Ivan Sergejevitsj Toergenjev, (Russysk: Иван Сергеевич Тургенев, Ivan Sjergjejevič Turgjenjev) (Orjol, 9 novimber 1818 - Bougival, 3 septimber 1883) wie in Russysk romanskriuwer, toanielskriuwer en dichter.
Syn roman Otsy i deti ('Heiten en soannen') wurdt beskôge as ien fan de grutte wurken fan 19e-iuwske fiksje.
Toergenjev wie fan aadlik komôf. Tusken 1834 en 1837 studearre hy letteren en filosofy yn Sint-Petersburch en fan 1838 oant 1841 yn Berlyn. Toergenjev hat in grutte ynfloed hân op de ûntjouwing fan de Russyske literatuer. Net allinnich troch syn eigen wurk, mar ek troch syn oersettings dy't de Russyske literatuer yn it Westen bekend makke hat. Karel van het Reve ûntfong yn 1979 de Martinus Nijhoff-priis foar syn oersettingen fan wurk fan Toergenjev.
Toergenjev hat nea troud west, mar hie al in bern by in tsjinstfaam fan syn âlden. Yn 1843 rekke er fereale op de Frânske mezzo-sopraan Pauline Viardot nei't er har yn in útfiering fan De Barbier fan Sevilja heard hie yn Ruslân. Yn 1845 ferliet er Ruslân om Pauline folgje te kinnen en úteinlik wenne er sels by de Viardots yn, yn Baden-Baden en Parys. Hy behannele harren bern as eigen en oanbidde Pauline oant syn dea. Sy skreau kritiken oer syn wurk en joech heech op fan him yn it iepenbier. De eksakte steat fan harren relaasje is nea hielendal dúdlik wurden.
Yn Parys hie Toergenjev kontakt mei Frânske skriuwers; syn bêste literêre freon wie Gustave Flaubert dy't him omskreau as 'in sêfte par'. Ek de bruorren Edmond en Jules de Goncourt, Emile Zola, Alphonse Daudet en George Sand hie er kunde oan. Syn ferhâlding mei Lev Tolstoj en Fjodor Dostojevski wie muoisum. Benammen harren religieuze preökkupaasjes koe er net folle mei.
Toergenjev stoar yn Bougival, by Parys, op 4 septimber 1883 mei Pauline oan syn side. Op syn stjerbêd skreau er Tolstoi: "Myn freon, kear werom nei de literatuer!" Neitiid hat Tolstoi noch sok wurk as 'De Dea fan Ivan Iljitsj' en 'De Kreutzer Sonata' skreaun.
De yn 1979 ûntdutsen Asteroïde 3323 Toergenjev is nei de skriuwer neamd.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ivan Turgenev fan Wiki Commons. |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Ivan Toergenjev, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.