Stockholm: Haadstêd fan Sweden

Stockholm of Stokholm (Sweedsk: Stockholm) is de haadstêd fan Sweden; de stêd hat likernôch 743.000 ynwenners.

Stockholm
Stockholm: Ut de skiednis, Demografy, Berne yn Stockholm
Lokaasje yn Jeropa
Stockholm: Ut de skiednis, Demografy, Berne yn Stockholm
Stockholm: Ut de skiednis, Demografy, Berne yn Stockholm

Tiid sône :
UTC +1/Simmer UTC 0
Flagge Wapen
Flagge fan Stockholm
Flagge fan Stockholm
Wapen fan Stockholm
Wapen fan Stockholm
Basisynformaasje
Gebiet 215   km² Stêd
Tal ynwenners 795.000 Stêd
Tal ynwenners km² 4160  km² Stêd
Regear
Lân Sweden Stockholm: Ut de skiednis, Demografy, Berne yn Stockholm
Konstituint lân Sweden
Regio
Administrative yndieling
Boargemaster Kristina Axén Olin
Politike partijen
Webside http://www.stockholm.se

Stockholm leit oan de eastkust fan Sweden, dêr't de útrin fan de Mälarmar útkomt by de binnenste eilannen fan de skearenkust fan de Eastsee.

Stockholm is de grutste stêd fan Sweden, en foarmet in gemeente op himsels. De stêd is it sintrum fan in stêdekloft mei likernôch 1,82 miljoen ynwenners. Stockholm is de sit fan it regear fan Sweden en it wenplak fan de kening, Karel XVI Gustaaf.

Ut de skiednis

Stockholm: Ut de skiednis, Demografy, Berne yn Stockholm 
Omkriten Stockholm 3 000 f.Kr.
Stockholm: Ut de skiednis, Demografy, Berne yn Stockholm 
Wetterstannen troch de iuwen hinne

Stockholm wurdt foar it earst yn 1252 yn in geskrift neamd. De namme komt fan de gearstelling stock (blok hout) en holm (eilantsje) en stiet foar it Gamla Stan fan no. Guonts miene dat de stêd stifte is troch Birger Jarl, om Sweden te beskermjen tsjin oanfallen út see wei.

De strategyske lizzing (tagong fan it Mälarmar) soarge derfoar dat Stockholm de wichtichste stêd fan it lân waard, benammen yn de striid om de ûnôfhinklikens tsjin Denemark. Yn 1600 hie de stêd 10.000 ynwenners en yn 1680 wiene dat al 60.000 ynwenners. Earst yn 1634 waard Stockholm de offisjele haadstêd fan it Sweedske Ryk. Tusken 1713 en 1714 hearske de Swarte Dea yn de stêd, dy't in protte deaden fan gefolgen hie. Neist de befolkingsgroei heakke doe ek de ekonomyske ûntjouwing.

In de twadde helte fan de 19e iuw kaam de yndustry op en waard Stockholm fannijs de meast wichtige stêd fan it lân. Yn de 20e iuw krige de namme Stockholm klank yn de wrâld as sintrum fan arsjitektuer en moderniteit. De stêd bloeide en waard tige útboud yn ferskate rjochtingen, ûnder it Miljoeneprogramma. Bygelyks Rinkeby, Sollentuna en Tensta, mei in grut part ymmigranten, binne doe ûntwikkele. Noch hieltyd is Stockholm ien fan de meast hurd waaksende (haad)stêden fan Jeropa.

Demografy

Yn de gemeente sels wenje sa'n 770.000 minsken, yn de Stockholmske agglomeraasje 1,8 miljoen minsken, wat delkomt op likernôch 20% fan de hiele Sweedske befolking. Foaral yn de bûtenwiken (sa as Rinkeby, Skärholmen en Tensta) wenje in soad minsken mei in útlânske eftergrûn. Sy komme meast út it Heine Easten, East-Afrika en East-Aazje.

