Biskop Redbad

De hillige Redbad fan Utert (of Radbod) (by Namen, om 850 – Ootmarsum, 29 novimber 917) wie biskop fan Utert fan 899 oant 917.

Syn nammedagen binne 29 novimber en 25 juny (de dei fan syn translaasje).

Biskop Redbad
Redbad op in ferwulftskildering yn de Broeretsjerke yn Swol.

Redbad waard mids 9e iuw berne út in Frankyske famylje fan namme ûnder de stêd Namen. Syn mem wie fan Frysk komôf en in neisiet fan de Fryske kening Redbad (stoarn yn 719).

Patroanhillige

Yn Nederlân is Redbad de patroan fan de katolike wittenskipsbeoefening. Yn 1905 waard de Sint-Radboudstifting oprjochte mei it doel it befoarderjen fan it katolyk heger ûnderwiis yn Nederlân en benammen mei de oprjochting fan in katolike universiteit. Yn 1923 waard de Katolike Universiteit Nimwegen iepene en yn 1956 it Sint-Radboudsikehûs (no Radboudumc) dat dêr by heart. Op 1 septimber 2004 hat de universiteit de namme Radboud Universiteit Nimwegen oannaam.

Tsjerke fan Jorwert

De iennige tsjerke fan Fryslân mei patroanhillige Redbad stiet yn Jorwert. Oannommen wurdt, dat de nei ‘Radboud (boadskipper fan goede ried)’ neamde tsjerke stifte is op grûn dy’t it eigendom wie fan de biskop.

Redbad, Radbod of Radbodus

Ien biskop, in soad nammen. De hjoeddeiske Frysktaligen skriuwe de namme Redbad mei koarte lûden – dy fan de eardere kening lyksa – en de Nederlânsktaligen brûke eigentlik Radbod mar skriuwe hjoed-de-dei meastal Radboud. It Aldfrysk jout de namme Rêdbâd. Boppedat fynt men yn it Latyn de skriuwwize Radbodus.

Literatuer

  • M. Carasso-Kok, Repertorium van verhalende historische bronnen uit de Middeleeuwen (De Haach, 1981); kritysk oersjoch fan wurken dy't oan Redbad taskreaun wurde (nrs. 8, 18, 52, 53, 62, 80, 88, 89, 352) en fan de hilligelibbens oer Redbad (nr. 75)
  • Vita Radbodi/ Het leven van Radboud, besoarge en oerset troch Peter Nissen en Vincent Hunink (Nymwegen 2004)
  • A.G. Weiler, Sint Radboud, bisschop van Utrecht [Deventer] van 899/900 tot 917. Pastor, geleerde, historicus, dichter en componist, Trajecta, tydskrift foar skiednis fan it katolyk libben yn Nederlân 12 (2003) 97-115
  • René Veenman,Radbouds Over de zwaluw, yn: Madoc 19 (2005) 194-203
  • Albrecht Diem, Radboud was behalve bisschop ook nog eens een groot geleerde… De heilige Radbod van Deventer en zijn geleerdheid kritisch bekeken, yn: ET VT (Nijmegen) 23 (2004) 83-97.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    Noat

Tags:

Biskop Redbad PatroanhilligeBiskop Redbad Tsjerke fan JorwertBiskop Redbad Redbad, Radbod of RadbodusBiskop Redbad LiteratuerBiskop Redbad25 juny29 novimber850899917BiskopNamen (stêd)NammedeiOotmarsumSticht Utert

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Feriene Steaten131635Jannah (Star Wars)FCowgirlhâldingNSandy MilzDomtsjerke fan Graz7-ZipWFeriene keninkrykJan Tjittes PiebengaFytsSkamte (anatomy)2005Stasjon Rotterdam SintraalRecording Industry Association of AmericaJunyNicole BexleyKVancouverAnusMan (sekse)QJan PrakjeSlotYTrio (seksualiteit)2023Neakenfotografy1959685August TaylorTsjerke1951Delotta BrownOverkill (band)GeslachtsmienskipMockumentaryJ. Mac1864mhlwrYndiaaske kalinder89Nyomi BanxxxDútslânLatyn55Galje61935JulyBiologysk gefaarGerrit OkkingaMoldaavjePaulina Seikola16e iuwTony van der Meulen🡆 More