Fjodor Michajlovitsj Dostojevski (Russysk: Фёдор Михайлович Достоевский) (Moskou, 11 novimber 1821/30 oktober – Sint-Petersburch, 9 febrewaris 1881/28 jannewaris) wie in Russysk romanskriuwer en publisist.
Hy is ien fan de bekendste auteurs út de Russyske literatuer. Hy wurdt ta de saneamde Realistyske Skoalle yn Ruslân rekkene, hoewol't syn wurk him fan oare realisten ûnderskiedet troch it wiisgearich gehalte en de oerhearskjende dialoochfoarm. Dostojevski liet in mânsk oeuvre nei.
Hy waard ûnder oaren ferneamd mei syn romans De bruorren Karamazov, Misdie en straf en De idioat. Dostojevski skreau yn in typyske hastige styl, mei in protte klam (emfaze) en herhellings. In soad fan syn wichtige persoanaazjes lije en wurde deltreaun fanwegen harren hertstocht. Dostojevski hie te lijen fan epilepsy. Nei eigen sizzen hat dat fan grutte ynfloed op syn wurk west.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Фёдор Михайлович Достоевский fan Wiki Commons. |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Fjodor Dostojevski, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.