Novial is in keunsttaal makke troch de Deenske taalkundige Otto Jespersen.
Novial | ||
algemien | ||
eigen namme | Novial | |
lânseigen yn | ? | |
tal sprekkers | ? | |
skrift | Latynske alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | Keunsttalen
| |
taalkoades | ||
ISO 639-3 | nov |
Jespersen hie earder wurke oan Ido en hy woe mei Novial in helptaal meitsje en dêrmei ynternasjonale freonskip ferbetterje. De taal wie yn 1928 foar it earst publisearre, yn syn boek An International Language (In ynternasjonale taal).
De grammatika fan Novial is ûntstean ûnder ynfloed fan it Ingelsk; de wurdskat komt fral út de Germaanske en Romaanske talen.
Yn 1930 publisearre Jespersen in oanpaste ferzje mei syn wurdboek Novial Lexike (Novial wurdboek). Der waard noch praat oer fierdere oanpassings mar nei Jespersen syn dea yn de Twadde Wrâldkriich ferdwûn de taal. Sûnt de njoggentiger jierren fan de 20e iuw is der troch it Ynternet wer wat belangstelling foar kaam.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Novial, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.