De Olympyske Simmerspullen 1956, ek wol de XVIe Olympiade neamd, waarden yn 1956 yn Melbourne, Austraalje hâlden.
XVIe Olympiade | ||||
holden yn | Melbourne, Austraalje | |||
jier | 1956 | |||
dielnimmende lannen | 67 | |||
dielnimmende atleten | 3.384 | |||
eveneminten | 145 yn 17 sporten | |||
iepeningsseremoanje | 22 novimber | |||
slutingsseremoanje | 8 desimber | |||
|
XVIe Olympiade | ||||
holden yn | Stokholm, Sweden | |||
jier | 1956 | |||
eveneminten | 1 sport | |||
iepeningsseremoanje | 10 juny | |||
slutingsseremoanje | 17 juny | |||
edysjes | ||||
foarrige edysje | 1952 Helsinki | |||
folgjende edysje | 1960 Rome | |||
|
Plak | Lân | NOK | Totaal | |||
---|---|---|---|---|---|---|
1 | Sowjetuny | URS | 37 | 29 | 32 | 98 |
2 | Feriene Steaten | USA | 32 | 25 | 17 | 74 |
3 | Austraalje | AUS | 13 | 8 | 14 | 35 |
4 | Hongarije | HUN | 9 | 10 | 7 | 26 |
5 | Itaalje | ITA | 8 | 8 | 9 | 25 |
6 | Sweden | SWE | 8 | 5 | 6 | 19 |
7 | It Dútske Ienheidsteam | EUA | 6 | 13 | 7 | 26 |
8 | Grut-Brittanje | GBR | 6 | 7 | 11 | 24 |
9 | Romeenje | ROM | 5 | 3 | 5 | 13 |
10 | Japan | JPN | 4 | 10 | 5 | 19 |
Fanwege de strange karantêneregels fan Austraalje waarden de hynstesporten yn de maitiid fan it noardlik healrûn fan 1956 hâlden yn it Sweedske Stokholm. Fan 10 oan 17 juny waarden hjir de Olympyske Ruterspullen organisearre.
Dit is de ienichste kear dat de Spullen formeel yn stêden fan twa lannen organisearre waarden. Yn 1984 is it noch ris bard: op de Paralympyske Simmerspullen fan 1984 dy waarden yn it Amerikaanske New York en it Ingelske Stoke Mandeville hâlden.
Foar Peking, 2008, waard de organisaasje fan ek wer de hynstesport, fanwege de karantêneregels yn Sina, al dien troch in oar Olympysk Kommitee: it Olympysk Kommitee fan Hong Kong.
Nei oanlieding fan it bluodderige yngripen fan de Sowjetuny yn Hongarije yn de hjerst fan 1956 nammen in oantal lannen wêrûnder Nederlân it beslút om nei Stokholm de rest fan de Spullen te boykotsjen. Dat waard net troch de sporters besletten, mar wie in beslút fan in tafoege generale ledegearkomste. De fjouwer atleten dy't al yn it foar nei Austraalje ôfreizge wienen waarden troch it NOK mei in tillegram opdroegen fuort te gean. It ienichste ekskús dat sy krigen wie it wurdsje "SORRY", op it ein fan it tillegram, atleten dy't noch yn Nederlân wienen krigen hielendal gjin ekskús oanbean. Earst yn 2006 bea Erica Terpstra foar it Nasjonaal Olympysk Komitee de sporters ekskús oan, en twa jier letter kaam it ekskús fan Claas van den Houten oer it telegram.
Dizze fiif lannen hawwe de Spullen yn Melbourne boykotte. Sy hawwe al meidien oan de Spullen yn Stokholm.
67 lannen diene mei oan de Olympyske Simmerspullen yn Melbourne en Stokholm. De lannen dy't skean skreaun binne, lutsen har nei dielname yn Stokholm fan de Spullen werom
Olympyske Simmerspullen 1956 | ||||
---|---|---|---|---|
Atletyk | Baanhurdfytsen | Basketbal | Boksen | Dykhurdfytsen | Fuotbal | Gewichtheffen | Gymnastyk | Hynstesport | Hockey | Hurdsilen | Kanofarren | Keunstdûken | Moderne fiifkamp | Roeien | Sjitsport | Skermjen | Swimmen | Wetterpolo | Wrakseljen | ||||
wizigje |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Olympyske Simmerspullen 1956, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.