Henry Kissinger

Henry Alfred Kissinger (Fürth (Dútslân), 27 maaie 1923 - Kent (Konettikut), 29 novimber 2023) wie in Amerikaansk diplomaat en politikus fan Joadsk komôf.

Hy jildt as in wichtich arsjitekt fan de Amerikaanske polityk fan ûntspanning mei de Sowjetuny en Sina.

Henry Kissinger
Henry Kissinger yn 1976

Hy waard berne as Heinz Alfred Kissinger. Yn 1938, op de flecht troch Adolf Hitlers ferfolging fan de Joaden, ferfear syn famylje út Dútslân wei nei New York. Op 19 juny 1943 waard Kissinger Amerikaansk steatsboarger. As soldaat yn it Amerikaanske leger kaam Kissinger oan de ein fan de kriich werom nei Dútslân. Hy waard dêr militêr bestjoerder.

Letter gong er wurken as heechlearaar ynternasjonale betrekkingen oan de Universiteit fan Harvard, dêr't hy ek inkele boeken publisearre oer ôfskrikken mei nukleêre wapens. Neffens him wie tusken lytsskalich geweld en de ynset fan atoomwapens foar de Feriene Steaten gjin oannimlik militêr optreden mooglik. Dat brocht him yn de polityk, ynearsten as Demokraat, letter as Republikein.

Henry Kissinger waard yn 1968 spesjaal adviseur fan presidint Nixon op it mêd fan de nasjonale feiligens. Hy ûntfong tegearre mei Le Duc Tho de Nobelpriis foar de Frede foar syn ynset by it ôfsluten fan fredesbestân yn de Fjetnamkriich.

Op 22 septimber 1973 waard Kissinger minister fan Bûtenlânske Saken, in funksje dy't hy oant 1977 útoefenje soe.

Tags:

192327 maaieDútslânFeriene SteatenFürthJoadenSinaSowjetuny

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

NederlânskNoardgermaanske talenKeardaamJan HettemaEreksjeJeropeeske UnyE-mailYves BaillatFredeBlom2000YndiaEden DDLaosBeweging fan Sonja de Vries1826BasketbalSeksualiteitTiidwurdDylan RyderSean Lawless1950-er jierren2010Henry IretonWestersk kristendomNoard-Fryslân1922Webloch28 april1093Sybold van Ravesteyn4e iuwKolonisaasjeSkiekundeJan PolMaatskiplike klasse1856OsloScience fictionSina533Gonny Gaakeer10e iuwTaalSilvio BerlusconiLuna SilverMidnight (projekt)Latyn1065HeaMan (sekse)West-Fryslân8 juny21 febrewaris1837Kosovo-oarloch11e iuwFjetnamPrimêre kleurIenhoarn23 febrewarisNika NoirePrehistoarjeKreileroordLaura LionShimon PeresHadada-ibisJayden Lee1 maaieFeriene Steaten fan AmearikaRivierItaalje🡆 More