Ester (Gryksk) is de oantsjutting foar de Gryksktalige tafoegings oan 'e oarspronklike Hebriuwske tekst fan Ester, in boek út sawol de joadske as de kristlike Bibel.
Yn 'e joadske Tenach en yn it Alde Testamint fan 'e Bibel sa't dat yn gebrûk is ûnder de protestantske denominaasjes stiet inkeld de oarspronklike tekst werjûn, mei't de Grykske tafoegings as apokryf beskôge wurde. De Roomsk-Katolike Tsjerke en de eastersk-otterdokse en oriïntaalsk-otterdokse tsjerken erkenne se lykwols àl as kanonyk, en de measte roomske en eastersk- en oriïntaalsk-otterdokse bibels hâlde dêrom de gearstalling fan 'e Septuaginta, in iere Grykske bibeloersetting, oan, wat betsjut dat der seis ekstra haadstikken yn 'e oarspronklike tekst fan Ester ynfoege binne. Yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978 wurdt Ester yn 'e oarspronklike foarm werjûn en steane de Grykske tafoegings fermeld by de apokrife boeken ûnder de titel Ester (Gryksk).
Ester (Gryksk) | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Εσθήρ ("Esthir") | |
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | novelle | |
sjenre | histoaryske fiksje | |
skreaun | nei de 3e iuw f.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Apokrife taheakken oan it A.T. | |
● foarich diel | 2 Makkabeeërs | |
● folgjend diel | Azarja | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Ester (Gryksk) | |
publikaasje | 1978, Haarlim/Boxtel | |
útjouwer | NBG & KBS | |
oersetter | H.J. Brouwer | |
ISBN oers. | 9 06 12 60 817 |
De Grykske tafoegings fan Ester kinne datearre wurde yn 'e lette twadde iuw of de iere earste iuw f.Kr. (wylst de Hebriuwske haadtekst fan Ester yn 'e trêde of fjirde iuw f.Kr. ûntstien wêze moat). Men moat begripe dat it Esterferhaal út 'e Septuaginta net sasear in oersetting út it Hebriuwsk is, as wol in bewurking fan 'e oarspronklike tekst. Dêrby wurde frijwat mear histoaryske details jûn, lykas de identifikaasje fan 'e Perzyske kening Ahasfearos, ien fan 'e wichtichste personaazjes yn Ester, as Artakserkses II (405-359 f.Kr.). De betrouberens fan 'e tafoegings lit lykwols te winskjen oer, mei't Ahasfearos nei alle gedachten lykslein wurde moat mei Kserkses I (486-465 f.Kr.).
De fraach oft de Grykske tafoegings no al of net kanonyk binne, hat yn 'e tsjerkskiednis ta in aldertigenste strideraasje laat. Marten Luther, dy't it fan alle foaroanmannen fan 'e Reformaasje nei gedachten it fûleindichste tsjin 'e tafoegings yn 'e kant sette, beskôge sels de oarspronklike Hebriuwske tekst fan Ester as fan twifelich alloai. Syn beswieren tsjin it boek giene lykwols de wittenskiplike krityk foarby om op it persoanlike flak te bedarjen. Dêrút soe Luther syn bewearde antysemitisme sprekke kinne, al hawwe guon biografen fan 'e man útholden dat er de Joaden net bestried om't er op harren ras tsjin wie, mar om't er ûnoerkomlike beswieren tsjin harren teology hie. Op it Konsylje fan Trinte, de gearkomste dêr't de lieders fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke de Kontrareformaasje bepankoekbakten, waard kedize dat sawol de Hebriuwske tekst as de Grykske tafoeging kanonyk wiene, al erkenne roomske bibelwittenskippers en teologen hjoed de dei iepentlik dat tafoegings dúdlik lettere ynslûpsels binne.
De Grykske tafoegings ta Ester besteane út:
Yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting, dy't yn 1978 mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel útjûn waard, is Ester (Gryksk) yndield ûnder de deuterokanonike of apokrife boeken, en stiet it tusken 2 Makkabeeërs en Azarja yn. Dizze oersetting fan Ester (Gryksk) waard makke troch drs. H.J. Brouwer, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch Paulus Akkerman.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Ester (Gryksk), which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.