Frije Fryske Grûn

De Frije Fryske Grûn (ôfkoarte FFG) is in Fryske aksjegroep dy't stribbet foar mear autonomy foar Fryslân.

De FFG is oprjochte yn 2008 troch Pier Schuurstra en bestiet neffens harren sels út tweintich minsken fan Snits, fyftjin fan It Hearrenfean en sympatisanten fan bûten ôf.

Aksjes

Frije Fryske Grûn 
Twadde aksje fan de FFG

De earste kear dat de Frije Fryske Grûn yn it nijs kaam wie op 25 septimber 2009. De FFG helle doe mei de Groep fan Auwerk de Nederlânske plaknammen yn Wymbritseradiel fan de buorden. De gemeente hie al besletten dat de offisjele plaknammen Frysk wurde soenen, mar makken neffens de FFG en de Groep fan Auwerk gjin 'dien wurk'.

Op 15 jannewaris 2010 makket de groep bekend dat se alle ferkiezingsposters fuorthelje sil as de foarsitter fan de politike partij 'Trots op Nederland' fan de ôfdieling It Hearrenfean gjin ôfstân docht fan de útspraken fan de politike lieder fan TON Rita Verdonk. Sy sei yn 2008 op in sprekbeurt yn Ljouwert dat se alle provinsjes opheffe wol, ek Fryslân . Dêrop hat Rita Verdonk sein dat at de FFG dy aksje útfiere sil, der oanjefte dien wurdt tsjin de ploech. Yn 'e nacht fan freed 22 jannewaris 2010 hat de groep op It Hearrenfean as in ludike aksje in stikmannich affysjes delhongen mei in cartoon fan Verdonk. Neffens de FFG moasten Friezen bestjoerd wurde troch demokratysk keazen Friezen.

Op 6 maart 2010 kaam de groep yn aksje by it boekefeest Boeke-BOLsert. Ut protest tsjin de te grutte ynfloed fan Nederlânsktalige skriuwers stode in groep manlju fan de FFG mei bivakmûtsen ta de seal yn en struide pamfletten rûn. De groep fûn it Boeke-BOLsert op himsels wol in goed inisjatyf, mar fûn it befoarderjen fan de Fryske kultuer mei sa'n grutte Nederlânske ynfloed net fan tapassing.

Op 27 maaie 2010 wienen de jongerein op 'e nij yn aksje kaam. No in hiel 'maitiidsoffensyf'. De FFG hat in spandoek oan it akwadukt rjochting Ljouwert delhongen mei de tekst: "Status aparte foar Fryslân is in rjocht!" Ek hat de FFG in spandoek oan it fiadukt by Wimbrits delhongen, om't dat neffens de FFG it net opsjitte wol mei de namme dy't de nije fúzjegemeente krije moat. Fansels moat it wol in Fryske namme wurde, sa seit de Frije Fryske Grûn. De namme Wimmertslân is in historysk korrekte namme en moat dus ek brûkt wurde. De groep hat de sekte fan Sonja de Vries út âldhoarne ek te plak set. Politisy dy miene dat se Fryslân opheffe moatte binne oan it ferkearde adres by de FFG. Dy politisy moatte se yn it hok by Sonja stopje. Derom hawwe se yn Aldhoarne in spandoek ophongen. As lêst is de gemeente Skarsterlân ek in hântsje holpen. Dizze gemeente moat neffens de jongerein oer op Frysktalige GBA, en derom hawwe sy de ferkearsboerden yn Skarsterlân ôfplakt.

Nei oanlieding fan de plannen fan D'66 om Fryslân tegearre mei Grinslân en Drinte ta in Lânsdiel Noard hearre te litten gie de Frije Fryske Grûn op 13 jannewaris 2011 oer ta aksje by de ledegearkomste fan de partij yn Akkrum. Leden fan de FFG stoarmen de seal binnen en ferspraten folders ûnder de D'66-leden.

