Noard

Noard of it noarden is in wynstreek en ien fan 'e fjouwer haadwynstreken, njonken east, súd en west.

De namme komt fuort út it Proto-Germaanske *norþ-, fan it Proto-Yndo-Jeropeeske *nórto-s, dat safolle betsjut hawwe moat as "ûnder wetter strûpt", in ferbûging fan 'e woartel *ner-: "lofts", "derûnder", yn dit gefal "lofts fan de opgeande sinne". It eigenskipswurd fan noard is noardlik, mar ek boreaal (út it Gryksk). It noarden is it tsjinstelde fan it suden, en jout de rjochting fan 'e Noardpoal oan. Om't foar de rjochtingsbepaling ornaris in magnetysk kompas brûkt wurdt, en de magnetyske noardpoal net alhiel itselde is as de geografyske noardpoal, ûnderskiedt men it geografyske noarden fan it magnetyske noarden. Fierder is der ek yn 'e astronomy in noardrjochting, it astronomyske noarden, definiëarre.

Noard
In 16-puntige kompasroas, mei it noarden oanjûn yn read.

Ferskillende noardrjochtings

It geografyske noarden of wiere noarden is de rjochting fan 'e geografyske noardpoal. Dêrfan ôflaat is de term kaartnoarden, mei't op lânkaarten it noarden altyd de boppe is, en it suden ûnder. Sadwaande sprekt men by it lêzen fan in wrâldkaart fan it noarden as men it oer it noardlik healrûn hat. Dêrfan útgeande soe men de geografyske noardpoal omskriuwe kinne as de presize top fan 'e Ierde.

It magmetyske noarden is de rjochting yn it horizontale flak fan 'e fjildrjochting fan it ierdmagnetysk fjild, de magnetyske meridiaan. De magnetyske noardpoal befynt him yn it noarden fan 'e Kanada, earne yn 'e Arktyske Arsjipel, mar de lokaasje derfan kin net sekuer werjûn wurde om't dy allegeduerigen justjes ferskoot. Trochdat de magnetyske noardpoal net gearfalt mei de geografyske noardpoal, wiist de fjildrjochting fan it ierdmagnetysk fjild net oeral nei it wiere noarden. Dy saneamde deviaasje is it ferskil tusken de magnetyske meridiaan en de geografyske meridiaan. Yn Nederlân bedraacht dizze deklinaasje likernôch 0,5° yn westlike rjochting, mar yn oare súdliker leine gebieten komme miswizings fan oant wol 30° foar, wylst yn it hege noarden de ôfwiking sa ekstreem wêze kin dat in magnetysk kompas net mear brûkber is.

It astronomyske noarden is de rjochting fan 'e noardlike himelpoal. Dat komt rûchwei del op 'e rjochting fan 'e Poalstjer.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

AstronomyEastEigenskipswurdGeografyGrykskHaadwynstreekKompasMagnetyske noardpoalNammeNoardpoalProto-GermaanskProto-Yndo-JeropeeskSudenSúdWestWynstreek

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

KollumFriezen15e iuwLexxxi LockhartMia LiBelestingCreative Commons1939WolverinePreeti en Priya YoungSavannah GoldHaadsideFryske mytologyGrutte Heitelânske KriichJarretankSkaai (taksonomy)MadagaskarTaeke Jitze BotkeFilipinenBad Samaritan (film)ThundermotherMina LuxxFellatioWim KanTurkske toartelVanessa SkySeksuele penetraasjeBedrigingNigeariaMichiganAnne Tjerk PopkemaBang BrosBurj KhalifaIngeborg Uyt den BoogaardRoemeenskInes RidereKya TropicPriya Price17692000Sasha BeartJulianna VegaGoudJapanEelde8 augustusBoarstferlytsingBitcoinZevenhuizen (Westerkertier)Mount RushmoreItalyske talenLeppeltsje-leppeltsjePake en beppeSimone WestWikidataNeakenensRicki RaxxxBrazilian waxNoelle EastonCharles Robinson (yllustrator)16 aprilAnusCarles PuigdemontPûn sterlingJezus (tradisjoneel-kristlik)Pablo Picasso1 febrewarisLeilani Vega🡆 More