Apostel Mattias

Mattias (betsjutting: geskink fan God; Judéa, begjin 1e iuw – Jeruzalim, 80) wie neffens de Hannelingen fan de Apostels de dissipel dy't nei it ferried fan Jezus it plak fan de apostel Judas Iskariot ynnaam.

Apostel Mattias

Biografy

Nei't Jezus opfearn wie kaam de noch jonge kristenmienskip byinoar. Petrus naam it wurd en sei dat der in nije dissipel beroppen wurde moast om it plak fan Judas yn te nimmen. Hy ferwiisde dêrby nei de Psalmen, dêr't it folgjende stiet:

    Lit syn hûstee in woastenij wurde
    en lit der net ien op wenje
    en lit in oar syn amt ynnimme.

Mei it hûstee waard it stik lân bedoeld dat Judas kocht hie fan it lean dêr't Jezus foar ferret wie. Dit lân waard Akeldama oftewol Bloedikker neamd. It amt fan Judas moast dus wer opfold wurde. Betingst wie dat de nije apostel fan ôf de doop troch Jehannes de Doper oant Jezus by harren weinommen waard mei de oaren oplutsen hie. Ek moast hy tsjûge west ha fan de ferrizenis fan Kristus. De apostels wiisden twa oan dy't foar it amt yn 'e beneaming kamen: Joazef (dy't ek wol Barsabbas of Justus neamd waard) en Mattias. Nei in gebed foel troch lotsjen de kar op Mattias, dy't dêrmei de tolfte apostel waard.

Fierder wurdt der oer Mattias neat yn it Nije Testamint skreaun.

Oerlevering

Neffens meardere oerleveringen wurke Mattias neitiid yn Judeä en waard er fanwegen it better meitsjes fan siken, bekearings en syn skerpsinnige preken by de Hege Ried oanklage. Hy waard ta de dea feroardiele troch stienniging en dêrnei mei de bile ûntholle. Ek binne der ferhalen dat Mattias yn Grikelân of yn de Kaukasus it leauwe brocht, ear't hy yn it jier 63 stiennige en dêrnei ûntholle waard

Feestdagen

  • Roomsk-Katolike Tsjerke: 14 febrewaris (oant 1970 24 febrewaris)
  • Anglikaanske Tsjerke 14 en 24 febrewaris (yn skrikkeljierren 25 febrewaris)
  • Luterske Tsjerke: 24 febrewaris
  • Otterdokske tsjerke: 9 augustus
  • Armeenske tsjerke: 13 febrewaris, 24 febrewaris, 7 july en 9 augustus
  • Koptyske tsjerke: 4 maart
  • Syrysk-Otterdokske tsjerke: 3 maart, 4 maart, 9 augustus, 24 augustus
Apostel Mattias 
Sarkofaach mei de reliken fan de apostel yn Trier

Ferearing

De reliken fan de apostel lizze yn it Mattiaskleaster fan Trier, Dútslân. It is it iennige apostelgrêf noardlik fan de Alpen. Doe't hja socht nei it krús fan Jezus, Dy't 300 jier earder de krúsdea stoar, fûn keizerin Helena fan Konstantinopel de reliken fan de apostel yn Palestina. Tanksij har waarden de reliken troch biskop Agritius nei Trier brocht. De holle fan de apostel wurdt yn de Santa Maria Maggioretsjerke te Rome bewarre.

Attributen

Ofbylden fan de apostel binne fakentiden te herkennen troch de oanwêzichheid fan in swurd, in bile, in helleburd of stiennen.

Patroanhillige

Mattias is patroanhillige fan boufakkers, timmerlju, houtbewurkers, smeden, slachters, kûpers, bakkers, kleanmakkers en jonkjes dy't krekt nei skoalle gean. By Mattias wurdt de foarspraak ynroppen tsjin pokken, kinkhoast en ûnfruchtberens binnen it houlik.

De apostel is ek de beskermhillige fan de plakken Alkmaar, Oploo en Warmond.

Boarnen en keppeling om utens

Tags:

Apostel Mattias BiografyApostel Mattias OerleveringApostel Mattias FeestdagenApostel Mattias FerearingApostel Mattias AttributenApostel Mattias PatroanhilligeApostel Mattias Boarnen en keppeling om utensApostel Mattias1e iuw80Hannelingen fan de ApostelsJeruzalimJezus KristusJudas IskariotJudéa

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Mûs (kompjûter)Marcel HirscherEl NiñoKylee StruttTiffany Towers (pornografysk aktrise)Aubrey KateAmerican Music AwardMirka Antolović-TipurićDomtsjerke fan GrossetoHeather LeeRedbadWilliam ShakespeareKânselierFaasje1932Criss StrokesWytsingenAugust TaylorNeakenensSneonAnita GyöngyLesotoNasalearring1859Paulina SeikolaJade KushKira EggersÇatalhöyükPilekaaneftigenNashville (Tennessee)1990Lexi DiamondKatedraal fan Padûa19 maartHylperskIerdeFrysk Ynternasjonaal KontaktMiljardêrAldskouEnsyklopedyKeallepoatMenno BandstraAfganistanGokkenNicole BexleyKommunismeLibben30 jannewaris69 (sekshâlding)Orale seksArwen GoldRhylee RichardsKleurEastlike fjildmûsSensual JaneSophie Hilbrand1896RoplettersEjakulaasjeSeksuele yntimidaasjeArtefakt (archeology)1933Sûkerbôle2011Ynterprovinsjaal OerlisNoetselePappegaaidowenWhitney TaylorRosa CaraccioloCowgirlhâlding🡆 More