Jorwert

Jorwert is in doarp yn de Fryske gemeente Ljouwert.

Ek de buorskippen Fûns en Hesens hearre by Jorwert.

Jorwert
Brêge oer de Jortwerter Feart
Brêge oer de Jortwerter Feart
Emblemen
Jorwert               Jorwert
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Jorwert Fryslân
Gemeente Jorwert Ljouwert
Sifers
Ynwennertal 320 (2022)
Oerflak 7,18 km²
lân: 7,10 km²
wetter: 0,08 km²
Befolkingsticht. 45 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 08' N 5° 42' E
Offisjele webside
dorp.jorwert.nl
Kaart
Jorwert (Fryslân)
Jorwert

Skiednis

Yn de 9e iuw waard ien fan de gruttere terpen yn Westergoa Everwirdt neamd. Dat waard letter Jorwert. Tichteby it doarp is it 9e-iuwske 'Amulet fan Jorwert' fûn, in fynst dat ea grif troch in pylger efter litten waard. It wurdt bewarre yn it Frysk Museum.

Jorwert 
Jorwert sûnder toer (1951)

De Jorwerter tsjerke waard yn de 12e iuw boud en wijd oan Sint-Redbad, dy't yn de 11e iuw biskop fan Utert wie. Yn de lette midsiuwen waard yn de tsjerke it seendrjocht sprutsen. Foar it hiele goa wie Jorwert it haaddekanaat, dêr't op wrâldsk en tsjerklik mêd rjocht spruten waard. De tsjerketoer sakke moarns 25 augustus 1951 om 7 minuten by de restauraasje fan de tsjerke yn inoar. Troch in grut tal aksjes koe de toer al gau wer opboud wurde. Foar de rynkse jouwers waard as tank it iepenloftspul 'De Klokken fan Jorwert' yn de notaristún spile. Dat wie de oarsprong fan in tradysje, dy't tsjintwurdich alle jierren plak fynt.

Oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 wie Jorwert part fan de gemeente Baarderadiel; sûnt hearde Jorwert by de doe nije gemeente Littenseradiel. Yn 1991 fierde de gemeente Littenseradiel Frysktalige plaknammen yn en sûnt hat Jorwert offisjeel in -t op it ein fan de plaknamme. By de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 2018 hold Littenseradiel op te bestean en kaam Jorwert yn 'e gemeente Ljouwert te lizzen.

Jorwerter wapen

De giele flakken oan wjerskanten fan de blauwe fertikale stripe ferwize as tuorren nei de twa eardere states fan it doarp; de Hesensstate en de Fûnsstins. De ikel yn it lofter giele fjild is ûntliend oan it wapen fam de bewenners fan Hesensstate, de Hettinga's, wylst de earn yn it rjochter giele fjild út it wapen fan de famylje Fons komt. De blauwe stripe stiet foar de Jorwerter Feart. De trije ruten ferwize nei it seendrjocht en dat Jorwert yn de lette midsiuwen it haaddoarp fan Baarderadiel wie.

Mienskip

Doarpsnut komt op foar de belangen fan de doarpsbewenners. Der binne kommisjes foar de Boarterstún, it doarpshûs, de doarpskrante (De Hiele Toer) en de Jongereinkommisje.

Tsjerke

Jorwert 
Sint-Redbadtsjerke
  • PKN Westerwert (Jorwert-Jellum-Bears-Weidum)

Nijkleaster

Krekt bûten it doarp wurdt by de kop-hals-romppleats Westerhûs it Nijkleaster ûntwikkele. It is in inisjatyf fan de PKN-Westerwert mei de lannelike PKN. It lytsskealige kleaster siket nei nije wegen foar leauwe en spiritualiteit en wol ek in skûlplak wêze foar minsken, dy oer it Jabikspaad de pylgersreis nei [[Katedraal fan Santiago de Compostela |Santiago de Compostela]] meitsje. Jorwert leit oan de pylgersrûte nei Santago de Compostela.

Skoalle

De iepenbiere basisskoalle De Krunenstrobbe moast yn 2021 fanwegen it sakjende tal bern de doarren slute. De measte Jorwerter bern geane tsjintwurdich foar basisûnderwiis nei Baard.

