Jan Prakje

Jan Prakje is in byltnis fan in man dy't op de meast frjemde plakken opdûkt.

De byltnis kin yn de foarm fan syn antlit, mar der bestiet der ek in rinnende skaadfoarm fan him. Jan Prakje krige sûnt ûngefear 2014 in soad omtinken op sosjale media. Jan Prakje is krektas de graffity fan Killroy was here in soarte fan graffity en street-art, mar wol mei in knypeach. De sticker fan Jan Prakje fersprate him út Fryslân wei de wrâld oer. De sticker sit op hûnderten ferkearsboerden, lantearnepeallen en ôffalbakken en dûkt op de meast frjemde plakken op. Sa kin Jan Prakje te sjen wêze yn Australië, op in fuotbalfjild yn België of op in auto yn in fier lân. Foto's fan dy plakken mei Jan Prakje wurde dan wer dield mei oaren, meast mei in moaie opmerking der by. Der bestiet in eigen Facebook-side fan Jan Prakje en der binne filmkes oer him makke.

Jan Prakje
sticker mei 'Jan Prakje'

Komôf

Jan Prakje 
'Jan Prakje' mei syn tas

Jan Prakje wie de bynamme fan Jan de Jong (It Mar (by It Hearrenfean) - 30 july 1891 - De Jouwer, 1974) Jan waarde berne as seisde bern op it arkje fan Thijs de Jong en Sijke Braaksma yn It Mar by Hearrenfean. Nei in brân waard de húshâlding troch it earmebestjoer yn in keet ûnderbrocht. Jan syn heit wie slij nei drank, sadat de bern faak mei honger yn de roppert nei earmeskoalle giene. Doe't Jan âlder wie waard hy ferver yn Ljouwert. It jild dat er fertsjinne gie op oan syn kosthûs, mar hy skikte ek geregeldwei syn mem wat jild ta. Yn de krisisjierren wie der as skilder net folle wurk. Hy melde him doe oan by de Hollân-Amearikaline as koaletremmer. Hy krige al gau syn nocht fan it smoarge wurk en de sfear op it skip en waard doe skipsskilder op de fêste wâl.

Hy kaam werom yn Fryslân as in lange skriele rûnreizgjende keapman mei twa tassen. Yn de iene tas sieten syn besittings, yn de oare syn negoasje, hierspjeldsjes, skuonpoets, kloskes jern, meubelwaaks en punaises. It wie destiids ferbean op skobberdebonk te libjen, wa't gjin negoasje hie koe rekkenje op in gesticht yn Feanhuzen. Jan wie in ienfâldich mar earlik man, dy't syn libben dielde mei himsels en de natoer. Hy swalke fan it iene doarp nei it oare en rekkene dêrby mei iten op de barmhertigens fan syn meiminske. Dy libbensstyl levere him de namme Jan Prakje op. Underweis hie Jan fêste sliepplakken by ferskate boeren yn de omkriten fan It Hearrenfean, Sint Nyk, De Jouwer en Haskerhoarne. Hy sliepte faak yn it hea en hie meastentiids wol in flesse jenever yn syn tas. Nei syn fiifensechtichste krige Jan troch de AOW wat mear jild om hannen. Hy koe fergees mei de bus en sliepte nachts yn in kûle yn de golle. Hy hie altyd in grienteblikje by him dat er nachts brûkte by it pisjen en moarns as drinkbeker. Yn syn dreamen makke er frijwat leven en hie gauris lûdroftige diskusjes mei syn lotgenoaten. Hy wie faak bang dat se him bestelle soenen. Op in stuit waard hy troch oaren by de dokter brocht. Doe't Jan in slimme longûntstekking blykte te hawwen waard er nei it sikehûs op It Hearrenfean brocht. Troch ûnwennigens lei er binnen de koartste kearen wer op in heasouder. Hjir naam er syn slokje en syn brochje mei greven, want dêr brânt it motorke goed op, fertelde hy de boer. Hy libbe sa troch oant syn 78ste en wenne doe noch in oantal jierren yn ferpleechhûs De Flecke op De Jouwer. Jan de Jong soe 83 jier wurde en waard begroeven op it hou fan Westermar.

Der bestiet eins mar ien dúdlike portretfoto fan Jan de Jong. Dy is dan ek brûkt foar de ôfbylding op de stickers.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Facebook

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Koördinearre WrâldtiidHuningblomMegan Salinas10002020Dôve BrânnettelKanonike evangeeljesPepinidenOpstanningstsjerke (Tomsk)GokkenSkearmês fan OckhamTransportAldfrysk1827Kristen1 julyAsteroïdeIt OranjewâldGoldbandHenk van der VeerTaalSûger (plant)List fan planetoïden 47001-48000DollarAmarins GevekeFrânskJaylene RioFrysktalige WikipedyMegan VaughnLegaat11e iuwNikolo-Korelski kleasterAutoIranSúd-AmearikaSkriuwerSpoar fan Grins nei DelfsylLucy LawlessDútskJohan Rudolph ThorbeckeFerstanlike beheiningMoskouTsjechjeSúd-SûdanEarste WrâldkriichWetterstofSanskrytLibben20e iuwOflûken (seksualiteit)Dûkers (fûgels)Don't Stop Me NowPalermoPetrus- en Pauluskatedraal (Tomsk)Prins EdwardeilânBarnstienFedde SchurerJoyce OliveiraAlaskaEchte fazantfûgelsBob Dylan1814HagekrûperfûgelsMia LiFreedKraj KamtsjatkaSprinkhoannesjongersKaratsjaj-TsjerkessiëNâleAudulfSinnestelselCommercial🡆 More