Cali

Cali, of Santiago de Cali, is de haadstêd fan it departemint Valle del Cauca yn it suden fan Kolombia.

It is it yndustriële en kommersjele sintrum fan de Cauca-delling. Cali hat goed twa miljoen ynwenners en is de twads grutste stêd fan it lân, nei de haadstêd Bogotá en de twadde stêd Medellín. It is de grutste stêd fan it súdwesten fan Kolombia. Yn Cali wurde kofje, katoen, sûkerreid, fleisguod en sojabeanen ferhannele. Teffens wurde dêr bannen, tabaksprodukten, tekstyl, papier, gemyske produkten en boumaterialen makke.

Santiago de Cali
Ciudad de Cali
Cali
Polityk
Lân Kolombia
Departemint Valle del Cauca
Boargemaster Norman Maurice Armitage
Sifers
Ynwennertal 2.471.474 (2018)
Oerflak 564 km²
Befolkingsticht. 4382,05 km²
Stêdekloft 2,9 miljoen
Hichte 1018 m.
Oar
Stifting 1536
Tiidsône UTC-5 (UTC-5)
Simmertiid UTC-5(UTC-5)
Koördinaten 3°27′ NB 76°32′ WL
Offisjele webside
Webstee fan Cali
Cali
Lokaasje fan Cali yn Valle del Cauca en Kolombia

De stêd hat seis universiteiten en it haadkertier fan it Cauca-dellingsûntwikkelingsprojekt is dêr festige. De wichtichste toeristyske trekplasters fan Cali binne in akwadukt en in katedraal. Ek is dêr in bysûndere bistetún yn Cali festige: de Zoológico de Cali.

Skiednis

Cali waard yn 1536 stifte troch de Spaanske feroverder Sebastián de Belalcázar, mar wie it grutste part fan syn skiednis net folle fan betsjuttenis. Yn 1811 rôp de stêd syn ûnôfhinklikens út fan Spanje, tegearre mei fiif oare stêden yn de Cauca-delling.

Yn de tweintichste iuw woeks de stêd tige hurd. Yn de fyftiger jierren ferdûbele de befolking fan de stêd.

Op 7 augustus 1956 ûntploften sân Kolombiaanske legerfiertugen mei 42 ton dynamyt by it treinstasjon. Acht strjitblokken fan de stêd rekke swier skansearre. 1000 minsken kamen dêrby om it libben.

Yn de tachtiger jierren wie de stêd negatyf yn 't nijs, om't der in beruchte drugsbinde yn Cali fêstige wie, de saneamde Kartel fan Cali. Neitiids kaam Cali yn better deiljocht te stean.

Klimaat

It klimaat yn Cali is dat it der almeast waarm is mei in trochsneed temperatuer fan 26.8 °C, en bytiden aardich hjit. De luchtfochtigens is heech en benammen nachts is der in kuoljende wyn, troch de oanwêzigens fan bergen dy't de stêd omkringe. De stêd sels leit op sa'n 1000 meter hichte, dêrtroch't der gjin malaria foarkomt. Der is hast gjin ferskil yn seizoenen, om't Cali tichte by de evener leit.

Keppeling om utens

Galery

Tags:

Cali SkiednisCali KlimaatCali Keppeling om utensCali GaleryCaliBogotá (stêd)KatoenKolombiaMedellínPapierTabak

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

PearsList fan Amerikaanske Yndianestammen mei federale erkenningHartochdom BretanjePaulina SeikolaRoomsk-Katolike Tsjerke27 maartGrutte Priis Formule 1 fan Dútslân 20161722Switserlân19181806ToulouseEjakulaasjeGrutte Priis Formule 1 fan Azerbeidzjan 2019Joe BidenSaksen (dielsteat)JapanMay ThaiWalrus22 julyMidsiuwenFinlânAtapaskyske talenLofthaven Frankfurt am Main1 oktober1739AquaZoo Friesland19e iuw f.Kr.28e iuwNeakenmodelSarah YoungGrutte Priis Formule 1 fan Bachrein 20181981Loadewyk XVI fan Frankryk2200ChislehurstDe SionsberchClara TrinityNeakenensNeakenfotografyAlexa FlexyFreedAudiFellatio1Kimi Räikkönen29 maaiePierre-Simon LaplaceFryskSina1 junyJohan Derksen401IngelskBûsboekjeWrâlderfgoedlistMichael JordanMax VerstappenPius XILionel MessiJierskemaSome Like It Hot (film út 1959)Marije-Bertetsjerke (Nizjni Novgorod)The Simpsons🡆 More