It ynwennertal fan Stockholm troch de iuwen hinne:

Jier Stockholm Sweden Part
2005 771.038 9.047.752 8,5%
2000 750.348 8.882.792 8,4%
1995 711.119 8.837.496 8,0%
1990 674.452 8.590.630 7,9%
1985 659.030 8.358.139 7,9%
1980 647.214 8.317.937 7,8%
1970 740.486 8.091.782 9,2%
1960 808.294 7.500.161 10,8%
1950 744.143 7.041.829 10,6%
1940 590.503 6.371.432 9,3%
1930 502.213 6.142.191 8,2%
1920 419.440 5.904.489 7,1%
1910 342.323 5.522.403 6,2%
1900 300.624 5.136.441 5,9%
1850 93.070 3.482.541 2,7%
1800 75.517 2.347.303 3,2%
1750 60.018 1.780.678 3,4%

Berne yn Stockholm

Stockholm: Ut de skiednis, Demografy, Berne yn Stockholm 
Kaart fan in part fan Stockholm, 1910, út de ensyklopedy Nordisk familjebok
  • Franz Berwald (23 july 1796), komponist, muzykpedagooch en fioelist
  • Alfred Nobel (21 oktober 1833), Sweedsk yndustrieel († 1896)
  • August Strindberg (22 jannewaris 1849), Sweedsk auteur († 1912)
  • Greta Garbo (18 septimber 1905), Sweedske aktrise († 1990)
  • Lennart Bernadotte (8 maaie 1909), prins fan Sweden († 2004)
  • Erik Elmsäter (7 oktober 1919), atleet
  • Brita Borg (10 juny 1926), sjongster en aktrise († 2010)
  • Beppe Wolgers (10 novimber 1928), Sweedsk akteur, skriuwer, komponist en regisseur († 1986)
  • Keke Rosberg (6 desimber 1948), Finsk autokûreur
  • Lena Olin (22 maart 1955), aktrise
  • Björn Borg (6 juny 1956), tennisser
  • Martin Adler (30 oktober 1958), kameraman, sjoernalist en misdiedslachtoffer († 2006)
  • Yngwie Malmsteen (30 juny 1963), gitarist
  • Jan-Ove Waldner (3 oktober 1965), tafeltennisser
  • Patrik Ringborg (1 novimber 1965), dirigint
  • Stefan Rehn (22 septimber 1966), fuotballer en fuotbaltrener
  • Marcus Schenkenberg (4 augustus 1968), fotomodel, akteur, skriuwer, sjonger en telefyzjepersoan.
  • Alexander Skarsgård (25 augustus 1976), akteur en regisseur
  • Thomas Enqvist (13 maart 1974), tennisser
  • Johanna Sällström (30 desimber 1974-2007), aktrise
  • Jonatan Johansson (16 augustus 1975), Finsk fuotballer
  • Louise Jöhncke (31 juli 1976), Sweedsk swimster
  • Therese Alshammar (26 augustus 1977), Sweedsk swimster
  • Robyn (12 juni 1979), Sweedske sjongster
  • Katja Nyberg (24 augustus 1979), Noarsk hânbalster
  • Ellen Fjæstad (11 februari 1986), Sweedsk aktrise

Ferienings

Stockholm is ûnder oaren it thúsplak fan sportferiening AID, mei de fuotbalôfdieling AIK Fotboll, ien fan de grutste fuotbalferienings yn Sweden.

Eveneminten

Yn 'e twadde helte fan novimber wurdt yn Stockholm elts jier it Ynternasjonaal Filmfestival fan Stockholm holden.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Tags:

Stockholm Ut de skiednisStockholm DemografyStockholm Berne yn Stockholm FerieningsStockholm EvenemintenStockholmHaadstêdSwedenSweedsk

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

1975Simone WestTwadde WrâldkriichTelegram (applikaasje)FerspriedingsgebietPoëzySkoanfamylje11 maartJ. Mac25 maartAntonie Frederik ZürcherLânbouHûntsjeshâldingISSNFeriene KeninkrykDyami MillarsonPriya PriceOera Linda BoekFeriene SteatenAmerikaanske LoftmachtFideospultsjeHavana GingerAafke BijlsmaJade Kush6 augustus1983JapanskJim MorrisonKeatsenFellatio18 febrewarisFlorânsFlechtleaze fûgel193927 septimber2010-er jierrenFûgelsAken31 desimberHeechlearaarYnternasjonaal Systeem fan IenhedenHellendoorn (gemeente)143116 aprilGedachtestreekjeGazastripe22 april19564 junyAldfryskArp HiemstraLjouwert (stêd)Minsklike seksuele aktiviteitTuneezjeKnier (lichemsdiel)KaliningradThe BeatlesJeropaYvette BovaAustraalje (lân)JapanPappegaaidowenRûandaAbbey BrooksFryske talenSeksuele opwining🡆 More