Gerrit Krol (Grins, 1 augustus 1934 - dêre, 24 novimber 2013) wie in Nederlânsk skriuwer, essayist, dichter en wiskundige.
Krol wie in soan fan de learaar Nederlânsk Idzerd Krol en Tjitske Groenhof. Hy studearre wiskunde en gie al yn syn stúdzje oan it wurk by Shell as kompjûterprogrammeur (ien fan de earsten yn Nederlân). Letter wurke Krol foar de Nederlânske Ierdoalje Maatskippij as systeemûntwerper. Hy debutearre yn 1961 mei gedichten yn literêre tydskriften. Yn 1962 ferskynde syn romandebút De rokken van Joy Scheepmaker. De jierren dêrnei ûntjoech er in eigen skriuwstyl dy't fral ta utering kaam yn Het gemillimeterde hoofd dat ek yn it Italjaansk en it Ingelsk ferskynde. Krols bèta-eftergrûn komt dúdlik ta utering yn dat boek: abstraksjes dy't yn tekeningen en formules oan de lêzer presintearre wurde binne der net ûngewoan. Dy eleminten komme safolle net mear foar yn syn lettere wurk.
Krol waard 1986 ûnderskieden mei de Constantijn Huygenspriis, en ûntfong yn 2001 de P.C. Hooft-priis foar syn hiele oeuvre. Krol syn 70e jierdei waard op 18 septimber 2004 grut fierd yn it Gasunygebou yn Grins; gastsprekkers wiene Douwe Draaisma en Hugo Brandt Corstius.
Krol foel 1990 op mei it pleit foar it ynfieren fan de deastraf: Voor wie kwaad wil. Een bespiegeling over de doodstraf. Maitiid 2001 wie Krol de earste gastskriuwer oan de Technyske Universiteit Delft. De titel fan syn iepeningskolleezje wie "Kunst en wiskunde"; it hannele oer de ferhâlding tusken alfa's en bèta's, mei de klam op de relaasje tusken keunst en matematika. Dêrnei joech Krol in masterclass, mei ferskate wurkkolleezjes, foar in groep oankommende yngenieurs.
Op 20 oktober 2005 waard Gerrit Krol in earedoktoraat jûn troch de Frije Universiteit yn Amsterdam by gelegenheid fan har 125ste jierdei "wegens zijn bijzondere verdiensten voor de Nederlandse cultuur door een vorm van schrijverschap die uitmuntende literaire kwaliteit paart aan theoretische reflectie en inzichten uit de wetenschappen, in het bijzonder de exacte wetenschappen en de wijsbegeerte".
Krol hie de sykte fan Parkinson. Syn lêste roman Duivelskermis út 2007 is in fiktyf ferslach oer de wederwarichheden fan syn syktproses. De lêzer krijt stadichoan yn de gaten dat it boek fan binnennút in Parkisonpasjint skreaun is.
Krol stoar yn de âldens fan 79 jier yn Grins.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Gerrit Krol (skriuwer), which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.