Vincent Gross

Vincent Valentin Gross (berne op 23 augustus 1996 yn Basel) is in Switserkse sjonger.

Vincent Gross
Vincent Gross sjonger en/of muzikant
Vincent Gross
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Vincent Gross Dútsk
berne 23 augustus 1996
berteplak Vincent Gross Basel
etnisiteit Dútser
wurkpaad
sjongtaal Dútsk
jierren aktyf Sûnt 2015
offisjele webside
www.vincentgross.ch

Libben

Syn âlden stamme út it noarden fan Dútslân. Sels waard er yn Switserlân berne en dêr ek grutbrocht. As bern krige er ûnderwiis yn it spyljen op de lute en song er yn it tsjerkekoar. Yn 'e âldens fan fyftjin learde er fan syn broer de earste gitaarakkoarden spyljen. Njonken syn musikale karriêre studearre Gross psychology oan de universiteit fan Basel.

Karriêre

Om't er it eins net oandoarde syn wurk foar syn freonen út te fieren, brocht er syn earste lieten ûnder in pseudonym op Youtube út. Hy krige sa'n soad positive reaksjes, dat er him opjoech foar de "Swiss Talent Award". Yn 2015 mocht er optrede yn in talintejacht fan it Switserske tillefyzje-programma "Hello Again". It Switserske publyk rôp Gross út ta Hello Again Newcomer 2015. Sûnt 2016 hied er foar it earst in platekontrakt by it label Ariola/Sony Music en op 24 maart 2017 kaam syn debútalbum "Rückenwind" út. Dêrnei folgen in rige konserten yn Switserlân, Eastenryk en Dútslân.

Mei "Stars um 10 Hautnah" sette Vincent Gross op 20 septimber 2020 útein mei in eigen Live-Talk-Format op "Schlager für alle", dêr't er alle sneins in soad gasten út de muzyk, de sport en de maatskippij ûntfangt.

Keppeling om utens

Tags:

BaselSwitserlân

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

23 aprilBrazilian waxT-sekshâldingFryske gemeentenBotswanaOlivier van de VoortManDomtsjerke fan PisaHans WiegelKelsi MonroeFerspriedingsgebietYouTubeDútskKascha PapillonBasilyk fan San Marco22 jannewarisHenk de VriesSijtse JansmaWyt-RuslânWringedierenJoadedomLeppeltsje-leppeltsjeRedbadStomme filmList fan lannen en territoariaWolf1976FellatioH.G. WellsLietYndoneezjeKonsonantHaadwurdPentagrampuzelJeraazjeSensual JaneDierenMarina ViscontiSineeske kalinderKreakbienfiskenLibanonLatynFSkottenPearsBarry Hay1927BangladesjJierOarehelte18 febrewarisGûatemalaDresdenSjongerFrysktalige WikipedyKeunsttaalSiselTennessee Orange5 augustusUMoskouDuët19431822PornofilmKristlik Frysk Selskip1 junyEmiel Stoffers🡆 More