Telemark

Telemark (Noarske útspr.: , likernôch: tee-luh-mork) is in provinsje, tradisjonele regio en kiesdistrikt fan Noarwegen.

Telemark
Telemark
De stêd Rjukan (yn 'e delling) en de berch Gaustatoppen yn Opper-Telemark.
Telemark Telemark
Lân Flagge fan Sweden Noarwegen
Nûmer NO-08
Lânsdiel Østlandet
Haadplak Skien
Oerflak 15.299 km²
- lân 13.854 km²
- wetter 1.445 km²
Ynwennertal 173.355 (2020)
Befolkingstichtens 11,3 ynwenners/km²
Tiidsône UTC+1
- simmertiid UTC+2
Telemark
Webstee: www.telemark.no

It leit yn it suden fan it lân, yn it lânsdiel Østlandet. De haadstêd is Skien, en it hat goed 173.000 ynwenners. Telemark wie in provinsje fan Noarwegen oant it yn 2020 mei de buorprovinsje Vestfold opgie yn 'e nije fúzjeprovinsje Vestfold en Telemark. Dy waard lykwols op 1 jannewaris 2024 wer opheft, wêrby't Telemark wer ferselssannige waard.

Etymology

De namme 'Telemark' giet werom op 'e Telen (Noarsk: Thelir; Aldnoarsk: Þilir), in Noardgermaanske stamme dy't de krite bewenne sûnt it Grutte Folkeferfarren. De Aldnoarske foarm foar 'Telemark' wie Þelamǫrk, wêrfan't it earste diel in genityf meartal fan Þilir is, wylst it efterheaksel -mǫrk in oantsjutting is foar "beboske lân".

Geografy

Telemark leit yn it suden fan Noarwegen en strekt him út fan 'e bergen fan it Hardangerplato yn it noarden oant de kust fan it Skagerrak yn it suden. It gebiet beslacht in oerflak fan 15.299 km², wêrfan't 13.854 km² út lân bestiet en 1.445 km² út oerflaktewetter. De krite wurdt begrinzge troch de oanbuorjende tradisjonele regio's en eardere provinsjes Vestfold, Buskerud, Hordaland, Rogaland en Aust-Agder. Telemark omfiemet in ferskaat oan lânskipstypen, fariëarjend fan fjorden, wâlden en djippe marren ta bergen, dellingen en heechflakten.

Telemark 
De 13e-iuwske Steaftsjerke fan Eidsborg, yn Tokke, yn Opper-Telemark.

Telemark wurdt fierders opmakke út ferskate histoaryske regio's, wêrfan't de wichtichsten Opper-Telemark en Grenland binne. Opper-Telemark beslacht it noardlike en noardwestlike fjouwerfyfdepart fan it gebiet, dat it bercheftichst is. Oarspronklik hiet dat gebiet simpelwei Telemark. Grenland wie oarspronklik in beneaming foar wat no Midden-Telemark hjit, mar ûntjoech him meitiid ta de namme fan 'e fjordekust om 'e wichtige havenstêd Skien hinne.

Skiednis

Telemark ûntstie yn 'e Lette Midsiuwen yn it feriene Keninkryk Denemark-Noarwegen as it lien Bratsberg, dat ferneamd wie nei de pleats dêr't de gûverneur residearre. Mei de yntroduksje fan 'e absolute monargy, yn 1662, waard it in provinsje fan Noarwegen, mei as haadplak de havenstêd Skien. Yn 1919 waard de provinsje omneamd ta Telemark, nei't it Storting, it Noarske parlemint, dêrta yn 1918 besletten hie.

It gebiet wie hiel behâldend, wat ta utering komt troch it feit dat de dialekten fan it Noarsk dy't yn Opper-Telemark sprutsen wurde, noch it measte op it Aldnoarsk lykje. Behalven wat taal oangie, gou it konservatisme ek op mêden as religy en maatskiplike noarmen en wearden. Sa holden de bewenners der langer fêst oan earst it Germaanske heidendom en letter it roomsk-katolisisme as yn oare dielen fan Noarwegen. Skien wie nei de Midsiuwen iuwenlang de wichtichste havenstêd fan Noarwegen, oant syn ynfloed op 'e seefeart en de hannel nei ôfrin fan 'e Napoleontyske Oarloggen begûn te belúnjen.

Opper-Telemark, en yn 't bysûnder Kviteseid, stiet bekend as it berteplak fan it skyen as moderne sport. Telemark hat syn namme ek jûn oan it telemarkskyen, in styl dy't ûntwikkele waard troch Sondre Norheim, en oan 'e karakteristike telemarklâning by it skyskânsspringen.

