Noardlike Njonkenlinen

Under de namme Noardlike Njonkenlinen wurde de sân net-elektrifisearre spoarlinen foar reizgersferfier yn de provinsjes Fryslân en Grinslân oantsjutten.

Noardlike Njonkenlinen
Noardlike Njonkenlinen
Noardlike Njonkenlinen
Blauwe Ingel
Noardlike Njonkenlinen
Waadrinner
Noardlike Njonkenlinen
Spurt
Noardlike Njonkenlinen
Wink

Linen

    Fryslân
    Grinslân
    Treinen op de Noardlike Njonkenlinen

Treinskema op de Noardlike Njonknlinen

Rûte Tsjinst Undernimmer Tsjinstroaster
Ljouwert - Grins Flugge trein Arriva stoppet 2x it oere yn Feanwâlden en alternearjend yn Bûtenpost en Súdhorn
Ljouwert - Grins Stoptrein Arriva Jûns ride fan moandeis o/m sneons inkelde ekstra treinen tusken Súdhorn en Grins.
Ljouwert - Harns Haven Stoptrein Arriva
Ljouwert - Snits Stoptrein/Flugge trein Arriva Rydt yn de rêstige oeren en sneons oerdeis as stoptrein RS3, dy't yn Mantgum stoppet.
Rydt yn de spitsoeren as flugge trein RE3, dy 'net yn Mantgum stoppet. Rydt net jûns nei 20:00 en sneins.
Ljouwert - Snits - Starum Stoptrein Arriva
Grins - Delfsyl Stoptrein Arriva
Grins - Roodeschool - Iemshaven Stoptrein Arriva Fjouwer/fiif treinen deis fan en nei Iemshaven
Grins - Wynskoat - Bad Nijeskâns Flugge trein Arriva Rydt inkeld yn de spitsoeren en rydt 1x/dei troch nei Bad Nijeskâns
Grins - Súdbroek - Wynskoat - Bad Nijeskâns Stoptrein Arriva
Grins - Súdbroek - Bad Nijeskâns - Weener - Lier Stoptrein Arriva Ek wol Wiederline neamd. Foar in skoft gjin treinferkear mooglik tusken Weener en Lier, omreden it opbouwen fan de Friezebrêge. Op dat trajekt rydt linebus 620 fan Weser-Ems Bus. Der ride ek Arriva bussen tusken Groningen en Lier VV.
Grins - Súdbroek - Feandam Stoptrein Arriva

Sjoch foar it meast aktuele tsjinstroaster op de side fan Arriva.

Skiednis

De line Harns – Ljouwert – Grins – Nijeskâns waard troch de Steat fan de Nederlannen oanlein as Steatsline B en in eksploitaasje jûn yn it tiidrek 1863 -1868. Trije jier letter, yn 1866, waard de line ferlinge nei Grins en yn 1868 waard de line ferlinge nei Nijeskâns by de Dútske grins. Yn 1884 waard de spoarline Grins – Delfsyl iepene en yn 1893 de sydtûke fan Sauwert nei Roodeschool. De spoarline Ljouwert – Starum waard yn 1883 -1885 yn gebrûk nommen troch de Hollandsche IJzeren Spoorweg-Maatschappij as part fan de ferbining tusken Amsterdam en de Fryske haaadstêd oer de rûte Amsterdam - Inkhuzen - Starum - Ljouwert. Tusken Inkhuzen en Starum wie der in feartsjinst oer de Sudersee. De spoarline Súdbroek – Feandam is ûnderdiel fan de spoarline Stedskanaal - Súdbroek en waard iepene yn 1910. De line waard yn 1953 foar reizgersferfier sletten, mar bleau yn gebrûk foar frachtferfier. Sûnt 2011 ride der út Grins wei wer reizgerstreinen nei Feandam. De line nei Roodeschool waard yn 2018 ferlinge oant Stasjon Iemshaven.

De line fan Grins nei Lier yn East-Fryslân krige in eigen namme: de Wiederline.

Yn 1999 waard de eksploitaasje fan de trije Fryske linen troch de Nederlânske Spoarwegen oan NoardNed, in bedriuw dêr't de NS ynearsten noch mei-eigener fan wie, oerdroegen. In jier letter waarden ek de trije Grinslânske linen oerdroegen. Sûnt 2003 binne alle oandielen yn eigendom fan Arriva. Yn desimber 2005 krige Arriva de konsesje foar fyftjin jier, oant desimber 2020, dy't dêrnei ferlinge waard oant 2035. De Waadrinners waarden yn 2006/07 ferfongen troch dielelektrysk ark, type GTW fan de Switserske fabrikant Stadler Rail. Dy treinstellen waarden troch Arriva de Spurt neamd. Dêr waarden yn 2021 hybride treinstellen fan it type Arriva WINK, ek fan Stadler, oan taheakke.

Keppeling om utens

Tags:

Noardlike Njonkenlinen LinenNoardlike Njonkenlinen Treinskema op de Noardlike NjonknlinenNoardlike Njonkenlinen SkiednisNoardlike Njonkenlinen Keppeling om utensNoardlike NjonkenlinenFryslânGrinslân

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

TwitterJoyce OliveiraMaserati XXX20e iuwFuotbal op de Olympyske Simmerspullen 1952Johan Kaartpriis8 desimberSjongfûgels1769Keninkryk FryslânÛndersoarteJureka del MarCassandra WildeGrutte-boarstesjenreNoardfryskWurdfrisselAeolus SeisbierrumSimone WestWielenpôleMarika FruscioFrans Julius Johan van Eysinga (1818-1901)1981KanieldoJan Hepkes WoudaLiifmoerTonger (god)San DiegoYslânSkiermûntseach1907PearsFrysk2010-er jierrenEliaMarijn KuipersWindhoekFilosofySensual JaneAdam en EvaFranklin D. RooseveltJacht (aktiviteit)Pablo PicassoKroandowenSkotskRommert de BreeTer AardNRJ Music Award1901GazastripeSophie Hilbrand15 aprilLofthaven EeldeMirka Antolović-TipurićRôfdierHeipealhâldingLongûntstekkingKoeweit (stêd)DetroitPsychologyIngeborg Uyt den BoogaardDo-eftigenGrykskSherlock HolmesJustin SlayerJarrePreeti en Priya Young1482GoudPrêrjewolf🡆 More