De Appalachen (Ingelsk: Appalachian Mountains) binne in middelberchtme yn it easten fan Noard-Amearika.
It berchtme mei in lingte fan 2400 km en in breedte fan 160 oant 480 km is hersynysk (300 - 450 miljoen jier âld) fan oarsprong en hat in protte stienkoalfjilden. Ea wie it berchtme like heech as de Alpen en de Rocky Mountains foar't it erodearre. Mount Mitchell is no mei 2.037 m de heechste top.
De berchkeatlings rinne fan súdwest nei noardeast yn meast paralelle linen dy't in brede lingtedelling ynslute, de Great Appalachian Valley. Sy wienen lange tiid in behindering foar de east-west ferbinings (dyk en spoar) yn de Feriene Steaten.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Appalachian Mountains fan Wiki Commons. |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Appalachen, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.