Turku

Turku (Sweedsk: Åbo) is in stêd yn it súdwesten fan Finlân, en leit oan de mûning fan de rivier de Aura yn de Eastsee; it is de haadstêd fan de regio Varsinais-Suomi.

Turku fierde yn 1979 syn 750-jierrich bestean. Mei likernôch 180.000 ynwenners is Turku op fjouwer nei de grutste gemeente fan it lân, mar it stedsgebiet jildt nei Helsinky en Tampere as op twa nei it wichtichste fan it lân.

Turku
Turku
Flagge Wapen
Turku Turku
Polityk
Lân Turku Finlân
Provinsje West-Finlân
Gemeente Turku
Sifers
Ynwennertal 184.190 (2013)
Oerflak 306,36 km² (lân en wetter)
Befolkingstichtens 749,75 / km²
Stêdekloft 315.751 (2013)
Hichte 10 m
Oar
Stifting 13e iuw
Tiidsône UTC+2
Simmertiid UTC+3
Webside www.turku.fi
Turku
Plak fan de gemeente Turku yn Finlân
Turku
De Aura ûnder Turku

Turku is in twatalige gemeente mei Finsk as mearderheidstaal (± 89%) en Sweedsk as minderheidstaal.

Yn 2011 wie de unversiteitsstêd Turku tegearre mei Tallinn de kulturele haadstêd fan Europa.

It besjen wurdich

  • De grutte katedraal waard yn 1300 ynwijd.
  • It ek 13e iuwsk kastiel, dat yn 1614 ôfbaarne en yn 1961 fannijs boud waard, is no in histoarysk museum.

Underwiis

Turku hat twa universiteiten: de Finsktalige Universiteit fan Turku, oprjochte yn 1920, en de iennige Sweedsktalige universiteit fan it lân, Åbo Akademi, oprjochte yn 1918. Njonken dat hat de stêd in tal hegeskoallen (wêr't de grutste fan Finlân by sit) en de Turku School of Economics and Business Administration.

Berne yn Turku

  • Abraham Niclas Edelcrantz (1754-1821), baron en dichter
  • Johan Gadolin (1760-1852), skiekundige, natuerkundige en mineralooch
  • Rafael Erich (1879-1946), politikus, diplomaat en heechlearaar
  • Mauno Koivisto (1923), politikus
  • Pertti Jalava (1960), komponist en musikus
  • Marko Kitti (1970), skriuwer

Tags:

1979EastseeFinlânHelsinkySweedskTampere

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Genetyske technologyKalkuttaMinnie BeetsSan Lorenzo fuori le muraAmerikaanske LegerWikidataTûla (oblast)SpulWinteroarlochKeallepoatBestjoerKanonike evangeeljesKaliningrad (oblast)Jezus Kristus (kristlik-tradisjoneel)Wite Tongersdei1993Noardatlantyske FerdrachsorganisaasjeBasketbal op de Olympyske Simmerspullen 2000SkotlânMegan SalinasRuslânHasmoneeërsRoeien op de Olympyske Simmerspullen 1964Hydraulic fracturingFrânskFazanteftigenIsambard Kingdom BrunelVastoKristendomRichard Francis BurtonWrâldkampioenskip fuotbal 1994FryslânAmazon.comKoeweitFeriene KeninkrykStanderttype GLSNoardlike NjonkenlinenSekshâldingUnderwiisGrutte Merk (Brussel)RomeMystyk1990Petsjerkski Himelfeart-kleasterTomsk (oblast)Roeien op de Olympyske Simmerspullen 19881562FlearmûzenSonarLuna SilverKoergan (oblast)GoudEarste Wrâldkriich34Wrâldkampioenskip fuotbal 1998ChewbaccaKazachstanAustraalje (lân)Boccia op de Paralympyske SimmerspullenMichael JordanEastblokNederlânLynsey de PaulSinkiangVienna BlackFryske talenRjochtsaak🡆 More