De Russysk-Georgyske Oarloch wie in konflikt yn augustus 2008 wêrby't Georgje syn eardere gebietsdiel Súd-Osseesje, dat him yn 1991 ûnôfhinklik ferklearre hie, besocht werom te feroverjen.
Hjirby stipe Ruslân Súd-Osseesje en Abgaazje, in oare de facto ûnôfhinklike republyk dy't oant 1992 diel útmakke fan Georgje.
Troch de oanboazjende spannings tusken Ruslân, ûnder it reäksjonêre bewâld fan Vladimir Pûtin, en Georgje, dat him sûnt 2003 almar mear op it Westen rjochte hie, ûntstie der yn april 2008 in diplomatike krisis tusken Georgje en Súd-Osseesje, dy't begjin augustus útrûn op besjittings fan Georgyske posysjes troch it Súdossetyske leger. Yn antwurd dêrop teagen Georgyske troepen op 7 augustus de grins oer en besetten û.m. Tschinvali, de Súdossetyske haadstêd.
Dêrby kaam teffens de Russyske fredesmacht yn it gebiet ûnder fjoer te lizzen. Pûtin, dy't yn Peking by de Olympyske Spullen wie, liet doe troepen út súdlik Ruslân wei de grins mei Súd-Osseesje oergean, wylst Russyske strieljagers ynset waarden om 'e Georgyske posysjes yn Súd-Osseesje en ek yn it eigentlike Georgje te bombardearjen. De Russyske grûntroepen weefden flot ôf mei de Georgyske besettingsmacht yn Súd-Osseesje en befrijden Tschinvali. De Georgiërs waarden fierder weromkrongen en ferlearen ek de Georgyske stêd Gori, súdlik fan 'e Súdossetyske grins, oan 'e Russen.
Underwilens iepenen de Russen en it Abgazyske leger yn noardwestlik Georgje en oan 'e Georgyske Swarte-Seekust in twadde front, wêrby't de Georgiërs yn 'e Slach yn de Kodori-delling út it lytse stikje fan eastlik Abgaazje ferdreaun waarden dat se noch yn 'e hannen hiene. Dêrnei teagen de Russen en Abgazen de grins oer en besetten de wichtige Georgyske havenstêd Poti en de stêden Zugdidi en Senaki, mear it binnenlân yn. Alle oarlochshannelings waarden op 12 augustus beëinige.
Yn Súd-Osseesje wie it nei de Russyske befrijing byltsjesdei, en waarden de ynwenners fan 'e oerbleaune etnysk Georgyske doarpen yn it suden fan it gebiet ferdreaun by in etnyske suvering. Op 26 augustus erkende Ruslân boppedat as earste lân de ûnôfhinklikheid fan Abgaazje en Súd-Osseesje. Yn reäksje ferbriek Georgje dêrop alle diplomatike bannen mei Ruslân. Under de betingsten fan it sjitferbod dat mids augustus sletten waard, loeken de Russen har yn septimber stadichoan werom út it eigentlike Georgje, in troepebeweging dy't op 8 oktober foltôge waard.
Ruslân behold lykwols 3.700 man dy't legere wiene yn Abgaazje en Súd-Osseesje, en joech oan dat it fan doel wie om dêr fêste militêre bases oan te lizzen. Fan 9 oktober ôf holden waarnimmers fan 'e Jeropeeske Uny tafersjoch op it sjitferbod. Ruslân hâldt lykwols 3.700 soldaten yn de beide gebieten en is fan doel om yn dy gebieten militêre basissen te iepenjen.
Yn de foarste wike fan de rispmoanne leit de politike situaasje der sa hinne:
GEORGJE
RUSLAN
Boarne Janes Sentinel Country Risk Assessments
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Russysk-Georgyske Oarloch, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.