Anneke Douma (Moarre/Ljussens, 11 novimber 1944) is in Frysk sjongster.
Anneke Douma | ||
sjonger en/of muzikant | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 11 novimber 1944 | |
wurkpaad | ||
sjongtaal | Frysk | |
grutste hit(s) | "'t Woanskip" | |
jierren aktyf | 1958-2021 | |
offisjele webside | ||
Hiemside Anneke Douma |
Anneke Douma waard as famke fan 14 jier al sjongster by ferskate orkesten út de omkriten, dy't optreden by brulloften en partijen. Sy waard ferneamd doe't hja frege waard foar it doe tige populêre orkest fan akkordeonist Pier Sambrink, "De Sambrinco's". Hja giene dêrmei it hiele lân troch. Anneke wie doe al nei Ljouwert ferhuze.
Har earste solosingle wie in joadelliet, "De Joadelskoalle" dat se makke ûnder de namme "Anneke Duma" om't in platebaas de namme Douma te Frysk fûn.
Nei in lange tarieding waard de kryst-CD "As in Stjer" opnommen mei nije muzikanten. It album hie meast orizjinele stikken, ûnder oaren in duet mei minister Annemarie Jorritsma en in duet mei Piter Wilkens, dy’t ek in stikmannich ferskes skreau.
Rillegau grypte se werom op har ‘roots’: Fryslân. Frysktalich materiaal betsjut yn har gefal faak dat se teksten en muzyk bringt fan de yn 1993 te jong ferstoarne tekstdichter Anne van der Mark fan Koatstertille. Se komt no al wer in jiermannich foar it fuotljocht mei in Frysk repertoire, fan bekende, smûke, âlde en nije lietsjes. "Elk optreden is eins in thúswedstryd en wurdt grif in feest", seit se sels. Swiet & Bjuster begeliedt har geregeld.
Nei har hit 't Woanskip brocht sy july 1996 har cd-album Op Aventoer út, mei ûnder oaren in útfiering fan "It Frysk Folksliet". De belangstelling fan publyk, parse en insiders sloech alles. Inkele jierren letter drige te betiid in ein te kommen oan har muzikale karriêre. De stimbannen woenen net mear en Anneke Douma moast ûnder it mes. Sjonge koe se noch wol, al wie it berik fan har stimme wol beheind. Se naam doe wol it beslút om it kalmer oan te dwaan. By de Alvestêdetocht fan jannewaris 1997 krige Anneke Douma ek lanlike bekendheid mei it nûmer "Bonkefeart", in soarte fan "Alvestêdeliet", en Anneke krige de namme "Keninginne fan it Fryske liet".
Anneke treedt ek op mei har dochter Agnes Sambrink.
Yn desimber 2021 makke Douma bekend dat se ophâldt mei optreden en sjongen. It wie in dreech beslút foar har en se hat der in pear jier oer neitocht.
Mini-cd's:
Cd's:
Cd’s mei oaren:
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
--- |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Anneke Douma, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.