Iebele Van Der Meulen

Iebele van der Meulen (It Hearrenfean, 1 febrewaris 1969) is in Frysk redakteur fan tydskriften, dy't al tritich jier yn Amsterdam wennet.

Sûnt 2012 is er haadredakteur fan ferskate njonkenpublikaasjes fan it frouljusblêd Linda, wêrûnder Linda.wonen en L'Homo.

Iebele van der Meulen
persoanlike bysûnderheden
echte namme Iebele van der Meulen
nasjonaliteit Iebele Van Der Meulen Nederlânsk
berne 1 febrewaris 1969
berteplak It Hearrenfean (Fryslân)
etnisiteit Iebele Van Der Meulen Frysk
wurkpaad
berop/amt stilist, tydskriftredakteur
aktyf as haadredakteur fan û.o. L'Homo
jierren aktyf 1991 – no

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Van der Meulen waard yn 1969 berne op It Hearrenfean, dêr't er nei ôfrin fan 'e legere skoalle middelber ûnderwiis genoat oan 'e Ryksskoallemienskip It Hearrenfean. Mei achttjin jier ferfear er yn 1987 nei Amsterdam, dêr't er in oplieding ta stilist folge oan 'e Moade-akademy Charles Montaigne (no it Amsterdam Fashion Institute).

Karriêre

Yn 1991 sette Van der Meulen útein mei in freelance baan as stilist (immen dy't advisearret op it mêd fan styl, yn dit gefal oangeande moadeferskynsels). Yn dy funksje wied er ferbûn oan bedriuwen as Gucci en De Bijenkorf, en teffens oan tydskriften as Man, Elegance en letter Linda. By dat lêste blêd krige Van der Meulen yn 2004 fêst wurk as photodirector. Sûnt 2012 is er haadredakteur fan in stikmannich njonkenpublikaasjes fan Linda, nammentlik: Linda.wonen, Linda.mode, Linda.man en L'Homo.

Priveelibben

Iebele van der Meulen is iepentlik homoseksueel. Hy wennet gear mei twa oare manlju yn it sintrum fan Amsterdam. Mei ien fan dy beide, Joop, is er foar de wet troud, en as soks net ferbean wie om't it as bigamy sjoen wurdt, soene hy en Joop ek trouwe mei de trêde partner, Rik. Van der Meulen beskôget beide manlju as syn oarehelten en is hiel iepen oer harren libbensfoarm. Neffens him kriget er dêr gauris fragen oer, om't minsken der nijsgjirrich nei binne, mar eins nea ôfkarrende reäksjes. De (seis) âlden fan 'e mannen hawwe harren kar akseptearre en kinne ûnderling sa goed mei-inoar dat se mei syn allen (en de trije soannen) al ris op fakânsje nei Majorka west hawwe.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Groenteman, Gijs, Tijd voor een Beetje Zelfspot, yn: de Ljouwerter Krante, 5 maaie 2018, wykeinbylage Sneon & Snein, s. 8-10.

Tags:

1 febrewaris19692012AmsterdamFryslânHaadredakteurIt Hearrenfean (plak)RedakteurTydskrift

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

MoslimNoelle EastonArwen GoldLondenHânboek873 f.Kr.FrouVoodoo (pornografysk akteur)J.R. CarringtonJohnny SinsAdolf Hitler1990Orale seksLetskNew York Stock Exchange2008Hellendoorn (gemeente)Whitney TaylorEtruskenMinnie BeetsFeriene SteatenLytse leppelbekAlexa FlexyEastlike greidwrotmûsWestland WyvernIranKylee StruttLetlânSean LawlessFryske FrijheidMahina Zaltana1990-er jierrenJulianna VegaSlûsJureka del MarSpanjeTatrawrotmûsPet (holdeksel)Sandy MilzWytsingenKeallepoatLibbenTeksasRegearBeagle (skip)Carles PuigdemontPakistan1925Jade MarcelaISO 3166-1Edsger Wybe DijkstraBluesAnno GalamaBilly GlideHimelfeartsdeiRock 'n rollHludaneHillichdom fan Us-Leaffrouwe fan de Roazekrâns fan PompeiClara TrinityDe BoarnRosa CaraccioloAustraalje (lân)Moriah MillsNoardfryskTechnologySkrikkeljier fan tongersdei ôfErflikheidslearFideospultsjeRoplettersMilitêrTriem (ynformatika)Victoria GivensFerstoar🡆 More