutoides)
      • baoulémûs of Baoulé's mûs (Mus baoulei)
      • callewaertmûs of Callewaerts mûs (Mus callewaerti)
      • Frijsteatske dwerchmûs (Mus orangiae)
      • Goundamûs (Mus goundae)
      • griisbúkdwerchmûs (Mus triton)
      • Hausamûs (Mus haussa)
      • Mahometmûs (Mus mahomet)
      • mattheymûs of Matthey's mûs (Mus mattheyi)
      • neavemûs of Neave's mûs (Mus neavei)
      • petersmûs of Peters' mûs (Mus setulosus)
      • podmûs (Mus bufo)
      • setzerdwerchmûs of Setzers mûs (Mus setzeri)
      • teare mûs (Mus tenellus)
      • temminckmûs of Temmincks mûs (Mus musculoides)
      • thomasdwerchmûs of Thomas' dwerchmûs (Mus sorella)
      • Ubangymûs (Mus oubanguii)
      • woastyndwerchmûs (Mus indutus)
    • ûnderskaai Aziatyske mûzen (Coelomys)
      • fulkaanmûs (Mus vulcani)
      • mayormûs of Mayors mûs (Mus mayori)
      • Pahaarske mûs (Mus pahari)
      • Sumatraanske pipermûseftige mûs (Mus crociduroides)
    • ûnderskaai echte mûzen (Mus)
    • ûnderskaai Yndyske mûzen (Pyromys)
      • phillipsmûs of Phillips' mûs (Mus phillipsi)
      • plathiermûs (Mus platythrix)
      • rotsleavjende mûs (Mus saxicola)
      • Seylonstikelmûs (Mus fernandoni)
      • shortridgemûs of Shortridge's mûs (Mus shortridgei)
    • ûnderskaai lytse Yndyske oerwâldmûzen (Lepidomys)
      • lytse Yndyske oerwâldmûs (Mus lepidoides)

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

BoskmûsDwerchmûsFamylje (taksonomy)FjildmûsHûsmûsKjifdierenKlasse (taksonomy)MûseftigenMûzen en rotten fan de Alde WrâldSkaai (taksonomy)SkiftSûchdierenWittenskiplike namme

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

TsjaadSeefdrukLetlân1790Saotomeeske pappegaaidoEtruskenList fan Frysktalige tydskriftenNicole BexleySasha BeartAngelica BellaMartijn Theodoor HoutsmaRedbadTiffany Towers (pornografysk aktrise)KomykRae Lil BlackBeierske wrotmûsJayden Lee26 febrewarisHeinrich HimmlerJada StevensMoanne (tiid)Skrikkeljier fan tongersdei ôfDomtsjerke fan ParmaSlûsSuze Boschma-BerkhoutMirka Antolović-Tipurić1933Wikipedy12 oktoberBetlehimKristoffel KolumbusÇatalhöyük19251950-er jierrenBasketbalDemokrasyCody BryantOlivia del RioPappegaaidowenMediafranchiseUleboerdKleanRosa CaraccioloMaría del Carmen CarricartSkaal fan RichterFaasjeMinnie BeetsMegan VaughnHunter BryceGryptsjerk1564Jureka del MarDomtsjerke fan Messina1859PornografyKeningsleppelbekNeakenensFryskBruce VenturePersia MonirDe DoelleazenVanda Vitus1932WebsteeNew York Stock ExchangeJohnny SinsAmerican Music AwardShalina DevineMickey MouseLesoto🡆 More