Alphonsus Paulus Johannes Maria (Fons) Jansen (Bussum, 12 oktober 1925 - Hilfertsom, 23 maart 1991) wie in Nederlânske kabaretier en skriuwer.
De politika Annemiek Padt-Jansen wie syn suster.
Fons Jansen skreau in soad konferenses en lietsjes. Fan oarsprong wie hy lykwols gjin kabaretier, mar nijslêzer by it ANP en gesprekslieder by it roomske foarmingssintrum foar de lânmacht Waalheuvel. Foar syn wurk hâlde hy lêzings troch it lân. Dy waarden geandewei hieltiten komysker, en it entûsjaste laitsjen fan it publyk ynspirearre him úteinlik ta syn earste kabaretprogramma "De lachende kerk", dat yn 1962 yn première gie.
Yn 1984 naam hy ôfskied fan it teater, like ûnferwacht as'ter ea komd wie. Hy gie wer skriuwen. Yn 1990 iepenbierre him by him longkanker. Hy wegere alle behannelingen en ferstoar úteinlik yn it foarjier fan 1991 op 65-jierrige leeftyd. Hy waard begroeven op it Noarderbegraafplak in Hilfertsom.
1973 - Zalig hoogtij of het lijdensverhaal van ons ma, onze pa, onze groteva, en ook een beetje van mij en van a : kreatie op november 1977 (nei in idee fan Fons Jansen en Herman Hafkamp)
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Fons Jansen, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses. ®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.