Antysemitisme (joadehaat) is de diskriminaasje fan Joaden op grûn fan harren etnisiteit of religy.
It antysemitisme wurdt skaaimerke troch in fijannige hâlding en foaroardielen foar de joaden oer. In faak hearde oarsaak soe wêze dat yn de bibel de joaden Jezus Kristus ombrocht hawwe. In foarm fan antysemitisme is judeofoby, eangstme foar joaden, yn 'e regel feroarsake troch de grutte maatskiplike ynfloed dy't hja hawwe soene of troch grizelferhalen oer de ûntaarde religieuze praktiken (it offerjen fan bern, ensfh.) dy't hja bedriuwe soene.
Joaden en it Joadendom hawwe yn de skiednis faak te krijen hân mei wjerstân (of ferset of haat) fan tsjinstanners. In soad foarmen fan dy wjerstân liite har gearfetsje yn de term 'antysemitisme'. Yn de skiednis hawwe ekstreme uterings fan antysemityske aard faket laat ta moard op Joaden, lykas yn pogroms en de Holocaust. Neist de term 'antysemitisme' wurdt ek de term anti-judaïsme faak brûkt; dit lêste dan mear as kenskets fan de teologyske tsjinstanners fan it Joadendom (dus los fan de Joadske etnisiteit, mar him rjochtsjend op de leauwenskant).
De term 'antysemitisme' waard foar it earst brûkt tusken 1870 en 1880 yn Dútslân troch Wilhelm Marr, ûnder oare yn syn Antisemitische Hefte út 1879. It ferskynsel sels is lykwols folle âlder as de 19e iuw. Antysemitisme moat net betize wurde mei antysionisme, dat him rjochet tsjin it sionisme en dêrmei tsjin de stifting en it betsean fan de steat Israel, of tsjin de Sionistyske doelstelling ta in Grut-Israel te kommen. Antysionisten binne net per se antysemitysk. Soms wurdt wol besocht antysionisme te bestriden troch it as antysemitisme te bestimpeljen.
Antysemitisme kin fuortkomme út meardere ideologyen, lykas fûnemintalistysk kristendom, islam, nasjonalisme, kommunisme, rasisme, nasjonaalsosialisme en fassisme, wêrby't Joaden of it Joadendom as religy as tsjinstanner, fijân of ferwerplike religy sjoen wurde kinne (bygelyks as fijân fan Kristus of Allah, frjemdling, kapitalist, kommunist ensafuorthinne).
Antysemitisme is net yn alle gefallen in bewust keazen polityk of religieus stânpunt, mar kin ek fuortkomme út foaroardielen of tinkfouten (fallacia consequentis). Sa 'konkludearre' de 19e-iuwske Dútske komponist Richard Wagner, dy't in fervint antysemyt wie, dat as hy ien net lije mocht, dyjinge dan in Joad wêze moast as oars dochs syn mem alteast in joadinne wêze moast. Dit nimt net wei dat Wagner útfieringen fan earste produksjes fan nije operakomposysjes krekt oan Joadske diriginten tabetroude: ien fan de soad paradoksen yn de libbensskiednissen fan de komponist.
Neffens guons hingje antysemiten ek gauris ferskate komplotteoryen oan, wêryn dan oan Joaden in faak ferhoalen bepalende rol yn "it wrâldbarren" tadichte wurdt, of in stribjen nei wrâldoerhearsking. Faak wurdt dêrby gjin ûnderskied makke tusken bygelyks Joaden (as folk) en joaden (as oanhingers fan in religy) en bygelyks ek tusken it sionisme en de steat Israel.
In oantal foarfallen yn de wrâld wurdt - fanút antysemitysk tinken - op negative wize oan Joaden taskreaun (de Joad of it Joadendom as sûndebok), fan de Russyske revolúsje oant de oanslach op de Twin Towers in New York op 11 septimber 2001.
Antysemitisme is faak basearre op eangst, fuortkommend út foaroardielen. De foaroardielen kinne ûnder oare ekonomysk, religieus, polityk of (biologysk-)rassistysk kleure wêze.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Antysemitisme, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.