Recording Industry Association Of America

De Recording Industry Association of America (RIAA) is in organisaasje dy't de Amerikaanske muzykyndustry fertsjintwurdiget.

De leden binne platemaatskippijen en distributeurs fan muzykprodukten dy't neffens de RIAA sels 85% fan alle legaal ferkochte muzyk yn 'e Feriene Steaten produsearje, distribuëarje en ferhannelje.

Recording Industry Association of America
Recording Industry Association Of America
algemiene ynformaasje
ôfkoarting RIAA
nasjonaliteit Recording Industry Association Of America Amerikaansk
type org. feriening
wurkmêd muzykyndustry yn de F.S.
haadkertier Washington, D.C.
oprjochte 1952
offisjele webside
riaa.com

De RIAA waard yn 1952 oprjochte en is fêstige yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. It oarspronklike doel fan 'e organisaasje wie om 'e auteursrjochten fan 'e produsearre muzyk te behearen, om út namme fan 'e oansletten platemaatskippijen mei de fakbûnen te ûnderhanneljen, en om ûndersyk te dwaan dat ferbân hold mei de muzykyndustry en de oerheidsregels dy't dêrop fan tapassing wiene. Teffens waard der troch de RIAA in standerdisaasje fan lûdsdragers trochfierd, dy't resultearre yn 'e stereofoanyske plategroef en trije formaten grammofoanplaten: fan 33⅓, 45 en 78 toeren.

Tsjintwurdich is it doel fan 'e RIAA:

  1. it beskermjen fan 'e auteursrjochten en yntellektuële eigendomsrjochten fan artysten út 'e Amerikaanske muzykyndustry;
  2. it dwaan fan ûndersyk op it mêd fan 'e Amerikaanske muzykyndustry;
  3. it yn 'e rekken hâlden fan en kommentaar jaan op relevante wetten, regels en beliedspunten.

Oangeande dat lêste punt hat de RIAA sûnt 2001 elts jier tusken $2 miljoen en $6 miljoen útjûn om te lobbyen by de Amerikaanske polityk.

De RIAA is oansletten by de Ynternasjonale Federaasje fan de Fonografyske Yndustry (IFPI), en is as sadanich yn 'e Feriene Steaten ferantwurdlik foar de sertifisearring fan goudene en platina singles en albums.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

Feriene SteatenHannelMuzykOrganisaasjePlatemaatskippij

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

1818FryskKultuerGNU/FDLFingerjenFellatioList fan Belgyske keunstskildersTelefoanFotosynteze1978DeastrafJ. Mac66 f.Kr.FleanboatSlach by AneOrganisearre misdieDelawareSeksuele penetraasje3 aprilHarmony WonderYves BaillatEast-Jeropa1980Pornografyske filmFlechtleaze fûgelLjouwert (stêd)Roomsk-Katolike TsjerkeFrankfurt am MainAustraalje (lân)Linda Terpstra1954Grutte-boarstesjenreKontraktNoarsk7 aprilMarilyn CrystalJulie SkyhighFal fan it Westromeinske RykRôfdierenAbbey BrooksKanadaKeninkryk Grut-BrittanjeMariûpolWeblochPeaske-eilânNational Broadcasting CompanyHistoaryskRivierBruce Venture9 maart1975TelefyzjeMegan Salinas24 novimberBarcelonaSalma HayekTermodynamikaNovial18 augustusLoftmachtMia Li2008PearsAntonie Frederik Zürcher24 desimberAafke BijlsmaAntysemitismeDieren🡆 More