Yn 1943 en 1944 wie de provinsje Telemark it toaniel fan 'e ferneamde swierwettersabotaazje, wêrby't it Noarske ferset it atoomprogamma fan nazy-Dútslân in stôk yn 'e speaken stiek.

Yn 2020 gie Telemark mei de oanbuorjende provinsje Vestfold op yn 'e nije fúzjeprovinsje Vestfold og Telemark. Dat joech oanlieding ta sa'n trelit, dat de provinsjale folksfertsjintwurdiging fan Vestfold og Telemark by in Noarske regear in fersyk yntsjinne om 'e fúzje werom te draaien. De folksfertsjintwurdigings fan hast alle oare nije fúzjeprovinsjes diene itselde. Doe't nei ferkiezings in nij regear oan 'e macht kaam yn Oslo, waarden sadwaande mei yngong fan 1 jannewaris 2024 de measte provinsjale fúzjes út 2020 weromdraaid. Sa waard Telemark wer in selsstannige provinsje.

Demografy

Neffens offisjele gegevens fan 'e Noarske oerheid út 2020 hie Telemark doe in befolking fan 173.355 minsken. De befolkingstichtens bedroech dêrmei 11,3 minsken de km². De grutste plakken yn Telemark binne: Skien, Porsgrunn, Notodden, Rjukan en Kragerø.

Bestjoerlike yndieling

Telemark 
De Nissermar.
Telemark 
Winter yn Opper-Telemark.
rang gemeente befolking oerflak yn km² distrikt
1 Telemark  Skien 54.942 722 Grenland
2 Telemark  Porsgrunn 36.397 161 Grenland
3 Telemark  Bamble 14.061 282 Grenland
4 Telemark  Notodden 13.049 856 Aust-Telemark
5 Telemark  Midt-Telemark 10.444 518 Midt-Telemark
6 Telemark  Kragerø 10.380 289 Vestmar
7 Telemark  Nome 6.515 389 Midt-Telemark
8 Telemark  Tinn 5.691 1.858 Aust-Telemark
9 Telemark  Drangedal 4.060 998 Vestmar
10 Telemark  Vinje 3.676 2.740 Vest-Telemark
11 Telemark  Seljord 2.888 672 Vest-Telemark
12 Telemark  Kviteseid 2.403 626 Vest-Telemark
13 Telemark  Siljan 2.340 203 Grenland
14 Telemark  Tokke 2.201 907 Vest-Telemark
15 Telemark  Hjartdal 1.573 741 Aust-Telemark
16 Telemark  Nissedal 1.448 789 Vest-Telemark
17 Telemark  Fyresdal 1.287 1.110 Vest-Telemark
totaal Telemark  Telemark 173.355 13.173

Keppelings om utens

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


 
Provinsjes fan Noarwegen
Telemark 
Agder • AkershusBuskerudFinnmark • Innlandet • Møre og Romsdal • Nordland • OsloRogalandTelemark • Troms • Trøndelag • Vestfold • Vestland • Østfold
Eardere provinsjes
Aust-AgderBergen • Hedmark • Hordaland • Nord-Trøndelag • Oppland • Sogn og Fjordane • Sør-Trøndelag • Troms og Finnmark • Vest-Agder • Vestfold og Telemark • Viken

Tags:

Telemark EtymologyTelemark GeografyTelemark SkiednisTelemark DemografyTelemark Bestjoerlike yndielingTelemark Keppelings om utensTelemark Sjoch ekTelemark1 jannewaris20202024HaadstêdKiesdistriktLânsdielen fan NoarwegenNoarskNoarwegenProvinsjeProvinsje fan NoarwegenRegioSkien (Noarwegen)SudenTradysjeØstlandetÚtspr.

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

311939Yndo-Jeropeeske talenBarranquillaCowgirlhâldingSily7833Gregoriaanske kalinder95Michelle TuckerNij-KaledoanjeCayden MooreEls PerdokMarcel JancoJunyKasinoKragujevacQSovjet-UnyKanada$Wilfred GeneeA Bridge Too Far (film)Sekshâlding1874U99OklahomaKristusRavensbrückGeweld193430 jannewarisKing of Kings (film út 1961)LitouskEve MadisonHaskerlânTMonargy1906PortegeeskSan FranciscoKeulenDrankbestriding9 maart19881966Shay FoxWetDútske Demokratyske RepublykIuwZheng He1970-er jierren26Salomon LevySinkSarah BernhardtWikipedyIlse DeLange2023Koreaansk18092018FKavaleryBangladesj1844TaalKoloanje2013🡆 More