Ferienings

Jorwert 
It Wapen fan Baarderadiel
  • Keatsferiening 'Hâld Moed'
  • OKK - damjen
  • Toanielferiening 'De Harmonie'
  • De Teannetrapers - dûnsjen
  • Tipferiening 'Reitsje him'
  • Jeugdclub
  • Natuerkoöperaasje Baarderadiel
  • Utfeartferiening 'De Laatste Eer'
  • Stifting Iepenloftspul Jorwert
  • IIsklup Jorwert
Jorwert 
Sluitermanwei/Master Fopmawei

Befolkingsferrin

Jier 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2022
Ynwenners 418 396 392 398 353 311 320

Eveneminten

  • De tradysje fan it Iepenloftspul Jorwert datearret fan de tiid nei it ynstoarten fan de toer. Ut tank waard foar de goederjouwske minsken in iepenloftspul opfierd, dat letter in tradysje waard. It populêre iepenloftspul wurdt opfierd yn de moannen augustus en septimber.
  • Fan 1979 oant 1993 waard yn in greide by Jorwert, dy't bekendstiet as de Reidpôle, it muzykfestival Mukpop holden. Yn 2018 waard nei in fearnsiuw it op 'e nij organisearre om it evenemint nij libben yn te blazen.

Ferskaat

Keunstwurken

Jorwert 
De pet van Slauerhof
  • 'De Pet fan Slauerhoff' (1998) fan Douwe de Bildt (oan it stek fan de pastorij, Sluytermanwei 25).
  • 'De Foardrager' (2003) fan Hanneke Roelofsen (foar it kafee oer oan de Sluytermanwei), delset yn it ramt fan 50 jier iepenlofspul.

Strjitten

Arsumerdyk, Battenserreed, De Him, De Krunen, Ewerwert, Fûns, Havenspaad, Hegedyk, Hesenserreed, It Noard, Jaanbuorren, Lucht en Veld, Lucht en Veldsterdyk, Maliebaan, Master Fopmawei, Pastorijfinne, Redbadwei, Sije Hogerhuisstrjitte, Sluytermanwei.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Jorwert 
Ljouwert
Jorwert 
Stêd:
Ljouwert
Doarpen en útbuorrens:
Alde LeieBaardBearsBritsumEagumEasterlittensFeinsumFriensGoutumGrouIdaerdHijumHilaardHimpensHúnsJellumJelsumJirnsumJorwertKoarnjumLekkumLeonsMantgumMiedumReduzumSnakkerbuorrenStiensSwichumTearnsWarstiensWartenWeidumWergeaWytgaardWurdum
Buorskippen:
AbbenwierAldskou (foar in part)AngwierBaarderbuorrenBartlehiem (foar in part)Buerstermûne (foar in part)DomwierFinsterbuorrenFjouwerhûsFûnsGoattumHesensDe HimHoekIt HoflânHoptilleMarwertMidsbuorrenNaarderbuorrenNoardeinPoelhuzenRewert (foar in part)SkillaerdSkrinsSuderbuorrenSuoreinIt TichelwurkDe Trije RomersTruerdTsienserbuorrenTsjaardTsjeintgumWammertWesterbuorrenWielstersylWieuwens
wizigje

Tags:

Jorwert SkiednisJorwert er wapenJorwert MienskipJorwert FerskaatJorwert KeunstwurkenJorwert StrjittenJorwertBuorskipDoarpFryslânFûns (buorskip)Gemeente (bestjoer)HesensLjouwert (gemeente)

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

1Grutte Priis Formule 1 fan Monako 2019200Striptease3000 f.Kr.Grutte Priis Formule 1 fan Japan 2012Katolike Tsjerke21 febrewarisLjouwert (stêd)3600 f.Kr.Nikolaaskatedraal (Nizjni Novgorod)Nederlân1981Yuma (Arizona)ih6hzTsjechjeRosa CaraccioloHêgelânspoar25 maaieWordPressKya TropicSpaanske grypNoard-IerlânGeslacht (sekse)Grutte Priis Formule 1 fan Yndia 20127e milenniumOflûken (seksualiteit)Atapaskyske talenKrystal SwiftSelebesseeMalawyGrutte Priis Formule 1 fan Kanada 2014Vanessa SkyJoko Widodo700 f.Kr.Grutte Priis Formule 1 fan de Feriene Steaten 2016Moriah MillsGrutte Priis Formule 1 fan Azerbeidzjan 2019GodLiberalismeSekshâldingJeropaFryske talenHTMLSaya SongJulie SkyhighEkshibisjonismeNederlânsk-YnjeKatowiceSkiednis fan Poalen1836PrzewalskihynderPaulina SeikolaYves BaillatFirus (biology)Borough (Feriene Steaten)De HobbitInkele HoarnFormule 1 yn 2015Michael JordanSarah YoungLeo XIIIDimter (gemeente)17e iuwGNU/FDLChislehurst1955Grutte Priis Formule 1 fan Itaalje 2010Karel II fan Ingelân🡆 More