Stânpunten

    Op it mêd fan it kollektyf

1. Mear autonomy foar Fryslân. Fryslân moat baas wurde op eigen hiem, mei úteinlik as doel in ûnôfhinklik Fryslân.

2. Behâld fan Fryske taal, gea en kultuer, want al dizze saken drage by oan de Fryske identiteit.

3. De oerheid, it Ryk, helptsjinsten en oare kollektive ynstânsjes moatte de Fryske taal machtich wêze.

4. Boargemasters, wethâlders en oare politisy moatte ek de Fryske taal machtich wêze.

5. Plaknammeboerden & ferkearsboerden yn it Frysk.

    Op it mêd fan it ûnderwiis

6. Mear Frysk yn it ûnderwiis. De FFG is fan betinken dat de basis fan it Frysk-wêzen yn it ûnderwiis leit: "De boarne". En in probleem moat by de boarne oanpakt wurde. Bern kinne meast maklik in twadde taal oanleare, at Frysk net de memmetaal is.

7. De Fryske skiednis moat yn de skiednisboeken stean. Benammen op skoalle moat der by it fak skiednis mear tiid frijmakke wurde foar de skiednis fan Fryslân.

8. Kennis en ûntwikkeling fêsthâlde. Minsken dy't hjir leard en studearre hawwe, moatte fêst hâlden wurde. Dat kin stimulearre wurde troch de minsken wat mear yn 'e mjitte te kommen & stipe te ferlienen.

    Op it mêd fan de minske

9. It Keningshûs moat allinnich in seremoniële funksje hawwe. De stipe oan it keningshûs ynkoarte ta in absolút minimum.

10. Oer besluten dy't tradysjes oanbelangje moat Fryslân it foech krije.

    Op it mêd fan de ekonomy

11. De gasbel yn de Waadsee is fan Fryslân. De fertsjinsten hearre ta Fryslân.

Poëzy

Op har hiemside besiket de Frije Fryske Grûn mear Fryske poëzy los te krijen, dêrom hat de FFG de Ofdieling Poëzy makke. Dêr kinne minsken harren gedichten spuie dy't dan op de hiemside fan de FFG publisearre wurde.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Frije Fryske Grûn AksjesFrije Fryske Grûn StânpuntenFrije Fryske Grûn PoëzyFrije Fryske Grûn Sjoch ekFrije Fryske Grûn2008FryslânIt Hearrenfean (plak)List fan Fryske aksjegroepenSnits (stêd)

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Sarah YoungYgo Gaeles GalamaWalrusAquaZoo FrieslandJierskemaPius XI100122 julyGrutte Priis Formule 1 fan Belgje 2010Kamui KobayashiJehannes de Dopertsjerke (Solikamsk)Skiednis fan PoalenPaulina SeikolaAustraalje (lân)Ferdrach fan FerdunOflûken (seksualiteit)St Paul's Cathedral (Londen)RapunzelWaylon JenningsAleksander Nevskikatedraal (Nizjni Novgorod)PornoakteurNovialNederlânsk-YnjeOrale seksMinnie BeetsMarilyn CrystalChislehurstTsjerken fan de Arsjitektuerskoalle fan PskovVienna BlackAugsburgNeakenfotografy19691600 f.Kr.Taj Mahal1700 f.Kr.Job CohenShalina Devine4e milenniumArwen GoldCowgirlhâldingSergio Pérez27 maartAlexa FlexyJoe BidenFeriene KeninkrykIo (moanne)Twadde WrâldkriichDick Wilson (stammepresidint)Inga RidereFormule 1 yn 2010Thüringen1622Bruce Venture3201 f.Kr.1790SelebesseePornofilmDiana, prinsesse fan Wales1577Grutte Priis Formule 1 fan Jeropa 20162201Noelle EastonPerûKearnramp fan TsjernobylJulianna VegaNeakenmodelGrikelân600 f.Kr.23003001 f.Kr.Borough (Feriene Steaten)May Thai🡆 More