Leons

Leons, earder ek wol 'Liouwens', is in terpdoarp yn de gemeente Ljouwert.

It is ien fan de lytste doarpen fan de gemeente.

Leons
Doarpssicht
Doarpssicht
Emblemen
Leons               Leons
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Leons Fryslân
Gemeente Leons Ljouwert
Sifers
Ynwennertal 30 (2022)
Oerflak 1,92 km²
werfan lân: 1,88 km²
werfan wetter 0,05 km²
Befolkingsticht. 16 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 09' N 05° 40' E
Offisjele webside
Side Húns-Leons
Kaart
Leons (Fryslân)
Leons

Skiednis

Yn de 13e iuw waard it doarp foar it earst as 'Leonghem' neamd. Oare foarmen binne 'Lyons' (1438), 'Lyowens' (1440), Leons (1445), Leogini (1482), 'Lyoens' (1511), Leons (1529), 'Lions' (1530) en 'Lyons' (1543). It earste stikje fan de namme soe oerienkomme mei de tsjintwurdige namme Liuwe.

Leons 
Katarinatsjerke

De 14e iuwske Katarinatsjerke fan it doarp is fan romaanske oarsprong en stiet op in restant fan de ôfgroeven terp. De tsjerke wurdt foar kulturele aktiviteiten brûkt, mar der is ek noch regelmjittich preek. Yn de muorre is in tinkstien oanbrocht ta neitins oan de fersetsmanlju Pieter Pier Reitsma en Hein Schukken, twa ynwenners fan Leons dy't yn 1944 yn Vucht fusillearre binne

Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Leons diel út fan de gemeente Baarderadiel. Dêrnei wie it in doarp yn de gemeente Littenseradiel en op 1 jannewaris 2018 waard Leons yndield by de gemeente Ljouwert.

Mienskip

Om't it doarp sa lyts is, wurdt in soad gearwurke mei Húns. Der is in feriening foar doarpsbelang. It doarpshûs 'De Murdhûn' stiet yn Húns. Yn it doarpshûs sit winterdeis de soas. Ynwenners fan Leons wurde 'wynhûnen' neamd en Húnsers stean bekend as 'murden'. Alle jierren is der merke.

Befolkingsferrin

Jier 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2022
Ynwenners 41 48 49 49 48 20 30

Tsjerke

  • Protestantske gemeente Hilaard-Húns-Leons

Ferskaat

  • Yn Leons is in romeinsk brûnzen byldsje fûn fan de goadinne Fortuna, dat yn it Frysk Museum bewarre wurdt.
  • Der ride bussen nei Ljouwert en Boalsert.
  • 'De Takomst' is de toanielferiening.
  • Doe't de keatsferiening hûndert jier bestie is it boekje "Húns en Leons yn fûgelflecht" útjûn.

Strjitten

Leons hat gjin strjitnammen. Leons hat allinne nûmers.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Leons 
Ljouwert
Leons 
Stêd:
Ljouwert
Doarpen en útbuorrens:
Alde LeieBaardBearsBritsumEagumEasterlittensFeinsumFriensGoutumGrouIdaerdHijumHilaardHimpensHúnsJellumJelsumJirnsumJorwertKoarnjumLekkumLeonsMantgumMiedumReduzumSnakkerbuorrenStiensSwichumTearnsWarstiensWartenWeidumWergeaWytgaardWurdum
Buorskippen:
AbbenwierAldskou (foar in part)AngwierBaarderbuorrenBartlehiem (foar in part)Buerstermûne (foar in part)DomwierFinsterbuorrenFjouwerhûsFûnsGoattumHesensDe HimHoekIt HoflânHoptilleMarwertMidsbuorrenNaarderbuorrenNoardeinPoelhuzenRewert (foar in part)SkillaerdSkrinsSuderbuorrenSuoreinIt TichelwurkDe Trije RomersTruerdTsienserbuorrenTsjaardTsjeintgumWammertWesterbuorrenWielstersylWieuwens
wizigje

Tags:

Leons SkiednisLeons MienskipLeons TsjerkeLeons FerskaatLeons StrjittenLeons Sjoch ekLeonsLjouwert (gemeente)Terp

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

BûsboekjeTsjerken fan de Arsjitektuerskoalle fan PskovKimi RäikkönenCreative CommonsGrutte Priis Formule 1 fan de Feriene Steaten 2013Aubrey KateTransistorNeakenfotografySkiednis fan PoalenBûnsrepublyk DútslânDútsk1500 f.Kr.Roomsk-Katolike TsjerkeDick Wilson (stammepresidint)Michael JordanBraille24012501 f.Kr.1201Kalifornje17873000 f.Kr.Minnie BeetsWalrus1e iuwSaya SongList fan states en stinzen yn FryslânBritney SpringSwedenIllinois1577Moriah MillsYgo Gaeles GalamaFuotbalSkriuwerFrânskRuslânLeo XIIIHaadsideRae Lil Black28 septimberHartochdom BretanjeMichelle ObamaJeropeeske UnyGrutte Priis Formule 1 fan Kanada 2014KemptenList fan Amerikaanske Yndianestammen mei federale erkenningGregoriaanske kalinderLjouwerter KranteInes RidereGrutte Priis Formule 1 fan Belgje 201023e iuwSarah YoungTsjustere matearjeYnterrasiale pornografyJeropaGrutte Priis Formule 1 fan Japan 2014Thomas JeffersonOcca Johanna Ripperda1901 f.Kr.ISBNNeakenmodel2101 f.Kr.Judas IskariotKya Tropic🡆 More