Marijke Merckens

Marijke Merckens, berne as Marijke Ouwejan (Magelang, op Java (Nederlânsk-Ynje), 3 febrewaris 1940 – Harfsen, 9 febrewaris 2023), wie in Nederlânsk aktrise en sjongster.

Marijke Merckens
Marijke Merckens akteur
Marijke Merckens
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Marijke Merckens Nederlânsk
berne 3 febrewaris 1940
berteplak Magelang
stoarn 9 febrewaris 2023
stjerplak Harfsen
jierren aktyf 1963 – 2002
offisjele webside
(in) IMDb-profyl

Biografy

Merckens groeide op yn Nederlânsk-Ynje, mar trochrûn yn Nederlân it gymnasium en de toanielskoalle (yn Arnhim). Se debutearre yn it seizoen 1963/1964 by it kabaret fan Wim Sonneveld, dêr 't se twa seizoenen bliuwe soe. Nei fiif seizoenen by de Haachske Komedy wie Merckens by ferskate selskippen te sjen, mar hat se dochs benammen yn de frije sektor wurke.

Op telefyzje debutearre se as 'Toedeloe' yn de telefyzjesearje Pipo en de Waterlanders. Healwei de jierren sechtich siet se tegearre mei Trea Dobbs en Ria Valk yn de tf-magazine-shows om Rob de Nijs fan de VARA hinne. Trije shows dy't bewarre bleaun binne, ferskynden yn 2011 op dvd. Merckens bleau in soad frege foar telefyzje, net allinnich as aktrise en sjongeres, mar ek as panellid of kandidate (bygelyks yn Voor een briefkaart op de eerste rang, Een van de acht en it spulprogramma Hints). By it grutte publyk is se foaral bekend troch har rol yn de jeugdsearje De Zevensprong, wêryn't se Rosmarijn spile.

Merckens wie ek te hearren yn harkspullen, ûnder mear yn Kortsluiting ûnder rezjy fan Bert Dijkstra.

As sjongster brocht se de lietsjes De Modepop (fertaling fan Poupée de cire, poupée de son fan 'France Gall), Happy End, Mammie en Kareltje de Grote.

    Priveelibben

Merckens is de efternamme fan har beppe. Se ferstoar yn de âldens fan 83 jiernei in siikbêd. Merckens wie troud mei de akteur Jacques Luijer.

Films

  • Een vrouw als Eva as Sonja, buorfrou fan Eva
  • Ik ben Joep Meloen as presintatrise sjongfestival
  • Een vlucht regenwulpen as de mem fan Maarten
  • Honneponnetje as Gerda, de mem fan Honneponnetje

Telefyzjesearjes

  • Villa des Roses
  • Mensen zoals jij en ik (ôflevering: Mijn Vrouw Is Het Einde) - Sonja (1982)
  • De Zevensprong - juffer Rosmarijn (1982)
  • Sesamstraat
  • Moordspel (ôflevering: Illusie Verstoord) - Lilly Zeppalinie (1987)
  • Medisch Centrum West
  • Barbapapa
  • Oppassen!!! - Blanche van Waveren (1993-1994)
  • Ha, die Pa! - Tilly
  • In de Vlaamsche pot (ôflevering: Moeder wat is het koud) - Bibi (1992)

Sesamstraat

Yn Sesamstraat spriek Merckens twa karakters yn:

  • Marijke
  • Selma Duim

Harkspul

  • Kortsluiting

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Marijke Merckens BiografyMarijke Merckens FilmsMarijke Merckens TelefyzjesearjesMarijke Merckens SesamstraatMarijke Merckens HarkspulMarijke Merckens194020233 febrewaris9 febrewarisAktriseJavaNederlânsk-YnjeSjongster

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

LimoerhalskankerMegan Vaughn6 novimberFrankrykMoriah MillsJulie SkyhighJohn de MolAleksander PûsjkinNational Basketball AssociationJasmine BlackKatedraal fan NapelsSasha BeartSêfte pornografyMilitêrAlexa Flexy1968Album (muzyk)Johnny CashMiljardêrLeppelbekKening-keizerIrakPet (holdeksel)HaadsideGeologyHelpSean LawlessDelotta BrownJob CohenRocco SiffrediUnbemanne fleanmasineHylpenKatedraal fan UdineKatedraal fan CaltagironeSensual JaneJasmine AlohaKatedraal fan PadûaMarika FruscioMinsklike seksuele aktiviteitList fan Nederlânske gemeentenFeankeninginne1868Gamal Abdel NasserNoemilkAngelina JolieMoanne (tiid)Beagle (skip)Molekulêre biologyNASAISBNPierre WoodmanJulianna VegaPornofilmDe BoarnWikipedyRedbadLatynKolombiaCountry22 febrewarisNicole BexleyHarmony WonderGiel23 aprilRoplettersSimone Scheffer🡆 More