Lêstekens: punt fraachteken útropteken
… |
skrapke of komma apostrof breedteken of kapke
|
De ûnderbrekkingsstippen (Nederlânsk: beletselteken) binne in lêsteken fan trije puntsjes (…). De ûnderbrekkingsstippen wurde ek wol trochrinpuntsjes neamd en tsjutte in ellips oan; jo hawwe it ek wol oer puntsjepuntsjepuntsje. As de ûnderbrekkingsstippen oan de ein fan in sin steane, komt der net nochris in punt efter: En doe waard it stil …
It teken wurdt brûkt:
De ûnderbrekkingsstippen wurde wolris ellips neamd, oan de iene kant troch it lykjen op it Ingelske ellipsis en oan de oare kant troch it brûken yn in ellips.
Umberto Eco hat yn Op reis met een zalm in essee skreaun oer de ûnderbrekkingsstippen. Neffens him ûnderskied in minne skriuwer him fan in goede troch it in soad brûken fan dit lêsteken. De emosjonele toan yn it wurk fan de Frânske skriuwer Louis Ferdinand Céline, in srkiuwer dy’t krekt gauris priizge wurdt om syn styl, wurdt mei berikt troch it faak brûken fan de ûnderbrekkingsstippen.
Hoewol’t yn programmeartalen ek trije puntsjes brûkt wurde foar in beskate funksjonaliteit is dy notaasje troch de bank nommen net út te wikseljen mei de ûnderbrekkingsstippen yn Unicode (U+2026). Ek is it by programmeartalen meast gjin needsaak om spaasjes oan wjerskanten fan de trije puntsjes te setten.
Yn de programmeartalen CIC, C++ en Java wurde de trije puntsjes brûkt yn de deklaraasje fan in funksje dy’t inkeld mei mear en inkeld mei minder arguminten oanroppen wurdt. Dêrfoar wurde yn it prototype yn de funksjedeklaraasje nei (eventueel) in tal arguminten dy’t altyd meijûn wurde moatte de eventuele fierdere arguminten oanjûn mei trije puntsjes.
By it brûken fan dy fasiliteit kin de compiler net beöardielje oft it eigentlike tal arguminten kloppet, en sil ûnder it rinnen fan it programma neffens de iene of d’oare konfinsje oanjûn wurde moatte hoefolle arguminten der werklik binne. It bekendste foarbyld binne (standert)rûtines as (s)printf:
int sprintf(char * buffer , char * formatstring , ... );
Hjir moat it tal arguminten dat yn it plak fan de trije puntsjes ynfolle wurde oerienkomme mei it tal prosinttekens (dy’t in printformaat oanjouwe) yn formatstring. Binne der minder dan kin it programma fêstrinne, binne der mear, dan wurde se negearre. Lykas sein kin de kompjûter dat net neigean.
Yn Perl is ... in “berik”-operator dy’t in boolean opsmyt en gewoanwei brûkt wurdt om te easkjen dat it aktuele rigelnûmer binnen in beskaat berik falt; bygelyks:
printet de rigels 5 o/m 18 út de ynfier ôf.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Underbrekkingsstippen, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.