Bannink syn muzikale karriêre sette út ein yn in lyts dûnsorkest, oan de ein fan de Twadde Wrâldkriich. Mei teater krige er te krijen yn 1958 as komponist fan it lustrumspul "Het staat u vrij" fan it Delfts Studinte Korps (Luc Lutz en Alexander Pola dienen dêr ek oan mei). Yn 1960 wurke er as repetitor mei oan My Fair Lady fan Wim Sonneveld, by wa't er yn 1964 ek de muzyk yn de foarstelling 'Een avond met Wim Sonneveld' fersoarge. It earste lietsje fan Annie M.G. Schmidt dat er op muzyk sette - hy beskôge himsels net as komponist hoewol't er goed 3000 lietsjes skreaun hat - wie it troch Conny Stuart songen Hoezepoes. Der soene noch in soad ferskes folgje, dêr't alle lietsjes út 't Schaep met de 5 pooten en Ja zuster, nee zuster ûnder wienen, dy't ek nei 40 jier noch gereldwei te hearren binne. Flak foar syn dea hat er by alle muzyk út dy rige fannijs fan piano-arranzjeminten makke. Fierders skreau er ûnder oaren muzyk foar Wieteke van Dort.
Musikals
Ien fan syn musikals is Heerlijk duurt het langst út 1965. Yn it beukerprogramma De Film van Ome Willem siet er as hoofd-geitebreier fan it orkestke jierrenlang achter de piano. Hast oant syn dea ta 1999 hat er noch in protte melodyen by ferskes fan it jeugdprogramma Het Klokhuis komponearre. Itselde hat er dien foar de jeugdprogramma's "De Stratemakeropzeeshow" en "J.J. De Bom voorheen De Kindervriend".
Muzyk foar radio
1956 - 1961 L'Humeurop
1956 - 1960 Poppetjes op de ruit
1957 - 1958 Bonjour Caroline (harkspul)
1958 - 1962 Man in de stad
1962 - 1969 Vrij entree (mei Henk Elsink)
1964 - 1966 Te waar om mooi te zijn
1969 - 1976 Hoe later op de avond (mei Edwin Rutten)
1991 - 1992 Pluk van de Petteflet
Muzyk foar telefyzje
1960 - Wat kan me gebeuren (telefyzjeshow mei Conny Stuart mei û.o. Je vader is naar Venus en Hoezepoes)
1963 - Het is in de maand van mei, ja, ja (telefyzjeshow rûnom kabaret Lurelei)
1966 - 1968 Ja zuster, nee zuster
1966 - 1976 Farce Majeure I
1966 - De Conny Stuartshow (tv-show mei û.o. Herr Heinzelmann en Wat voor weer zou het zijn in Den Haag?)
1968 / 1969 Liedjes aan de kerk
1969 - 1970 't Schaep met de 5 Pooten
1970 - 1971 Werken op zondag
1971 - 1973 Wij en de wereld (tv-rige mei û.o. de oerferzje fan De oude school fan Willem Wilmink)
1972 - 1974 De Stratemakeropzeeshow
1972 - 1976 Woord voor woord
1973 - 1974 De Panoramawoensdagshow
1973 - Welk liedje zal ik zingen? (Sinterklaasútstjoering)
1973 - 1989 De Film van Ome Willem
1975 - 1976 Oorlogswinter (leader)
1975 - 1978 Dat ik dit nog mag meemaken
1975 - 1977 Pleisterkade 17 (leader)
1976 - 1977 Hint (tv-rige, opfolger fan Farce Majeure)
1976 - 1978 Ieder zijn deel (leader)
1977 - 1981 Het Spant erom
1977 - 1983 Showroom
1978 - 1981 J.J. De Bom voorheen De Kindervriend
1979 - 1981 The Late Late Lienshow
1979 - 1982 Ik heb u lief, mijn Nederlands (taalkursus Teleac)
1979 - Spreuken (lietsjes troch Simone Kleinsma en Joost Prinsen)
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Harry Bannink, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses. ®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.