Blom

In blom is in diel fan in plant, wêryn de organen foar seksuele fuortplanting by elkoar stean.

Lang net alle planten hawwe blommen: blommen binne kenmerkend foar planten dy't oant de stamme Angiospermae of Magnoliophyta (bedektsieddigen of blomdragende planten) hearre. Dizze plantegroep omfet tige ferskate planten, fan it gewoane strjigers oant de oprizende hynstekastanje. As it lytste bloeiende plantsje fan Nederlân wurdt de Draadgentiaan beskôge.

Blom
Ljippeblom
Blom
Fleizige blomboaiem fan de ierdbei; lingtetrochsneed

Blommen kinne alderlei foarmen en kleuren fertoane en wurde om dy reden al sûnt minskenheugenis al graach as dekoraasje yn hûs en tún brûkt. Blommen foarmje lykwols en in wichtich middel om plantesoarten te werkennen.

Algemiene opbou

Opbou fan de blom yn blomdielen.

Blom 
Skema fan in blom

blomstâle (9)
blomboaiem (3)
kroanblêden ek wol blomblêd neamd (petalen) (5) en tsjelkblêden (sepalen) (8), tegearre mei blomdek (perianth)
moaltrieden (androecium) besteande út helmtried en helmhokjes (4)
stamper (7) - besteande út styl (1) en stimpel (6)
vruchtbeginsel (gynoecium) (2)

Net alle ûnderdielen sitte yn elke blom. Guon blomen hawwe gjin tsjelkblêden of gjin blomblêden (Noarske eskdoarn), of sels hielendal gjin tsjelk- of blomblêden (bygelyks wylgekatsjes). By in oantal famyljes is der gjin ûnderskied tusken tsjelkblêden en kroanblêden, mar wurdt sprutsen fan blomdekblêden. Ek kinne de blomblêden ûntbrekke, mar binne der wol kleurde tsjelkblêden, lykas by de ljippeblom en de boskanemoan.

Soms is in bytsjelk (epicalyx), in krânse fan tsjelkeftige blêdjes, oanwêzich, dy't lykwols net ta de tsjelk heare. Yn foarbylden hjirfan is de bytsjelk fan Muskuskaasjeskrûd, dy't bestiet út trije line- oant lansetfoarmige blêdsjes.

In blom, die òf stampers òf moaltrieden ( mar net beide) hat, is ien ienslachtige blom. In blom mei allinnich ien of mear stampers is in froulike blom; in blom mei allinnich moaltriedden is in manlike blom. By windbestowers binne de blommen faak ienslachtich.

In twaslachtige blom hat stampers én moaltriedden.

Om de bou fan in bepaalde soarte blom op in beknopte wize wer te jaan wurdt de blomformule brûkt oanfold mei it blomdiagram.

Tags:

Planten

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

2011FerstoarNoardlike NjonkenlinenHouwerzijl69 (sekshâlding)SûdanPrins EdwardeilânReidimerkeIerlânIrak26SwierwêzenDôve BrânnettelAtoomLudwig van BeethovenPornografysk aktriseEtiopysk-Otterdokse TsjerkeOsmaanske RykAutoHavana GingerList fan sterke tiidwurden yn it FryskNoard-Ierlân3 maaie2020IemshavenPears2022Kosovo-oarlochRosa CaraccioloKanonike evangeeljesNoelle EastonMegan VaughnNoardfryskHendrik ConscienceSlotNoarwegenHarmony WonderKristenMozilla FirefoxWite Brânnettel200116e iuwGauke BoelensMossad600Ricki RaxxxLânfâdNikolo-Korelski kleasterAsteroïdeSpoar fan Grins nei DelfsylReligieuzeTony BeetsNapelsAlexander Graham BellBaktearjeStalking36Nije mediaBelfastYiming CuriosityBarnstienUntsliepeniskatdraal (Tomsk)FenloTibeariusJuliaanske kalinderCalgaryTrije-ienheidskatedraal (Pskov)1 jannewarisBitcoinRia RodrigezStasjon Grins NoardPetrus- en Pauluskatedraal (Tomsk)🡆 More