Koarnjum

Koarnjum is in doarp dat yn de gemeente Ljouwert leit.

Koarnjum leit noardlik fan Jelsum en besuden Britsum. Yn 2022 hie Koarnjum 421 ynwenners. De doarpskearn fan Koarnjum leit benammen om de Martenawei.

Koarnjum
Martenastate
Martenastate
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Koarnjum Fryslân
Gemeente Koarnjum Ljouwert
Sifers
Ynwennertal 421 (2022)
Oerflak 4,56 km²
lân: 4,52 km²
wetter 0,04 km²
Befolkingsticht. 93 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 14' N 5° 46' E
Offisjele webside
Side Jelsum-Koarnjum
Kaart
Koarnjum (Fryslân)
Koarnjum

Skiednis

Fynsten út it Proto-Fryske kultuertiidrek (400-200 f. Kr.) bewize dat it doarpsgebiet fan Koarnjum al foar de jiertelling bewenne waard. De lokaasje oan de eartiidske Middelsee makke hannel mooglik yn de midsiuwen. Oer dy tiid is lykwols net in soad bekend.

Sûnt 2018 leit Koarnjum yn de gemeente Ljouwert, dêrfoar lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Ljouwerteradiel.

Martenastate

Koarnjum 
Poarte Martenastate

De skiednis fan it doarp is ferbûn oan de Martena's, dy't grûnbesit hiene yn it doarp. Al yn 1400 wenne Sytze fan Martena yn Koarnjum. De âlde state baarnde yn 1572 troch de Spanjaarden ôf, mar waard troch David fan Goorle en syn frou Swob wer opboud. De lêste bewenner fan Martenastate wie Duco Martena fan Burmania Vegelin van Claerbergen. Dy makke it yntusken brekfallige gebou oer oan de tsjerkfâldij fan Koarnjum. Yn 1899 waard wat der fan oerbleaun wie ôfbrutsen en ferfongen troch in neo-renêssânse kastieltsje, dat folle lytser is as it eartiidske slot. Eleminten fan de âlde state binne yn de nijbou yntegrearre. De barokke poarte datearret fan 1620 en is oarspronklik in ûnderdiel fan it yn 1849 ôfbrutsen Lânskipshûs yn Ljouwert. Yn 1950 foarme in groep Koarnjumers de feriening 'Boskkabouters'. Hja woene de stinzeflora fan it park fan Martenastate beskermje. Súdlik fan de state leit in 19e iuwske grêfheuvel. By de state is no in natoerkemping.

Nikolaastsjerke

Koarnjum 
Nikolaastsjerke

Oer de midsiuwske tsjerke fan Koarnjum is net in soad bekend. Foar de reformaasje wie de oarspronklik yn de 10e iuw boude tsjerke wijd oan Nikolaas fan Myra. Yn 1723 waard de tsjerke tekene as in ienskippich goatysk gebou mei in trijeliddige sealtektoer. De âlde tsjerke waard yn de jierren 1870 ôfbrutsen en ferfongen troch de tsjintwurdige tjerke.

Tsjin it ein fan de 19e iuw waar de terp fan Koarnjum fral oan de noardwestlike kant foar it measte ôfgroeven.

By in razzia yn Koarnjum waarden op 11 febrewaris 1944 19 manlju oppakt wylst hja in tsjerketsjinst bywennen. Hja koene noch krekt troch in lûk harren ferside hâlde doe't de Dútsers de tsjerke yn gyngen, mar hja waarden ûntdutsen en foar twangarbeid nei Drinte stjoerd. Fjouwer oaren sieten op de souder en waarden net ûntdutsen.

Oant 2018 hearde Koarnjum by de gemeente Ljouwerteradiel.

Mienskip

Koarnjum 
De Bining
Koarnjum 
Sicht op De Wier

Koarnjum en it tichtby lizzende Jelsum dogge in soad yn 'e mande. Hja hawwe tegearre it mienskipshûs De Bining. It doarpskafee hjit De Tuolle.

Tsjerke

Protestantske gemeente Britsum-Koarnjum-Jelsum: der wurde wikseljend tsjinsten holden yn oansletten doarpen yn de Genovevatsjerke, De Hoekstien en de Nikolaastsjerke.

Skoalle

Sûnt 1907 dielde Koarnjum de âlde skoalle oan de Boarnsylsterwei mei Jelsum. Troch de oanfleanrûte fan de loftmachtbasis yn Ljouwert moast de skoalle yn 1961 slute. Sûnt gyngen de Jelsumer bern nei basisskoalle 'Oan 't Skipperspypke' oan de Skeltedyk yn Koarnjum. Yn 2015 fusearren de iepenbiere basisskoalle Oan't Skipperspypke mei de iepenbiere- (De Homeie) en kristlike basisskoalle (De Foarikker) fan Britsum ta de gearwurkingsskoalle 'De Swirrel'.

