Lân Lúksemboarch

Lúksemboarch of Lúksemburch (Gruthartochdom Lúksemboarch) is in lân yn West-Jeropa.

Grand-Duché de Luxembourg
Großherzogtum Luxemburg
Groussherzogtum Lëtzebuerg
Flagge fan Lúksemboarch (lân)
Flagge
Lokaasje fan Lúksemboarch (lân)
Offisjele taal Lúksemboarchsk
Frânsk
Dútsk
Haadstêd Lúksemboarch
Steatsfoarm Grúthertogdom
Gebiet
% wetter
2.586 km²
-­%
Ynwenners (2014) 549.680
Munt Euro (EUR)
Tiidsône UTC +1
Nasjonale feestdei 23 juny
Lânkoade LUX
Ynternet .lu
Tillefoan 352

De haadstêd is ek Lúksemboarch en de gruthartoch fan it gruthartochdom is sûnt 2000 Henry.

Lúksemboarch wurdt begrinzge troch:

Geografy

Hichte

It noarden fan Lúksemboarch, Eusling, is part fan de Ardennen. De rest fan it lân, Goedlân leit yn it omlizzende heuvelte fan de Ardennen. It heechste punt fan it lân is de Burgplatz, op 559 meter.

Rivieren

De eastgrins fan Lúksemboarch, mei Dútslân, wurdt foarme troch trije rivieren. Yn it noarden is de Oer de grins, oant dy útkomt yn de haadrivier fan Lúksemboarch, de Sauwer. Dy rint fan west nei east troch it lân, en bûcht as de eastgrins stadichoan nei it suden oant dy de Mûzel berikt. De Mûzel komt út Frankryk, en foarmet it súdlikste part fan de grins. Utsein de omkriten fan Petingen yn it súdwesten, by it trijelannenpunt fan Belgje, Frankryk en Lúksemboarch, leit gâns it lân yn it streamgebiet fan de Ryn.

Plakken

De haadstêd, Lúksemboarch, is it grutste plak fan it lân. Fierder is de minekrite yn it súdwesten in wichtich fêstigingsgebiet, benammen de plakken Dudelingen, Esch, Differdingen en Pétange.

Skiednis

Yn 963 waard Lúksemboarch in greefskip, yn 1354 in hartochdom en yn 1815 in gruthartochdom. Mei it Ferdrach fan Londen (1839) waard Lúksemboarch skieden yn ferlear it mear as helte fan syn grûngebiet oan Belgje. It gruttere Frânsktalige part bleau by Belgje as de provinsje Lúksemboarch. It lytsere eastlike part bleau oant de ûnôfhinklikens yn 1890 by Nederlân.

Yn de Earst- en Twadde Wrâldkriich waard Lúksemboarch troch de Dútsers beset. Yn 1948 wie Lúksemboarch ien fan de meioprjochters fan de Benelúks.

Demografy

Likernôch 40 % fan de minsken is fan om utens. De Portugezen binne de grutste bûtenlânske groep (13 %). Offisjele talen yn Lúksemboarch binne Dútsk, Frânsk en Lúksemboarchsk.

Gearwurking

Lúksemboarch is in stiftsjend lid fan de Benelúks (1944), de Feriene Naasjes (1945), de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje (1949), de Rie fan Jeropa (1949) en de Jeropeeske Uny (1957).

Ekonomy

BYP per persoan is $79.400 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 1% lânbou, 13% yndustry en 86% tsjinsten.

Militêr

    Struktuer

De Lúksemboarchske definsje hat in lânmacht.

    Mankracht

Yn 2008 wienen der 116.305 Lúksemboarchske mannen fan tusken de 16-49 jier.
Dêrfan wienen 95.152 fit foar militêre tsjinst.
Dy groep wurdt alle jierren oanfold mei manlju dy't sechtjin jier wurde, yn 2008 wienen dat der 3,066.

    Budzjet

Militêr budzjet $232 miljoen (2003).
Persintaazje fan it BYP 0,9 % (2003).

Transport

Wichtichste haven is dy fan Metert. Lúksemboarch-stêd hat it grutste fleanfjild fan Lúksemboarch. De maksimum snelheid op de autodyk is 130 km/o.

Lúksemboarch hat (2006):

  • 5.227 km ferhurde dyk
  • 275 km spoardyk
  • 37 km farwetter

Sjoch ek

Keppelings om utens

 
Jeropeeske Uny
Lân Lúksemboarch 
Lidsteaten: BelgjeBulgarijeDenemarkDútslânEastenrykEstlânFinlânFrankrykGrikelânHongarijeIerlânItaaljeKroaasjeLetlânLitouwenLúksemboarchMaltaNederlânPoalenPortegalRoemeenjeSyprusSloveenjeSlowakijeSpanjeSwedenTsjechje
Ultraperifeare regio's: Frankryk: Frânsk-GuyanaGûadelûpMajotMartinyk • Réunion • Sint-Marten
Portegal: AzoarenMadearaSpanje: Kanaryske Eilannen
Kandidaat-lidsteaten: AlbaanjeBosnjeGeorgjeMoldaavjeMontenegroNoard-MasedoanjeOekraïneServjeTurkije

Tags:

Lân Lúksemboarch GeografyLân Lúksemboarch SkiednisLân Lúksemboarch DemografyLân Lúksemboarch GearwurkingLân Lúksemboarch EkonomyLân Lúksemboarch MilitêrLân Lúksemboarch TransportLân Lúksemboarch Sjoch ekLân Lúksemboarch Keppelings om utensLân Lúksemboarch2000JeropaLúksemboarch (stêd)

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

FrankrykFaginaToplessLannen en territoariaMenameradielNeakenfotografyFrankfurt am MainHTMLSean LawlessStutenHolon (plak)1889Liter20e iuwSandy MilzLexi DiamondOpera (browser)List fan sterke tiidwurden yn it FryskAnneke DoumaDedemsvaart (doarp)El NiñoTennis13 maartEjakulaasjeReligy27 maart1431Bill GatesTwinterâneDelawareAda SanchezFingerjenEksplosyfSlach by AneOeriselKosmetikaOflûken (seksualiteit)Prostitúsje1971MilfpornografyArtefakt (archeology)Rob FordFal fan it Westromeinske RykAndamanenpappegaaido1941KompjûterkloftFuortplantingFeriene SteatenTwadde WrâldkriichPappegaaidowenPearsPierre Woodman25 maartOera Linda BoekKagney Linn KarterSneonTechnykFideoTongaOrale seks18 augustus9 maartKirgyzjeFeriene Keninkryk31 desimberKoen EekmaGesinRôfdierenShae SummersCoralie Trinh ThiTuneezjeHaadside2006🡆 More