Jeanne C. Stein

Jeanne C.

Stein (San Diego (Kalifornje), ±1960) is in Amerikaansk skriuwster fan fiksje dy't heart ta de literêre sjenres fan 'e fantasy, romantyk en horror. Hja is benammen bekend fan 'e Anna Strong-searje, dy't ta de urban fantasy heart. Tegearre mei har kollega Samantha Sommersby hat Stein ek ûnder it pseudonym S.J. Harper wurke.

Jeanne C. Stein
Jeanne C. Stein skriuwer
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym S.J. Harper
echte namme Jeanne C. Stein
nasjonaliteit Jeanne C. Stein Amerikaansk
berne ±1960
berteplak San Diego (Kalifornje)
etnisiteit Jeanne C. Stein Dútsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre fantasy, romantyk, horror
bekendste
  wurk(en)
Anna Strong-searje
útjouwer Ace Books
jierren aktyf 2004 – no
offisjele webside
www.jeannestein.com

Libben en karriêre

Stein, dy't fan etnysk Dútsk komôf is, waard omtrint 1960 berne yn San Diego, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Dy stêd foarmet it dekôr foar de measten fan har boeken. Sels wennet se hjoed de dei lykwols yn Kolorado. Stein is aktyf yn 'e Amerikaanske skriuwersmienskip en is lid fan sawol de feriening Sisters in Crime, de Horror Writers of America as de Romance Writers of America. Yn har thússteat Kolorado heart se ta de Rocky Mountain Fiction Writers, dy't har yn 2008 útrôpen ta skriuwer fan it jier. Stein draacht fierders ek by oan 'e blochgroep Biting Edge.

Doe't Stein yn 2004 úteinsette mei in karriêre as skriuwster, slagge it har om yn 2006 har earste boek útjûn te krijen by ImaJinn Books, in lytse útjouwerij yn Kolorado. Dy roman wie The Becoming, it earste diel fan 'e Anna Strong-searje, oer in froulike preemjejager dy't ek fampier is. The Becoming waard in bestseller by de Amerikaanske boekhannelkeatling Barnes & Noble, en ek pleatslik yn San Diego en Denver. Stein krige doe al rillegau in kontrakt oanbean fan 'e nasjonale útjouwerij Berkley Books, dêr't har boeken sûnt útkomme by de ymprint Ace Books. De Anna Strong-rige ferskynt sûnt 2008 yn in Dútske en sûnt 2009 yn in Noarske oersetting. Tegearre mei har kollega-skriuwster Samantha Sommersby hat Stein ûnder it mienskiplike pseudonym S.J. Harper ek de Fallen Siren-searje publisearje.

Wurk

Under de namme Jeanne C. Stein

Eigen wurk

  • de Anna Strong-searje
    • 2004 – The Becoming
    • 2006 – Blood Drive
    • 2007 – The Watcher
    • 2008 – Legacy
    • 2009 – Retribution
    • 2009 – The Ghost of Leadville (koart ferhaal, yn 'e blomlêzing The Mammoth Book of Vampire Romance, Volume II)
    • 2010 – Chosen
    • 2011 – Blood Debt (novelle, yn 'e blomlêzing Hexed)
    • 2011 – Crossroads
    • 2012 – Haunted
    • 2014 – Cloud City (novelle)
    • 2013 – Blood Bond
    • 2017 – Anna and the Vampire Prince (novelle)
    • 2019 – Paradox
  • op himsels steand wurk
    • 2014 – Wonderland (novelle)
    • 2018 – The Last Rider (mei Matt Koenen)

As redaktrise

  • 2017 – Georgetown Haunts and Mysteries (mei Joshua Viola)

Under de namme S.J. Harper

(mei Samantha Sommersby)

  • de Fallen Siren-searje
    • 2013 – Cursed
    • 2014 – Captured (novelle en prequel fan 'e searje)
    • 2014 – Reckoning
    • 2015 – Forsaken

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

Jeanne C. Stein Libben en karriêreJeanne C. Stein WurkJeanne C. Stein Keppelings om utensJeanne C. Stein1960Fantasy (sjenre)Feriene SteatenFiksjeHorrorKalifornjeLiteratuerPseudonymRomantyk (sjenre)S.J. HarperSan DiegoSkriuwsterUrban fantasy

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Nederlânsk-YnjeBefolkingGeneraalFernando AlonsoPornografyLoppersum (Grinslân)YouTubeMarilyn CrystalSkiedkundigeMasturbaasjeMalawy1955Grutte Priis Formule 1 fan Jeropa 20161878Fryske talen29 maaieAlexa FlexyStripperMidsiuwenAleksander I fan RuslânWalrusByldzjende keunstThe SimpsonsDick Wilson (stammepresidint)TibeariasLockheed F-104 StarfighterGrutte Priis Formule 1 fan Singapoer 2014Ruben L. OppenheimerFormule 1 yn 2015Jeropeeske UnyHaadsideFryslânWyt-RuslânMay ThaiParaguay2201 f.Kr.Pieter SijpersmaBorough (Feriene Steaten)1739Sofia HelinNedersaksenSacramento (Kalifornje)RomeinenMilfpornografyFingerjenSander WarmerdamSandy Milz9e milennium37e iuw f.Kr.501 f.Kr.NarteksCharley AtwellPaulina SeikolaKambodja27 maart1577Kimi RäikkönenMars (planeet)Tsjerken fan de Arsjitektuerskoalle fan PskovDútslânFrânsen3401 f.Kr.28e iuwSARS-CoV-2Thomas JeffersonBûsboekjeTrije-ienheidskatedraal (Brjansk)StromnessGrutte Priis Formule 1 fan Itaalje 2017Hartochdom Bretanje🡆 More