3 Henoch, ek wol bekend as it Boek fan de Paleizen, it Boek fan Rabbyn Ismael de Hegepreester of de Iepenbiering fan Metatron, is in algemien as apokryf beskôge religieus joadsk geskrift, besibbe oan it Alde Testamint fan 'e Bibel.
De tekst sels hâldt út dat it yn 'e twadde iuw skreaun is troch de joadske rabbyn Ishmael ben Elisha, dy't hegepreester wurden wêze soe nei syn fizioenen fan in opnimming yn 'e himel, tusken 90 en 130. Mei't it boek net fierder weromfûn wurde kin as yn 'e fyfde iuw, binne moderne bibelwittenskippers fan tinken dat it hjir giet om in pseudepigrafyske taskriuwing. 3 Henoch, dat nei alle gedachten oarspronklik yn it Hebriuwsk skreaun is, behannelet benammentlik de himelfeart fan 'e bibelske persoan Henoch, de oerpake fan Noäch, dy't yn Genesis 5:21-24 neamd wurdt, en dy syn transformaasje ta de ingel Metatron. Dit geskrift moat net betize wurde mei de boeken 1 Henoch en 2 Henoch.
3 Henoch | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Hebriuwsk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 5e iuw (?) |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article 3 Henoch, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.