Ferienings

  • Begraffenisferiening 'Eare en Plicht'
  • Biljertferiening Jelsum-Koarnjum & Damesbiljertferiening 'De Stoaten'
  • Feestferiening 'De Twa Doarpen'
  • Fuotbalklub DTD - 'De Trije Doarpen'
  • Keatsferiening 'It Partoer'
  • Iisklub Meiinoar Ien
  • Tonielferiening 'Vriendenkring'
  • Tsjerkekoar Jelsum, Koarnjum & Britsum
Koarnjum 
Martenawei

Berne

Strjitten

Aldlansdyk, Bokkestege, Breedyk, David van Goirlestrjitte, De Wier, Giele Anemoanstrjitte, Helmblomstrjitte, Holwoartelstrjitte, Longkrûdstrjitte, Martenawei, Nijlânsdyk, Skeltedyk, Skreedyk, Swarte Singel, Tsjerkepaad, Wylde Tulpstrjitte.

Koarnjum 
Pleats Aldlânsdyk

Befolkingferrin

Yn 1960 wie Koarnjum it lytse doarp fan de trijegea Jelsum-Britsum-Koarnjum. Dat feroare mei de nijbou westlik fan it doarp, dêr't in soad forinzen kamen te wenjen. Yn 1979 wie Koarnjum neffens ynwennertal it twadde doarp fan de trije, ek mei't it ynwennertal fan Jelsum bot sakke. De lokaasje fan Koarnjum by it Ljouwerter fleanfjild en de lûdshinder dêrfan, beheint de mooglikheden ta útwreiding.

1744* 1960* 1979* 1999 2002 2003 2004 2005 2006 2022
189 405 435 466 492 496 490 484 489 421

* Sifers ôfkomstich út: Ljouwerteradiel, G. Abma, 1984, De Tille, side 394

Oars

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Koarnjum 
Ljouwert
Koarnjum 
Stêd:
Ljouwert
Doarpen en útbuorrens:
Alde LeieBaardBearsBritsumEagumEasterlittensFeinsumFriensGoutumGrouIdaerdHijumHilaardHimpensHúnsJellumJelsumJirnsumJorwertKoarnjumLekkumLeonsMantgumMiedumReduzumSnakkerbuorrenStiensSwichumTearnsWarstiensWartenWeidumWergeaWytgaardWurdum
Buorskippen:
AbbenwierAldskou (foar in part)AngwierBaarderbuorrenBartlehiem (foar in part)Buerstermûne (foar in part)DomwierFinsterbuorrenFjouwerhûsFûnsGoattumHesensDe HimHoekIt HoflânHoptilleMarwertMidsbuorrenNaarderbuorrenNoardeinPoelhuzenRewert (foar in part)SkillaerdSkrinsSuderbuorrenSuoreinIt TichelwurkDe Trije RomersTruerdTsienserbuorrenTsjaardTsjeintgumWammertWesterbuorrenWielstersylWieuwens
wizigje

Tags:

Koarnjum SkiednisKoarnjum MienskipKoarnjum StrjittenKoarnjum BefolkingferrinKoarnjum OarsKoarnjum Sjoch ekKoarnjum2022BritsumDoarpGemeente (bestjoer)JelsumLjouwert (gemeente)Martenastate

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Kelsi MonroeRedbadVanessa SkyBeskerme steds- en doarpsgesichten yn FryslânNoelle EastonIngelskPentagrampuzelTweintichste iuwMartin Luther KingDieren18 febrewarisParysFeankeninginneStasjon HoltenList fan Fryske famkesnammenRussysk-Oekraynske OarlochEala Frya FresenaLuna SilverWashington (steat)Megan SalinasRegierungsbezirkWeblochPunch (drinken)Charley AtwellTytsjerksteradielJ.R. CarringtonTrio (seksualiteit)1945Isaac NewtonFlechtleaze fûgelAnneke DoumaWithin TemptationNederlânHûn1986Iggy PopMya NicholeIlse DeLangeLeppeltsje-leppeltsjeIngelânEgbert van 't OeverStomme filmWûnseradielSkiednisTailânZaya CassidyDe YnternasjonaleFrans Julius Johan van Eysinga (1818-1901)Spoar fan Dimter nei AlmeloMalala Yousafzai2004Ahmed AboutalebPeter PiotEva Jinek26 desimberPhilippe Soine2003JapanSandy MilzTersoalFryske gemeentenDouglas Aircraft Company1943Twadde WrâldkriichHynderAkkrumPriya PriceRae Lil BlackU🡆 More