Nederlânsk-Ynje, ek bekend ûnder de nammen Nederlânsk East-Ynje, East-Ynje of Ynje, wie fan 1816 oant 1949 in Nederlânske koloanje dy't it gebiet besloech dat no Yndoneezje hjit.
De haadstêd wie Batavia, it hie in oerflakte fan 1.919.440 km² en yn 1930 hie it 60,7 miljoen ynwenners.
Dit artikel is in stobbe oer skiednis. Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
De Nederlânske oanwêzichheid yn Ynje datearret fan ein 16e iuw, koart foar de oprjochting fan de VOC, dy't ûnder mear op Java en yn de Molukken in oantal eilannen, stêden en gebieten besiet. Nei de opheffing fan de VOC yn 1798 gienen dy op de doetiidske Bataafske Republyk oer. Nei 1800 waarden de gebieten offisjeel Nederlânsk-Ynje. Dy namme waard lykwols al brûkt yn de stikken fan de VOC yn de jierren 1620-1622 as 'Nederlandsch-India'. Oant yn de tweintichste iuw wie it besit fan koloanjes foar West-Europeeske lannen sa goed as algemien akseptearre, net allinnich út ekonomyske oerwegings; ek nasjonaal prestiizje spile mei, neist kulturele en godstsjinstige sindingsdrang.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Nederlânsk-Ynje, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.